Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|300px|De Fryske seelânnen.]]
{{Skiednis fan Fryslân}}
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it [[feodaliteit|feodale]] Jeropa fan de [[midsieuwenmidsiuwen]]. Dizze frijheid ûntjoech him oan 'e ein fan de [[11e ieuiuw]] mei de delgong fan it [[Greefskip Mid-Fryslân]].
 
== It ûntstean ==
Rigel 11:
 
== Oarsaken en gefolgen ==
As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dy frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer de lânshearen dat harren stadichoan ûntwikkele en op it ein fan de [[11e ieuiuw]] as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.
 
De deaslach op greve [[Arnulf]] yn [[993]] liket it earste teken fan de ''Libertas'' fan de Friezen. Dizze Fryske graaf sneuvele doe't er besocht de opstannige lju fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve [[Hindrik de Fette]] yn [[1101]] wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de ''Fryske frijheid''.
 
Dy Frijheid waard op 3 novimber [[1248]] troch de Roomske Kening [[Willem II fan Hollân|Willem II]] oan de Friezen befêstige. Dat die er neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd [[Aken (stêd)|Aken]]. Hy wie nammentlik tsjin-kening fan it [[Hillige Roomske Ryk]], tsjin de kroande keizer [[Freark III fan it Hillige Roomske Ryk|Freark II]]. Yn [[1417]] waard de Fryske Frijheid op 'e nij befêstige, mar nor troch in foarst sûnder tsjinfoarst, keizer [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]], dy't Fryslân ta ''ryksûnmidlik'' gebiet ferkleare. Tsjin disse befêstigings fan de Fryske Frijheid oer stiet lykwols dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, lykas yn de 14e ieuiuw [[Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk|Loadewyk IV]] oan de grêven fan [[Hollân]].
[[Ofbyld:Sigillum iudicum Selandiarum Frisiae.jpg|thumb|200px|Segel fan it bûn fan de [[Opstalbeam]].]]
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieuiuw ferbaarne is.
 
Nettsjinsteande dat kin fêststelt wurde dat it Fryske gebiet mei ynbegrip fan [[De Ommelannen]] fan de [[10e ieuiuw]] ôf oant it begjin fan de [[16e ieuiuw]] in folslein eigen ûntwikkeling trochmakke hat, dêr't de feodale struktuer sa as dy troch Karel de Grutte ûntwurpen wie likernôch folslein ûntbruts.
 
In oare ferklearring wurdt jûn troch [[Bernard Slicher van Bath|B.H. Slicher van Bath]]. Troch him wurdt der op wiisd dat yn Fryslân lykwols greven west hawwe, mar dat dy harren net ta lânhear ûntwikkelje koene omdat de twadde pylder fan it [[feodalisme]], de [[ûnderhearrigen]]s hjir net bestie. Oars as yn grutte dielen fan Jeropa it gefal, wie yn midsieuskmidsiuwsk Fryslân altiten in jildekonomy bestean bleaun. De Fryske boeren beöefene fral it fokjen fan fee en kombinearren dat de ieuweniuwen troch mei hannel. Ferplichtings dy't yn oare gewesten betelle waard yn natuera, koenen troch de Friezen mei jild ôfkocht wurde. De greve koe syn taak as rjochter noch wol lange tiid útoefenje, mar it ûntbrekken fan in lokale machtsbasis hat lang om let syn ein yn Fryslân betsjutte.
 
== Ynhâld ==
It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwenmidsiuwen noch net dúdlik fan inoar skieden wienen, in gemis. Om dat gat op te follen waard besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen rigels fêst te lizzen. Ut ferskate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] by [[Auwerk (stêd)|Auwerk]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins (stêd)|Grins]].
 
Neist de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht werom te gripen op ''âld'' rjocht lykas dat fêstlein wie yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhâld fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierrichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûntbrutsen de middels om him dêrta te twingen.
Rigel 31:
 
== Ein ==
Oan de ein fan de [[MidsieuwenMidsiuwen]] wie Fryslân yn alle gefallen wichtich genôch dat der in eigen groep fan [[eallju]] yn ûntstie, en dat ek de eallju fan bûten har each der op rjochten. Op himsels wie mei dy eigen Fryske eallju de frijheid al foar in grut part ferdwûn, mar as de formele ein fan de Fryske frijheid wurdt it gearkommen fan dy twa groepen eallju sjoen. Foar 1500 wienen de Fryske eallju al ûnderdiel wurden fan it feodale systeem, trochdat se sels feodale titels oannamen, of troch bûtenlânske machthawwers oerwûn waarden.
 
== Hjoeddeiske betsjutting ==
Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif ieuweniuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de [[Friezen]] as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.
 
{{boarnen|boarnefernijing=