Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + oanf
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
 
=== Nammejouwing ===
Lange tiid stiene de Yndo-Jeropeeske talen bekend ûnder de namme "Yndogermaanske talen", neamd nei de beide fierst útinoar lizzende [[taalkloft]]en dy't derta hearden, de Yndyske of [[Yndo-Aryske talen]] yn it súdeasten en de [[Germaanske talen]] yn it noardwesten. Mar dy beneaming rekke lykwols besmodzge trochdat de [[nazys]] der yn 'e jierren tritich en fjirtich fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] mei oan 'e haal giene foar harren [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasse]]-[[ideology]]. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard dêrom de term "Yndo-Jeropeesk" ynfierd, dy't no yn 'e taalwittenskip algemien brûkt wurdt.
 
===Oarsprong===
Oer de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen binne [[taalkundige]]n en [[argeolooch|argeologen]] it noch net iens. De teory dy't de measte oanhingers hat, is dat it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]], de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen waard yn 'e [[Koeban (regio)|Koeban]], it gebiet benoarden de [[Kaukasus]], en yn 'e [[Kaspyske Leechflakte]], en dat de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf dêrwei ferspraat hawwe oer [[Jeropa]], it [[Heine Easten]] en it [[Yndiaaske subkontinint]]. Dit wurdt de [[Kurgan-hypoteze]] neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de [[Litouwen|Litousk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] argeologe [[Marija Gimbutas]], yn 'e jierren fyftich fan 'e [[tweintichste ieuiuw]].
 
Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde [[Anatoalyske teory]] oan, dy't de Britske argeolooch [[Colin Renfrew]] yn [[1987]] formulearre. Dêryn wurdt steld dat de ''Urheimat'' (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeänen [[Anatoalje]] (oftewol [[Lyts-Aazje]]) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e [[lânbou]] yn it [[Neolitikum]] (it lêste stadium fan 'e [[Stientiid]]), en begûn dy dus om 7.000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn [[2003]] al ûnderstipe troch de [[biotaalkunde|biotaalkundige]] resultaten út it ûndersyk fan [[Russell Gray]], dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken 7.800 en 5.800 f.Kr. útkamen.
Rigel 40:
De Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje is opboud út in stikmannich lytsere taalfamyljes:
* de [[Anatoalyske talen]]
:Dizze taalfamylje omfettet de ierst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, dy't no allegearre útstoarn binne. De measte taalkundigen pleatse dizze taalgroep yn 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, mar in minderheid hâldt út dat it in sustertaalfamylje west hawwe moat, dy't mei de Yndo-Jeropeeske talen op ien hichte stie. De wichtichste taal fan dizze kloft is it [[Hettitysk]], dat oerlevere is út 'e achttjinde ieuiuw f.Kr. Oare Anatoalyske talen binne it [[Lûwysk]], [[Lydysk]], [[Lysysk]], [[Pisidysk]] en [[Palaysk]]. Mooglik hearde ek it breklik oerlevere [[Karysk]] ta dizze taalgroep.
* de [[Armeenske talen]]
:Fan dizze lytse taalkloft wurdt faak inkeld it [[Armeensk]] neamd, mar ek it [[Lomavren]] en it [[Hemsjinly]] hearre derta. It [[Aldarmeensk]], dat ek wol ''Grabar'' neamd wurdt, is oerlevere fan 'e [[fyfde ieuiuw]] ôf.
* de [[Balto-Slavyske talen]]
:De measte taalkundigen nimme oan dat de Baltyske en de Slavyske talen oarspronklik in ienheid foarme hawwe; lykwols is dat in tear punt yn 'e [[Baltikum|Baltyske steaten]].
:* de [[Baltyske talen]]
::Dizze talen binne fan 'e [[fjirtjinde ieuiuw]] ôf oerlevere en hawwe in ûngewoan soad argayske skaaimerken fan it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]] beholden. It [[Litousk]], [[Letsk]], [[Samogitysk]] en [[Latgaalsk]] wurde hjoed de dei noch sprutsen, wylst it [[Koerlânsk]] op it rântsje fan it útstjerren balansearret. Utstoarne talen binne û.m. it [[Aldprusysk]], [[Sûdovysk]], [[Seloansk]] en [[Semigallysk]].
