Hikke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
red hiele side, oanf.
Rigel 1:
[[File:Nationaal Park De Alde Feanen. Locatie, It Wikelslân 03.jpg|right|300px|thumb|In hikke yn it [[Nasjonaal Park De Alde Feanen]].]]
In '''Hikke''' is staketsel fan meastal planken om in stik lân mei ôf te sluten.<br />
In '''hikke''' is [[stek (ôffreding)|stek]] fan [[hout]] dat fan âlds yn [[Fryslân]] (miskien fral op 'e [[Klaaistreek|Klaai]]) brûkt wurdt om [[sleat]]sdammen mei ôf te sluten. In hikke bestiet almeast út fiif of seis horizontale en trije oant fjouwer fertikale planken. De boppeste horizontale 'planke' is yn 'e regel eins in balkje. Soms binne der foar de stevichheid noch in pear planken diagonaal tafoege.
Der binne yn [[Fryslân]] in protte soarten (sjoch: [[wringe]] ), yn [[de Wâlden]] meastentiids tige ienfâldich: "In peal mei in prikke is in wâldmanshikke".
 
In Hikke om in boerehiem of state mei ôf te sluten, of fan lân oan de iepenbiere dyk, wurdt in [[Hamei]], [[Hameie]], [[Homei]] of [[Homeie]] neamd ([[Biltsk]]: "[[Hogemei]]" út it Frânske 'hamée'). De homeie komt foar yn âlde hierkontrakten. Se moast troch de pachter ûnderhâlden en by it ferhúzjen oan de opfolger oerdroegen wurde, inkeldris tsjin de rûsde wearde.
Hikken wurde oerdwers op 'e daam setten en oan wjerskanten mei [[tou]]wen fêstbûn oan 'e [[peal|daamspeallen]]. Oan 'e hikke wurde de touwen fêstmakke oan 'e beide uterste fertikale planken. It horizontale plankwurk stekt dan noch sa'n 30&nbsp;sm út, wat faak genôch is om 'e daam hielendal ôf te sluten foar [[bist]]en, hoewol't [[minske]]n har der dan yn 'e regel noch wol boppe de [[sleat]] lâns omhinne swinge kinne troch har goed oan 'e daamspeal fêst te hâlden. By âldere dammen, dy't fansiden gjin [[beton]]platen hawwe, moatte loft en rjochts yn 'e [[ûnderwâl]] faak noch in pear lytsere stekjes tafoege wurde tusken de sleatskant en daamspeal.
 
By hikken dy't op dammen oanbrocht binne dêr't relatyf in protte ferkear te ferwachtsjen is, lykas yn [[natoer]]gebieten, leannet it om metalen knieren oan te bringen dêr't se op draaie kinne. De hikspeallen moatte dan wol fan in swierder kaliber wêze as dat gebrûklik is, mei't it hiele gewicht fan 'e hikke dan op ien peal rêst as de hikke iepen stiet. Ornaris wurde hikken lykwols iepene en sletten troch oan ien kant it tou los te meitsjen en se iepen te draaien troch de oare daamspeal mei touwen as [[knier]] te brûken. Om't se breder binne as de romte tusken de peallen, kinne hikken mar ien kant út iepene wurde. [[Boer]]en ergerje har faak grien en blau oan [[doarp]]slju of [[stedsjer]]s dy't om 'e iene of de oare reden op har lân wêze moatte, en dan hikken wol iepen, mar net wer tichtdogge; as in hikke tichtbûn stiet, hat dat in reden.
 
Der binne yn [[Fryslân]] ferskate soarten hikken dy't ôfwike fan 'e standertfariant. Sa komt yn 'e [[Wâlden]] bygelyks de [[wringe (stek)|wringe]] foar. Dat is in tige ienfâldige fariant fan 'e hikke, mei't men yn 'e Wâlden seit: "In peal mei in prikke is in wâldmanshikke". Fierders wurdt in hikke om it [[hiem]] fan in [[pleats|boerepleats]] of in [[state]] mei ôf te sluten fan 'e [[ferhurde wei|iepenbiere dyk]] in [[homeie]], hameie, homei of hamei neamd ([[Biltsk]]: ''hogemei'', fan it [[Frânsk]]e ''hamée''). De homeie komt foar yn âlde [[hier]]kontrakten; hy moast troch de [[pachter]] ûnderholden en by it ferhúzjen oan 'e opfolger oerdroegen wurde, inkeldris tsjin de rûsde wearde.
 
== Sjoch ek ==
* [[Homeiepeallenstek (ôffreding)]]
* [[homeiepeallen]]
* [[wringe (stek)]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
== Boarne ==
* {{Aut|Brouwer, J.H. (red.)}}, [[Encyclopedie van Friesland]], -Amsterdam, 1958 (Elsevier), sûnder ISBN.
}}
 
[[Kategory:Feehâlderij]]