St. Louis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Sint-Louis to St. Louis over redirect: better
L red
Rigel 12:
Namme bestj. ienh. 1= [[File:Flag of Missouri.svg|20px]] [[Missoury]] |
Bestj. ienh. 2= Gemeente |
Namme bestj. ienh. 2= Sint-LouisSt. Louis|
Stifting= 1764 |
Tiidsône= [[UTC]]-6 |
Rigel 19:
Webside= [http://stlouis-mo.gov/ stlouis-mo.gov]|
}}
[[File:Map of Missouri highlighting Saint Louis City.svg|left|thumb|150px|De lizzing fan Sint-St. Louis yn 'e steat [[Missoury]].]]
'''Sint-St. Louis''' ([[Ingelsk]]:of '''Saint Louis''' of '''St(útspr.: [se:nt Louis'''lu:ɪs], likernôch: "seent lûû-is"; [[Frysk]]: Sint-Loadewyk) is in [[ûnôfhinklike stêd (Feriene Steaten)|ûnôfhinklike stêd]] (dy't dus gjin diel útmakket fan in ''county'') yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Missoury]]. Mei krapoan 320.000 ynwenners is it nei [[Kansas City (Missoury)|Kansas City]] de grutste stêd fan dy steat. As alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske krite meirekkene wurde, komt it befolkingstal sels út op hast 2,8 miljoen minsken. Sint-St. Louis leit oan 'e eastgrins fan 'e Missoury, oan 'e rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]], justjes besuden it punt dêr't de rivier de [[Missoury (rivier)|Missoury]] dêryn útmûnet.
 
==Skiednis==
[[File:Apotheosis-of-saint-louis.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld (yn Sint-St. Louis) fan 'e hillich ferklearre kening [[Loadewyk IX fan Frankryk|Loadewyk IX]] fan [[Frankryk]], nei wa't Sint-St. Louis neamd is.]]
[[File:St louis.jpg|left|thumb|200px|In byld fan it sintrum fan Sint-St. Louis , mei op 'e eftergrûn de ''[[Gateway Arch]]''.]]
Sint-St. Louis leit yn it gebiet dat it sintrum wie fan 'e saneamde [[Mississippiaanske kultuer]] fan 'e [[Heuvelbouwers]]. Dat wie in heech ûntwikkele maatskippij dy't syn hichtepunt berikte tusken [[1000]] en [[1100]], mar dy't fan [[1150]] ôf yn it neigean rekke troch in feroarjend, droeger [[klimaat]], dat foar [[hongersneed]] soarge. Yn [[1541]] waard de krite foar it earst besocht troch in [[Jeropa|Jeropeeske]], [[Spanje|Spaanske]] ekspedysje, ûnder lieding fan [[Hernando de Soto]]. De ierste kolonisten, dy't har yn 'e 1690-er en 1700-er jierren yn it gebiet nei wenjen setten, wiene almeast [[Frankryk|Frânsen]], mei't wat letter de steat Missoury wurde soe, doe noch ta de grutte Frânske koloanje [[Louisiana (Frânske koloanje)|Louisiana]] hearde. Yn [[1764]] waard troch twa fan dy Frânske kolonisten, [[Pierre Lacècle]] en dy syn styfsoan [[Auguste Chouteau]], in delsetting stifte dy't se ''Saint-Louis'' neamden, nei [[Loadewyk IX fan Frankryk|Loadewyk IX]], de iennichste Frânske kening dy't [[hillige|hillich ferklearre]] is.
 
It jonge Sint-St. Louis dielde yn 'e lotgefallen fan hiele Louisiana, dat yn [[1764]] yn Spaanske hannen kaam, en ûnderdiel waard fan it ûnderkeninkryk [[Nij-Spanje]] (it hjoeddeiske [[Meksiko]]). Yn [[1800]] moasten de Spanjerts it wer ôfstean oan Frankryk, mar [[Napoleon]], dy't doe yn [[Parys]] de leie yn 'e hannen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn in die dy't yn Frankryk noch altiten beskriemd wurdt, besleat er genoegen te nimmen mei it op ien nei bêste, en ferkocht er hiele Louisiana (dat fan 'e Mississippy-mûning by [[New Orleans]] oant de [[Kanada|Kanadeeske]] grins rikte) oan in oare fijân fan 'e Britten: de Feriene Steaten. Dy saneamde [[Louisiana-oankeap]], út [[1803]], joech de Amerikanen de earste oanset ta wat se letter as harren lotsbestimming beskôgje soene, nammentlik om it [[Noard-Amearika|Noardamearikaanske kontinint]] fan kust ta kust te oerhearskjen.
 