:* de [[Slavyske talen]]
::It [[Aldtsjerkeslavysk]], no in [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]], is oerlevere fan 'e [[njoggende ieuiuw]] ôf. Oare útstoarne talen binne û.m. it [[Aldnovgorodsk]], de taal fan [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] noardlik [[Ruslân]], dy't letter ferkrongen is troch it Russysk, en it [[Polabysk]], dat foarhinne yn noardeastlik [[Dútslân]] sprutsen waard. De wichtichste libbene talen binne: it [[Russysk]], [[Oekraynsk]], [[Poalsk]], [[Tsjechysk]], [[Servysk]], [[Bulgaarsk]], [[Wytrussysk]], [[Slowaaksk]], [[Kroätysk]], [[Sloveensk]], [[Masedoanysk]], [[Bosnysk]], [[Montenegrynsk]], [[Roeteensk]], [[Silezysk]], [[Sorbysk]] en [[Kasjûbysk]].
* de [[Germaanske talen]]
:De ierst oerlevere ynskripsje datearret út 'e [[twadde ieuiuw f. Kr.]], wylst de earste oerlevere tekst de Goatyske [[Bibel]]oersetting út 'e [[fjirde ieuiuw]] is. Njonken it no útstoarne [[Goatysk]] binne de wichtichste talen: it [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[Nederlânsk]], [[Sweedsk]], [[Afrikaansk]], [[Deensk]], [[Noarsk]], [[Lúksemboarchsk]], [[Yslânsk]] en [[Fêreusk]]. Oare talen binne û.m.: it [[Nederdútsk]]/[[Nedersaksysk]], [[Jiddysk]], [[Skotsk]], [[Frysk]], [[Limboarchsk]], [[Noardfrysk]], [[Sealterfrysk]], [[Skânsk]] en [[Elfdelstersk]].
* de [[Helleenske talen]]
:Fan dizze lytse taalkloft wurdt ornaris allinne it [[Gryksk]] neamd, dêr't de ierste fragminten fan oerlevere binne út 'e fjirtjinde ieuiuw f.Kr. (yn 'e foarm fan it [[Myseensk Gryksk]]). Ek útstoarne talen út 'e Aldheid as it [[Doarysk]], [[Eoalysk]] en [[Arkado-Syprioatysk]] hearden derta. Hjoed de dei wurde njonken it Gryksk noch sprutsen: it [[Pontysk]], [[Kappadoasysk]] en [[Tsakoanysk]].
* de [[Illyryske talen]]
:De iennichste noch libbene taal út dizze kloft is it [[Albaneesk]], dat oerlevere is fan 'e [[fyftjinde ieuiuw]] ôf. Foar party taalkundigen stiet no fêst dat it [[Albaneesk]] in Illyryske taal wie en net in [[Trasyske talen|Trasysken-ien]], al liket der gewoan te min fan 'e âlde Illyryske talen oerlevere te wêzen om datoangeande slutend bewiis te foarmjen. Dy âlde, no útstoarne [[Illyryske talen]] wiene û.m. it [[Illyrysk]], [[Pannoanysk]] en [[Alddalmatysk]]. Oft it [[Messapysk]], dat yn 'e [[Aldheid]] yn 'e "hakke" fan 'e [[Lears fan Itaalje]] sprutsen waard, ek ta de Illyryske talen rekkene wurde moat, is noch altyd net folslein bewiisd, mar liket wol wierskynlik.
[[File:Lânkaart Yndo-Jeropeeske taalfamyljes.PNG|thumb|right|350px|De fersprieding fan 'e ûnderskate Yndo-Jeropeeske [[taalfamylje]]s oer de wrâld.]]
* de [[Yndo-Iraanske talen]]
Rigel 61:
::In lytse taalkloft dy't ek wol as ûnderdiel fan 'e Iraanske talen beskôge wurdt. De wichtichste talen binne: it [[Kasjmiersk]], [[Kalasja (taal)|Kalasja]], [[Sjina (taal)|Sjina]] en [[Chowar (taal)|Chowar]].
