Fûgelfaai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
Fûgelfaaien wiene alle boargerlike en publike [[rjocht]]en ûntnomd. Dat betsjutte û.m. dat se gjin [[nasjonaliteit]] mear hiene en foar de [[wet]] ek gjin besittings mear hawwe koene. Faak waard der troch de oerheid ek noch in beleanning útlove foar de [[dea]] of fangst fan in fûgelfaaie. Yn it spraakgebrûk hie sa'nent dan 'in priis op syn holle'. Yn prinsipe wiene fûgelfaaien dus bûten de wet pleatst, wat de [[Ingelsk]]e oantsjutting ''outlaw'' ferklearret (''out'' is "bûten" en ''law'' is "wet"), dat tsjintwurdich lykwols ek wol as [[synonym]] mei 'misdiediger' brûkt wurdt.
 
Histoarysk is term 'fûgelfaai' yn it kollektyf oantinken fral mei de [[MidsieuwenMidsiuwen]] en it [[Wylde Westen]] ferbûn. Ferneamde fûgelfaaien wiene de [[Ingelân|Ingelske]] MidsieuskeMidsiuwske folksheld [[Robin Hood]] (fûgelfaai ferklearre troch kening [[Jan sûnder Lân]]); [[tsjerke]]herfoarmer [[Marten Luther]] (yn [[1521]] yn 'e ban dien troch keizer [[Karel V]]); de [[Nederlân]]ske [[opstanneling]] [[Willem fan Oranje]] (yn [[1580]] yn 'e ban dien troch de [[Spanje|Spaanske]] kening [[Filips II fan Spanje|Filips II]]); en ferskate banditen út it Wylde Westen, lykas [[Billy the Kid]], [[Jesse James]] en de [[Daltons (binde)|Dalton-binde]]. In gefal út 'e moderne tiid wie de [[skriuwer]] [[Salman Rushdie]], tsjin wa't yn [[1989]] in [[fatwa]] ([[religy|religieus]] fûnis) útsprutsen waard troch de [[Iraan]]ske [[ayatolla]] [[Rûholla Chomeini]] (mei as gefolch dat er yn 'e praktyk ta fûgelfaaie makke waard).
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 10:
 
[[Kategory:Strafrjocht]]
[[Kategory:MidsieuwenMidsiuwen]]
[[Kategory:Wylde Westen]]