De Amerikanen makke fan it sintraal leine Sint-St. Louis de haadstêd fan harren nije territoarium Louisiana, al waard dat al gau opspjalte yn in stikmannich lytsere territoaria. Fan Sint-St. Louis út sette yn [[1804]] de ferneamde [[Ekspedysje fan Lewis en Clark]] ôf, dy't de Feriene Steaten in earste glimp joech fan wat der tusken it troch harren al [[kolonisaasje|kolonisearre gebiet]] en de kust fan 'e [[Stille Oseaan]] yn lei. De earste [[steamboat]] arrivearre yn [[1818]] yn Sint-St. Louis, en fan doe ôf bestie der in relatyf flugge ferbining oer de Mississippy nei New Orleans, dat foar it hiele eardere Louisiana-territoarium de poarte nei de widere wrâld foarme. Yn [[1821]] waard Missoury as selsstannige steat talitten ta de Amerikaanske Uny, en doe waard de haadstêd ferpleatst nei it yn 'e midden fan 'e nije steat leine [[Jefferson City (Missoury)|Jefferson City]]. Troch syn funksje as rivierhaven mei de hiele steat as efterlân hold Sint-St. Louis lykwols oan mei groeien, en it jiers dêrop, yn [[1822]], krige it einlings offisjeel de status fan [[stêd]].
 
Fan 'e 1840-er jierren ôf begûnen grutte oantallen [[Dútslân|Dútske]] en [[Ierlân|Ierske]] ymmigranten har yn Sint-St. Louis nei wenjen te setten, en it ynwennertal fan 'e stêd woeks oan fan minder as 20.000 yn [[1840]] ta 160.000 yn [[1860]]. De [[Amerikaanske Boargeroarloch]] late ta twaspjalt yn 'e stêd: hoewol't [[Missoury]] in [[slavernij|slave]]steat wie dy't ornaris ta it [[Amerikaanske Suden|Suden]] rekkene waard, sleat it him net oan by de Súdlike [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederaasje]], benammen om't in grutte Noardlike troepemacht dat, ta lulkens fan in grut part fan 'e ynwenners, tsjinkearde. Yn [[1861]], oan it begjin fan 'e oarloch, fûn der yn Sint-St. Louis in wapene treffen plak tusken boargers en Noardlike soldaten, wêrby't 28 boargers deade waarden. Likemin die de oarloch de pleatslike [[ekonomy]] folle goed, mei't it ferkear oer de Mississippy nei it Suden ta blokkearre waard. Wol waarden der yn 'e stêd mei izer beklaaide kannonearboaten foar it Noarden boud.
 
Nei't de Boargeroarloch yn [[1865]] mei in Noardlike oerwinning beëinige waard, folge der wer in lytse oplibbing fan it steamboatferkear, mar it waard nea mear wat it foartiid west hie en al rillegau leine de steamboaten it ôf tsjin it fluggere treinferfier. Sint-St. Louis rjochte him yn dy tiid fral op 'e hannel mei it nij iepenleine [[Wylde Westen]], en de stêd waard ien fan 'e wichtichste tagongspoarten foar Westlike produkten dy't oer it spoar nei it Easten ta ferfierd waarden, lykas slachtfee. Yn [[1876]] waard Sint-St. Louis nei in stimming yn 'e gemeenterie bestjoerlik losmakke fan it omlizzende [[St. Louis County (Missoury)|Sint-St. Louis County]], en waard it in [[ûnôfhinklike stêd (Feriene Steaten)|ûnôfhinklike stêd]].
 
Yn [[1904]] fûn yn Sint-St. Louis de [[Wrâldtentoanstelling fan 1904|Wrâldtentoanstelling]] plak, en datselde jiers waard it ek de earste stêd bûten Jeropa dêr't de [[Olympyske Spullen|Olympyske Simmerspullen]] holden waarden. Mei it jild dat mei de Wrâldtentoanstelling fertsjinne wie, waarden û.m. it ''[[St. Louis Art Museum]]'', de ''[[St. Louis Zoo]]'' en it ''[[Missouri History Museum]]'' oprjochte. Fan 'e fyftiger jierren ôf rekke de binnenstêd ferpaupere en sûnt fierde it stedsbestjoer ferskate grutskalige renovaasjeprogramma's troch.
 
==Sint-St. Louis hjoed de dei==
De [[ekonomy]] fan Sint-St. Louis draait tsjintwurdich benammentlik op 'e tsjinstesektor, beskate foarmen fan yndustry, en fral ek hannel en trochfier. Ek [[toerisme]] is net ûnbelangryk. De stêd is de thúsbasis fan trije sporttiims fan namme: it [[honkbal]]tiim de ''[[St. Louis Cardinals]]''; it [[iishockey]]tiim de ''[[St. Louis Blues]]''; en it [[Amerikaansk football]]tiim de ''[[St. Louis Rams]]''. Ien fan 'e wichtichste besjensweardichheden en in symboal fan 'e stêd is de saneamde ''[[Gateway Arch]]'' ("Poartebôge"), oan 'e rivierskant yn it stedssintrum.
[[File:STL Skyline 2007 edit.jpg|center|thumb|1300px|De ''skyline'' fan Sint-St. Louis, mei de ''[[Gateway Arch]]'' op 'e foargrûn.]]
{{clear}}
 
==Berne yn Sint-St. Louis ==
* [[T.S. Eliot]], [[dichter]] (1888-1965)
* [[Josephine Baker]], [[dûns]]eresse, [[sjongster]], [[aktrise]] (1906-1975)