:* de [[Iraanske talen]]
::De wichtichste útstoarne talen út dizze famylje binne it [[Avestysk]] (oerlevere fan 'e [[sânde ieuiuw f. Kr.]] ôf), [[Aldperzysk]] (oerlevere fan 'e [[sechsde ieuiuw f. Kr.]] ôf), [[Medysk]], [[Partysk]], [[Baktrysk]], [[Skytysk]], [[Sarmatysk]] en [[Sogdysk]]. Libbene talen binne û.m.: it [[Perzysk]] (Iraansk), [[Koerdysk]], [[Tadzjyksk]], [[Pataansk]] (de grutste taal fan [[Afganistan]]), [[Dary]] (de twadde taal fan Afganistan), [[Hazaragy]], [[Balûtsysk]] en it [[Ossetysk]] (út 'e [[Kaukasus]]).
:* de [[Yndo-Aryske talen]]
::De wichtichste taal dy't ta dizze famylje heart, is it [[Sanskryt]], oerlevere fan it iere twadde milennium f.Kr. ôf, dat om it jier [[600]] hinne útstoarn wie, mar dat yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] nij libben ynblaasd is (yn [[2001]] wiene der wer 14.000 memmetaalsprekkers). In oare wichtige, noch wol útstoarne taal is it [[Paly (taal)|Paly]], dêr't de ierste [[boedisme|boedistyske]] hillige teksten yn skreaun binne. De wichtichste libbene Yndo-Aryske talen binne it [[Hindy]] (de nasjonale taal fan [[Yndia]]), it [[Bingaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Banglades]]), it [[Urdû]] (de nasjonale taal fan [[Pakistan]]), it [[Nepaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Nepal]]), it [[Singaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Sry Lanka]]) en it [[Maldivysk]] (de nasjonale taal fan 'e [[Malediven]]). Grutte Yndo-Aryske talen mei in offisjele regionale status yn Yndia binne fierders it [[Pûndjaabsk]], [[Maratysk]], [[Gûdjaratysk]], [[Konkaansk]], [[Assameesk]], [[Orissaansk]] en [[Tsjattisgaarsk]]. Ek it [[Sindysk]], [[Bihareesk]], [[Radjastaansk]] en [[Surinaamsk-Hindoestaansk]] hearre ta dizze taalfamylje.
:* de [[Noeristaanske talen]]
::In lytse taalkloft dy't ek wol as ûnderdiel fan 'e Iraanske talen beskôge wurdt. De wichtichste talen binne: it [[Kamkata-viry]], [[Waigaly (taal)|Waigaly]] en [[Askûnû (taal)|Askûnû]].
Rigel 69:
:Net alle taalkundigen binne it deroer iens dat de Italyske en Keltyske talen weromgeane op deselde oertaal, mar der besteane wol sterke oanwizings foar.
:* de [[Italyske talen]]
::Ta dizze groep hearre it [[Latyn]] en in stikmannich oare útstoarne talen dy't yn 'e [[Aldheid]] op it [[Italjaansk Skiereilân]] sprutsen waarden, lykas it [[Oskysk]] en [[Umbrysk]] en wierskynlik ek it [[Fenetysk]]. It [[Latyn]] is oerlevere fan 'e [[sechsde ieuiuw f. Kr.]] ôf.
::* de [[Romaanske talen]]
:::De út it [[Latyn]] fuortkommen [[Romaanske talen]] hearre ek ta de Italyske talen, en foarmje feitliken de iennichste noch libbene tûke fan dy famylje. De wichtichste Romaanske talen binne: it [[Frânsk]], [[Spaansk]], [[Portegeesk]], [[Italjaansk]], [[Roemeensk]], [[Moldavysk]], [[Katalaansk]] en, histoarysk sjoen, it [[Oksitaansk]]. Oare talen binne: it [[Galisysk]], [[Franko-Provinsaalsk]], [[Astuerysk]], [[Fenesiaansk]], [[Lombardysk]], [[Piëmonteesk]], [[Liguerysk (Gallo-Italysk)|Liguerysk]], [[Emyljaansk]], [[Romanjoalsk]], [[Sardysk]], [[Leöneesk]], [[Aragoneesk]], [[Waalsk]], [[Sisyljaansk]], [[Napolitaansk]], [[Korsikaansk]], [[Aroemeensk]], [[Retoromaansk]], [[Ladynsk]], [[Friûlysk]], [[Mirandeesk]] en [[Sefardysk]]. Deade talen binne û.m. it [[Mozarabysk]], dat yn [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] [[Spanje]] sprutsen waard, en it [[Dalmatysk]] fan 'e eilannen yn 'e [[Adriatyske See]], dat yn [[1898]] útstoar.
