Pornoakteur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Pornografysk aktrise to Pornoakteur: alle oare beroppen hawwe yn 'e Wikipedy de manlike foarm
L oanfolling
Rigel 1:
[[File:Nyomi Banxxx 2009.jpg|right|thumb|180px|De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[pornoaktrise]] [[Nyomi Banxxx]].]]
In '''pornografysk aktrise''' (of '''pornografysk akteur''') is in frou (of in man) dy't in [[pornografy]]ske rol spilet yn in film, ornaris in [[pornografyske film]]. Yn de measte films binne hja foar de measte tiid neaken en spylje sekssênes. Faak hawwe pornografyske aktrises in spesjaliteit binnen it sjenre, en binne hja allinnich bekend by leafhawwers fan dy spesjaliteit.
In '''pornoakteur''' of '''pornoaktrise''' (koart foar '''pornografysk akteur''' of '''pornografysk aktrise''') is immen dy't in [[pornografy]]ske rol spilet (d.w.s. dy't [[seks]]uële ferrjochtings docht) yn in [[film]], dat ornaris in [[pornografyske film]] wêze sil. Om't sokke pornofilms besykje om in oansprekkende [[seksuële fantasij]] ta libben te bringen, wurde pornoakteurs benammen selektearre op lichaamlike skaaimerken dy't by sa'n soarte fantasij passe. It fermogen om wier [[aktearjen|aktearje]] te kinnen is dêroan ûnderhearrich. Dat wol net sizze dat pornoakteurs net hoege te aktearjen, sa't gauris beweard wurdt. Want allinnich al om oertsjûgjend te bearen dat men mei immen seks hawwe wol dy't men eins kâld lit of miskien wol net lije mei, ûnoantreklik fynt of sels net útstean kin, is op himsels al in flinke aktearprestaasje.
 
==Ferneamde pornoakteurs==
[[File:Lisa Ann as Paylin 2010.jpg|thumb|left|upright|Pornoaktrise [[Lisa Ann]] waard tusken [[2008]] en [[2011]] by in breder publyk bekend as 'Serra Paylin', in [[parody]] op 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] fise-presidints-kandidate [[Sarah Palin]].]]
Om't de [[porno]]yndustry him benammen rjochtet op [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] [[man (sekse)|manlju]], binne it de pornoaktrises dy't yn 'e regel fierwei it bekendst en populêrst binne. By pornografyske films ûnderskiedt men de haadkategoryen [[sêfte pornografy]] of ''softcore'' en [[hurde pornografy]] of ''hardcore''. By sêfte pornografy hawwe de akteurs gjin wier [[geslachtsferkear]] mei-inoar, mar simulearje se dat allinnich mar. By hurde pornografy fynt wier geslachtsferkear plak. Foarbylden fan ferneamde ''softcore''-aktrises binne [[Sylvia Kristel]] en [[Laura Gemser]], dy't yn 'e [[1970]]-er jierren de haadrol hiene yn 'e ''Emanuelle''-rige, resp. de ''Black Emanuelle''-rige.
 
Oer it algemien wurde ''softcore''-aktrises lykwols mar selden sa bekend en populêr as dat ''hardcore''-aktrises faak wurde. Guon bekende [[Nederlân]]ske ''hardcore''-aktrises binne [[Kim Holland]], [[Bobbi Eden]] en [[Zara Whites]]. It sintrum fan 'e wrâldwide pornoyndustry is súdlik [[Kalifornje]]. Sadwaande binne beskate [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] pornoaktrises bekend wurden oer de hiele wrâld. Guon fan harren hawwe sels de oerstap (''[[crossover (pornografy)|crossover]]'') witten te meitsjen nei de ''mainstream''-entertainmentyndustry, lykas [[Jenna Jameson]], [[Jesse Jane]], [[Tera Patrick]], [[Lisa Ann]], [[Nikki Benz]] en [[Mary Carey (pornografysk aktrise)|Mary Carey]]. Foarbylden fan manlike pornoakteurs dy't itselde dien hawwe, binne [[Ron Jeremy]] en [[Seymore Butts]].
 
==Spesjaliteiten==
Faak hawwe pornoakeurs in spesjaliteit binnen it sjenre, en binne hja allinnich bekend by leafhawwers fan dy spesjaliteit. Dêrby kin men yn it foarste plak tinke oan [[lesbiënne|lesbyske]], [[homoseksualiteit|homoseksuële]], [[biseksualiteit|biseksuële]] of [[transseksualiteit|transseksuële]] pornografy. Mar ek binnen de heteroseksuële pornografy besteane subsjenres, lykas [[orale seks]], [[anale seks]], [[dûbele penetraasje]], [[ynterrasiale pornografy]], [[negroïde ras|''ebony'']]-pornografy, [[mongoloïde ras|Aziatyske]] pornografy, [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-pornografy, [[milf]]- en ''[[cougar (sprektaal)|cougar]]''-pornografy, [[gangbang]]-pornografy, [[bondaazje]], [[parody]]en, ensfh. Los fan it sjenre wurdt fan pornoakteurs yn 'e regel ferwachte dat se in grut part fan 'e tiid neaken foar de [[kamera]] omspringe.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Pornographic_film_actor ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Porn stars}}
}}
 
[[Kategory:Pornoakteur| ]]