St. Paul (Minnesota): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 36:
Hoewol't Minneapolis nasjonaal en ek ynternasjonaal folle bekender is, binne yn St. Paul njonken it steatsregear ek wichtige organisaasjes en ynstituten fêstige, lykas it ''[[Xcel Energy Center]]'' (in grut sport- en evenemintesintrum), de [[iishockey]]ploech de ''[[Minnesota Wild]]'' en it [[Wittenskiplik Museum fan Minnesota]]. De stêd is fierders ek in wichtich sakesintrum foar it [[Amerikaanske Midwesten]]. Tegearre mei Minneapolis stiet St. Paul bekend om syn hege [[alfabetisearring]]spersintaazje.
 
==Demografy==
== Berne yn St. Paul ==
Neffens in skatting fan it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] (op basis fan gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]]) hie St. Paul yn [[2012]] krapoan 291.000 ynwenners. Dat is in weromgong fan goed 20.000 minsken sûnt [[1960]], doe't de stêd noch in befolking fan mear as 313.000 minsken hie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan St. Paul 9,0% âlder as 65 jier en 25,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,2% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]].
 
Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2010]] sa: 55,9% [[jeropide ras|blanken]]; 15,7% [[negroïde ras|swarten]]; 15,0% [[Aazje|Aziaten]]; 9,6% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 1,1% [[Yndianen]]; 2,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Foar de blanke ynwenners binne de grutste oarsprongsgroepen de [[Dútsers]] (26,4% fan 'e totale stedsbefolking), [[Ieren (folk)|Ieren]] (13,8%), [[Noaren (folk)|Noaren]] (8,4%), [[Sweden (folk)|Sweden]] (7,0%) en [[Ingelsen]] (6,2%). Der wennet ek in opfallend grutte mienskip fan resinte [[Afrika]]anske [[ymmigrant]]en yn St. Paul, wêrûnder in grutte groep [[Somaliërs]].
 
It grutste part fan 'e befolking fan St. Paul bestiet út [[kristendom|kristenen]], mar der wenje ek oansjenlike [[joadendom|joadske]] en [[islam]]ityske mienskippen yn 'e stêd. Fierders wurdt St. Paul wol 'Paganistan' neamd fanwegen it grutte oantal [[wikka|wikka-oanhingers]] en oare [[modern heidendom|Westerske heidens]].
 
== =Berne yn St. Paul ===
* [[Frank Loomis]] (1896), atleet
* [[Winslow Briggs]] (1928), botanikus