Swarte Dea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata) - The interwiki article is not featured
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 10:
|}
 
'''De Swarte Dea''' is de namme foar in [[epidemy]]ske sykte dy't tusken [[1347]] en [[1351]] yn Europa omgie en in soad slachtoffers makke, soms tsientallen persinten fan de befolking. De epidemy koste wrâldwiid tusken de 75 en 100 miljoen minsken it libben. Meastal waard al oannomd dat it hjir om de [[Pest (sykte)|pest]] gie, mar hjiroer bestie oant foar koart gjin absolute wissichheid. De mooglikheid dat de epidemy feroarsake waard troch in [[filofirussen|filofirus]] waard ek iepenlitten. Ta dizze groep fan firussen hearre ûnder mear it [[ebolafirus]] en it [[marburgfirus]]. Mar de pest wurdt net feroarsake troch in firus, mar troch de [[baktearje]] ''[[Yersinia pestis]]'', dy't ferspraat wurdt troch [[flie]]ën dy't benammen op de [[swarte rôt]] parasitearje. Dat in baktearje de oarsaak wie fan de pest en dat dizze baktearje fersprate waard troch flieën op rôten, waard pas hûnderten jierren letter bekend. Ut oerlevering en tekeningen witte wy dat de Swarte Dea bûlen (swolling fan de [[lymfeklier]]en), fergelykber mei de Aziatyske [[bûlepest]] út de [[18e ieuiuw]], feroarsake. Dit steunt de teory dat it by de Swarte Dea om bûlepest gie. Yn 2010 waarden spoaren fan de Yersinia pestis baktearje yn it [[Desoksyribonukleïnesoer|DNA]] fûn fan skrinkels út massagrêven dêr't slachtoffers fan de Swarte Dea yn begroeven binne. <ref>http://news.discovery.com/history/black-death-plague-bacteria.html</ref>
 
== Oarsprong ==
Hoewol’t it net hielendal dúdlik is wêr’t dizze [[pandemy]] yn de [[14e ieuiuw]] krekt begûn is, is wol dúdlik dat hy út Aazje kaam, grif út [[Sintraal Aazje]]. De sykte starte grif by [[marmot]]ten, fersprate him nei flieën, fia flieën nei rôten en fan dêr nei de minsk. <ref>S. Fry, ''The Book of General Ignorance'' (Londen, 2006)</ref> De sykte ferspriede him fan Aazje nei Europa fia de hannel en soldaten. Yn 1346 kaam de sykte yn de [[Krim]], fanút de Krim ferspriede de sykte him oer Europa en Noard-Afrika. <ref>[http://www.macalester.edu/~cuffel/molecularplague.htm ''Molecular insights into the history of plague''], Michel Drancourt en Didier Raoult, jannewaris 2002</ref> Yn Europa waard [[Itaalje]] it earst troffen. Der geane ferhalen dat in [[Gouden Horde|Kipchak]] leger yn [[1346]]-[[1347]] besmette liken mei de baktearje mei help fan [[kattepûl]]en oer de muorren fan [[Feodosija]], in hannelspost fan [[Republyk Genua|Genua]] op de Krim, smiten hawwe soe. Oft dit ferhaal wier is, is net bekend. Fersprieding fia de hannel en skipfeart liket mear yn de reden te lizzen. Nei Itaalje gie de sykte mei de klok mei Europa troch: Frankryk en Spanje, Ingelân (yn 1348), Dútslân, Noarwegen (yn 1349 yn [[Bergen (Noarwegen)|Bergen]] troch in skip mei nôt út Ingelân) en op it lêst troch Ruslân om 1351 hinne.
 
Wrâldwiid wurdt it oantal deaden op 75 miljoen rûsd, wêrfan tusken de 25 en 50 miljoen yn Europa. <ref>[http://science.nationalgeographic.com/science/health-and-human-body/human-diseases/plague-article.html ''Plague Information, Black Death Facts''], National Geographic, 2008</ref> <ref>[http://www.dnms.no/index.php?kat_id=16&art_id=87 ''Black Death and hard facts''], Benedictow OJ., ''The Black Death 1346-1353: The Complete History'', ­Woodbridge: The Boydell Press, 2004, ISBN 0-85115-943-5 </ref> De útbrek fan de Swarte Dea yn de 14e ieuiuw hie in dramatysk effekt op de Europeeske befolking en ûntwrichte de maatskippij. De Swarte Dea brocht de katolike tsjerke in serieuzeseriuwze klap ta omdat in soad minsken tochten dat de sykte in straf fan God wie. Omdat nimmen wist wêr't de Swarte Dea weikaam, krigen minderheden de skuld. Dy soenen wetterboarnen fergiftige hawwe of op in oare wize besmetting feroarsaakje. Dizze gedachte late ta ferfolging fan [[Joaden]], bidlers en minsken mei [[lepra]]. De deistige striid om it bestean soarge foar in morbide stimming yn grutte parten fan Europa dêr't minsken keazen foar in 'libben by de dei'. Dit wurdt yllustrearre yn [[Giovanni Boccaccio]]'s [[Decamerone]] út 1353, wêryn tsien misken op de flecht foar de Swarte Dea elkoar ferhalen fertelle.<ref>[http://www.fordham.edu/halsall/source/decameronintro.html Inleiding Decamerone], Boccacio, 1353</ref>
 
== Ferfolging fan de Joaden ==
Rigel 42:
[[Kategory:Ynfeksjesykte]]
[[Kategory:Epidemy]]
[[Kategory:MidsieuwenMidsiuwen]]
 
[[ja:ペスト#14世紀の大流行]]