Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 42:
 
== It kleaster ==
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of ''Templum Domnini'' (''de Tempel fan God''). Folle is der oer dit [[Norbertinen|nobertinessenkleaster]] net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
 
Neffens de ''[[Staat van Aanbreng]]'' fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.