Hikke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L noch in plaatsje
Rigel 3:
 
Hikken wurde oerdwers op 'e daam setten en oan wjerskanten mei [[tou]]wen fêstbûn oan 'e [[peal|daamspeallen]]. Oan 'e hikke wurde de touwen fêstmakke oan 'e beide uterste fertikale planken. It horizontale plankwurk stekt dan noch sa'n 30 sm út, wat faak genôch is om 'e daam hielendal ôf te sluten foar [[bist]]en, hoewol't [[minske]]n har der dan yn 'e regel noch wol boppe de [[sleat]] lâns omhinne swinge kinne troch har goed oan 'e daamspeal fêst te hâlden. By âldere dammen, dy't fansiden gjin [[beton]]platen hawwe, moatte loft en rjochts yn 'e [[ûnderwâl]] faak noch in pear lytsere stekjes tafoege wurde tusken de sleatskant en daamspeal.
[[File:Westtown.jpg|left|thumb|200px|Dit liket op in hikke, mar is fiersten te lang, en moat dêrom in [[stek (ôffreding)|stek]] neamd wurde.]]
 
By hikken dy't op dammen oanbrocht binne dêr't relatyf in protte ferkear te ferwachtsjen is, lykas yn [[natoer]]gebieten, leannet it om metalen knieren oan te bringen dêr't se op draaie kinne. De hikspeallen moatte dan wol fan in swierder kaliber wêze as dat gebrûklik is, mei't it hiele gewicht fan 'e hikke dan op ien peal rêst as de hikke iepen stiet. Ornaris wurde hikken lykwols iepene en sletten troch oan ien kant it tou los te meitsjen en se iepen te draaien troch de oare daamspeal mei touwen as [[knier]] te brûken. Om't se breder binne as de romte tusken de peallen, kinne hikken mar ien kant út iepene wurde. [[Boer]]en ergerje har faak grien en blau oan [[doarp]]slju of [[stedsjer]]s dy't om 'e iene of de oare reden op har lân wêze moatte, en dan hikken wol iepen, mar net wer tichtdogge; as in hikke tichtbûn stiet, hat dat in reden.