Skriuwplankje fan Tolsum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Top8 (oerlis | bydragen)
lytse korreksjes yn taalgebrûk
Top8 (oerlis | bydragen)
idem
Rigel 4:
De oarspronklike ynterpretaasje, troch prefester [[Carl Wilhelm Vollgraff|C.W. Vollgraff]], wie dat der in keapkontrakt op stie, wêrby't Stelus, soan fan Riparius, foar 115 sestertiën in ko ferkocht oan Gargilius Secundus. Begjin 21e iuw waard oannimlik makke dat it it lêste part is fan in kontrakt dêr't in jildliening yn fêstlein wurdt, benammen dat dy oan de slaaf Carus werom betelle wurde soe.
 
De datum dat de ôfspraak optekene waard is ek bekend, nammentlik op [[23 febrewaris]] fan it konsultaat fan ''C. Fufius Geminus'', dat is it jier [[29]] nei Kristus.
 
Yn [[1888]] kaam by ôfgravings fan in terp by [[Bitgum]] de [[Hludana-stien]] oan it ljocht, dy ûnthjitstien is wijd oan de goadinne [[Hludane]]. Fan it skriuwplankje, mei de Hludana-stien, kin sein wurde dat dat bewizen binne fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten. Al binne skriftlike boarnen út in gebiet út dy tiid tige seldsum.