Alfred Nobel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
No edit summary
Rigel 2:
'''Alfred Bernhard Nobel''' ([[21 oktober]] [[1833]] - [[10 desimber]] [[1896]]), wie in [[Sweden|Sweedsk]] skiekundige en yndustrieel.
 
Hy stiet bekend as útfiner fan it [[dynamyt]] yn [[1867]], mar hat ek oare eksplosiven útfûn en makke. Hy fertsjinne mei de produksje dêrfan en mei in oaljekonsesje in grouwelich kaptaal jild.
 
It gemysk [[elemint]] [[Nobelium]] is nei him ferneamd. Nobel syn namme is fierder noch te finen yn bedriuwsnammen, lykas Nobel Industries, dat letter opgie yn it [[AkzoNobel]]konsern.
 
Hy bepaalde by testamint dat fan de rinte fan dat kaptaal fan ûngefear 32 miljoen Sweedske kroanen alle jierren fiif [[Nobelpriis|Nobelprizen]] útrikt wurde moasten. Dêrfoar waard de Nobelstifting oprjochte. Yn syn wilsbeskikking stiet dat de prizen bedoeld binne foar "harren dy't yn it ôfrûne jier oan it minskdom grut nut ferskaft hawwe".