Kleaster Lúntsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Lúntsjerk''', ek wol '''kleaster Ludingatsjerke''', wie in earder kleaster by Koetille ûnder [[Mullum]]. It kleaster is yn [[1157]] stifte en wie haad fan de reguliere koarhearen en sels ôfhinklik fan Rolduc. Hjirwei waarden ek de parochys fan [[Hitsum]] en njoggen oare doarpen yn de omkriten betsjinne. It rike kleaster keas yn de [[15e ieuiuw]] foar de Fetkeapers yn harren striid tsjin de Skieringers. Yn [[1517]] is it kleaster ferlitten en wurdt it kleasterbesit fan [[Kleaster Achlum]] út bestjoerd. Yn [[1535]] is it kleaster ôfbrutsen en oerbrocht nei [[Achlum]].
 
It kleaster fan de oarder fan de Augustiner koarhearen waard stifte as kapel yn [[1157]]. It inisjatyf gie út fan de famylje Ludinga, en dan benammen troch in Eilwerd Ludinga yn [[Almenum]]. Godefridus fan Renen, de acht en tweintichste biskop fan Utert dy’t de Fries Wigbolt as oerste beneamde, bepaalde dat de helte fan de ynkomsten fan de tsjerke fan [[Minnertsgea]] foar it kleaster wie. De konvinten Eanjum, Achlum, Skilwert en Oegekleaster waarden út Lúntsjerk wei stifte. It kleaster kaam yn besit fan grutte stikken lân op [[Tessel]] en fan de Roomske kening krige it ek hiel [[Flylân]] yn besit. In [[1237]] waard troch in stoarm de stins fan Lúntsjerk fernield en strûpten grutte stikken lân ûnder wetter. De muontsen groeven grêften om de handelsfeart te ferbetterjen en Lúntsjerk waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. De omkrite ten westen fan Almenum, Harns waard dêrtroch ek foaroansteand dat it yn 1234 stedsrjochten krige.
Rigel 15:
 
[[Kategory:Kleaster yn Fryslân|Ludingatsjerke]]
[[Kategory:MidsieuwenMidsiuwen]]
[[Kategory:Almenum]]
[[Kategory:Harns]]