St. Paul (Minnesota): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Sint-Paul (Minnesota) to St. Paul (Minnesota) over redirect: better
L red
Rigel 19:
Webside= [http://www.stpaul.gov/ www.stpaul.gov]|
}}
[[Ofbyld:SPRC.png|left|thumb|250px|De lizzing fan Sint-St. Paul yn 'e steat [[Minnesota]].]]
[[Ofbyld:Comoplant.jpg|left|thumb|250px|De ''[[Como Park Zoo and Conservatory]]'' is in [[dieretún]] en [[botanyske tún]] dy't fergees tagonklik is.]]
'''Sint-St. Paul''' ([[Ingelsk]]:of '''Saint Paul''' of '''St(útspr.: Paul'''[se:nt pɔ:l], likernôch: "seent pôl"; [[Frysk]]: Sint-Paulus) is de [[haadstêd]] en de op ien nei grutste stêd (nei [[Minneapolis]]) fan 'e noardlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Minnesota]]. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan [[Ramsey County (Minnesota)|Ramsey County]]. Sint-St. Paul leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de [[Kanada|Kanadeeske]] grins, oan 'e eastigge fan 'e rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]]. Mei it op 'e westigge leine Minneapolis foarmet Sint-St. Paul in dûbelstêd, de agglomeraasje [[Minneapolis-Sint-St. Paul]], dy't better bekend is ûnder de oantsjutting ''the Twin Cities'' ("de Twillingstêden"). Neffens in offisjele skatting út [[2012]] hat Sint-St. Paul goed 290.000 ynwenners, dy't Sint-Pauliten neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch Sint-St. Paul, Minneapolis en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken.
 
== Skiednis ==
De oanwêzigens fan grêfheuvels yn 'e omkriten fan Sint-St. Paul jout oan dat it gebiet likernôch 2.000 jier lyn bewenne waard troch minsken fan 'e [[Hopewell-kultuer]]. Fan 'e iere [[santjinde ieu]] oant [[1837]], doe't hja twongen waarden de krite oer te dragen oan it Amerikaanske regear, wie it plak dêr't Sint-St. Paul no leit it wengebiet fan 'e [[Mdewakanton Dakota]], in stamme dy't ta it gruttere folkebûn fan 'e [[Sioux (folk)|Sioux]] heart. Hja neamden it ''I-mni-za ska dan'' ("lytse wite rots"), nei de bleatleine sânstiennene rivierkliffen.
 
Yn [[1803]] kaam Minnesota mei it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy troch de saneamde [[Louisiana-oankeap]] (''Louisiana Purchase'') by de Feriene Steaten te hearren, en yn [[1819]] waard deunby [[Fort Snelling]] oanlein as in Amerikaanske legerbasis. Nei't de Dakota it gebiet yn [[1837]] opjaan moatten hiene, setten pelskeaplju, aventuerslju en sindelingen har nei wenjen yn 'e neite fan it fort, foar de feilichheid dy't dat harren bea. De measten fan dizze iere kolonisten wiene [[Frânsktalige Kanadezen]], wêrûnder in pelskeapman en drankstoker dy't fan [[Pierre Parrant]] hiet, byneamd "''L'Oeil du Cochon''" of yn it Ingelsk ''Pig's Eye'' ("Barge-each"). De man, dy't de pleatslike autoriteiten in stikel yn 'e foet wie, iepene yn 'e him ûntjaande delsetting in weardshûs dat ek fan ''L'Oeil du Cochon'' hiet, en al rillegau stie it plakje dêrnei bekend as Pig's Eye, wat noch wol brûkt wurdt as bynamme foar Sint-St. Paul.
 
Yn [[1841]] arrivearre de preester [[Lucian Galtier]] yn Pig's Eye, dy't stjoerd wie ta geastlike soarch fan 'e [[roomsk-katolisisme|roomske]] Frânsktalige Kanadezen. Hy boude in kapel dy't er neamde nei syn favorite [[hillige]], de [[apostel]] [[Paulus (apostel)|Paulus]], en bewurkmastere dat it hiele stedsje dy namme oannaam. Sadwaande wurdt 1841 yn 'e regel beskôge as it jier dat Sint-St. Paul stifte is. Yn [[1849]], doe't it territoarium Minnesota foarme waard, waard Sint-St. Paul oanwiist as haadplak. Yn [[1854]] krige it de status fan stêd. Doe't de territoriale folksfertsjintwurdiging yn [[1857]] besleat om 'e haadstêd te ferpleatsen nei [[Saint Peter (Minnesota)|Sint-Peter]], waard it iennichste eksimplaar fan 'e papierrene tekst fan 'e oannommen wet stellen troch it territoriaal parlemintslid [[Joe Rolette]], dy't dermei ûnderdoek, sadat de ferpleatsing fan 'e haadstêd gjin trochgong fine koe.
 
[[Ofbyld:2006 WCHA Final Five.jpg|left|thumb|250px|In [[iishockey]]wedstryd yn it ''[[Xcel Energy Center]]''.]]
Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] fungearre Sint-St. Paul as de poarte ta de [[Amerikaanske frontier|''frontier'']] fan Minnesota en ta it [[Dakota-territoarium]], mei't it de lêste stêd oan 'e bopperin fan 'e Mississippy wie dy't de steamboaten noch oandwaan koene (om't de hege rivierkliffen de rivierwâlen streamop ûntagonklik makken). Yn dy snuorje stie de Sint-St. Paul ek wol bekend as "De Lêste Stêd fan it Easten". Op [[20 augustus]] [[1904]] rjochte slim [[swierwaar]], mank geand mei ferskate [[tornado|tornado's]], yn 'e binnenstêd fan Sint-St. Paul foar $1,8 miljoen (yn hjoeddeisk jild $45,5 miljoen) oan skea oan. Oan 'e ein fan 'e [[Fietnamoarloch|Fjetnamoarloch]], mids jierren santich, setten tsientûzenen [[Hmong (folk)|Hmong]]-flechtlingen út [[Fietnam|Fjetnam]] en [[Laos]] (dy't de Amerikanen yn 'e oarloch stipe hiene) harren nei wenjen yn Sint-St. Paul. Yn [[2004]] makken de Hmong 10% fan 'e befolking fan 'e stêd út.
 
== Sint-St. Paul hjoed de dei ==
Hoewol't Minneapolis nasjonaal en ek ynternasjonaal folle bekender is, binne yn Sint-St. Paul njonken it steatsregear ek wichtige organisaasjes en ynstituten fêstige, lykas it ''[[Xcel Energy Center]]'' (in grut sport- en evenemintesintrum), de [[iishockey]]ploech de ''[[Minnesota Wild]]'' en it [[Wittenskiplik Museum fan Minnesota]]. De stêd is fierders ek in wichtich sakesintrum foar it [[Amerikaanske Midwesten]]. Tegearre mei Minneapolis stiet Sint-St. Paul bekend om syn hege [[alfabetisearring]]spersintaazje.
 
== Berne yn Sint-St. Paul ==
* [[Frank Loomis]] (1896), atleet
* [[Winslow Briggs]] (1928), botanikus