Saksetiid: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Sûnt 14 okt 2007 no earst in kategory, heite!! |
|||
Rigel 10:
Yn de [[14e ieu|14e]] en [[15e ieu]] wie [[Westerlauwersk Fryslân|Fryslân]] te proai fallen oan [[partijstriid|partijtwisten]] tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. Op de ein fan de 15e ieu like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soene mei stipe fan de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe as [[potestaat]] [[Juw Dekama]], dy't lykwols net op eigen krêft Fryslân ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft [[Albrecht fan Saksen]] it bestjoer oer nimme wol. In Skieringer ôffurdiging reizget nei [[Medemblik]], dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan [[Westergoa]] yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it [[Hillige Roomske Ryk|it Ryk]] beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dizze ôfspraak waard bekrêftige by it [[Ferdrach fan Snits]] op 30 april 1498<ref name="Frieswijk">{{aut|Johan Frieswijk}} e.a., [http://books.google.nl/books?id=r_EU2Q4mDHAC&printsec=frontcover&source=gbs_v2_summary_r&cad=0#v=onepage&q&f=false ''Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998'' (Hilfersom 1999) 90]. Uitgeverij Verloren.</ref>.
Foar koarte tiid slagge Albrecht deryn de
Albrecht soe der lykwols net yn slagge om syn bewâld yn alle dizze gebieten útoefene te kinnen. Hy krige inkeld it lân westlik fan de [[Lauwers]] fêst yn hannen. Dêr set er in nij bestjoersapparaat op poaten mei it [[Dútsk|Dútske]] as offisjele taal. Dy feroaring soe in grutte tebeksetter wurde foar de [[Frysk]]e taal, en der kaam in ein oan it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.
|