:* de [[Keltyske talen]]
::Dizze taalgroep omfettet in útstoarne tûke fan talen as it [[Gallysk]], [[Lepontysk]], [[Keltibearysk]], [[Galatysk]] en [[Noarysk]], dy't yn 'e [[Aldheid]] op it fêstelân fan [[Jeropa]] sprutsen waarden, en in noch libbene tûke dy't yn syn fersprieding beheind is ta de [[Britske Eilannen]] en it [[Frankryk|Frânske]] skiereilân [[Bretanje]]. Dêrfan binne ek ferskate talen útstoarn, lykas it [[Kumbrysk]], út noardlik [[Ingelân]]. It [[Welsk]], [[Iersk]], [[Bretonsk]] en [[Skotsk-Gaelysk]] wurde noch altyd sprutsen, en de earder útstoarne talen [[Manksk]] (fan it eilân [[Man (eilân)|Man]]) en [[Kornysk]] (fan [[Kornwall]]) is nij libben ynblaasd. It [[Gallysk]] is yn ynskripsjes oerlevere fan 'e [[sechsde ieuiuw f. Kr.]] ôf en it [[Aldiersk]] fan 'e [[fjirde ieuiuw]] (nei Kristus) ôf yn ynskripsjes en fanôf 'e [[sechsde ieuiuw]] yn teksten.
* de [[Tochaarske talen]]
:De útstoarne Tochaarske talen waarden sprutsen troch de [[Tocharen]], dy't yn it earste milennium nei Kristus yn [[Sintraal-Aazje]] wennen en dêr letter nei alle gedachten opgien binne yn 'e [[Turkske talen|Turkske]] [[folk]]en. Der wiene, ynsafier bekend twa Tochaarske [[taal|talen]] (of [[dialekt]]en), dy't troch taalkundigen [[Tochaarsk A]] (of Easttochaarsk of Toerfaansk) en [[Tochaarsk B]] (of Westtochaarsk of Kûtsjeaansk) neamd wurde. In kloft [[lienwurd]]en yn Yndyske talen wurdt wol klassifisearre as [[Tochaarsk C]]. De [[Tochaarske talen]] binne oerlevere fan 'e [[sânde ieuiuw]] ôf en binne nei alle gedachten yn 'e [[tsiende ieuiuw]] útstoarn.
* de [[Trasyske talen]]
:De tafoeging fan 'e útstoarne Trasyske talen oan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje binne de taalkundigen it net rjocht oer iens. Ek de ûnderlinge relaasjes fan 'e talen dy't yn dizze kloft pleatst binne, is it lêste wurd noch net oer sein. Wol is dúdlik dat dizze talen besibbe wiene oan 'e Yndo-Jeropeeske talen, mar hoe krekt, dat is noch net útiten. Ta dizze taalgroep hearre it [[Trasysk]] (yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no [[Bulgarije]], noardwestlik [[Grikelân]] en it Jeropeeske part fan [[Turkije]] is) en it [[Dasysk]] (yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no [[Roemeenje]] is), twa talen dy't tige nau oaninoar besibbe wiene. Mooglik hearden it [[Paioanysk]] (yn 'e Aldheid sprutsen yn it noarden fan it tsjintwurdige [[Masedoanje]]) en it [[Aldmasedoanysk]] (yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no noardlik [[Grikelân]] en súdlik [[Masedoanje]] is) der ek ta. Noch twifeleftiger is oft it [[Frygysk]], yn 'e Aldheid sprutsen yn noardwestlik [[Lyts-Aazje]], der ek ta hearde. It Frygysk wurdt ek wol as in aparte tûke fan it Yndo-Jeropeesk beskôge.
Rigel 86:
 
== Kontroversjele supertaalfamyljes ==
Guon taalkundigen hawwe útsteld dat de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje sels ek wer in tûke is fan in noch gruttere [[taalfamylje]]. De bekendste fan dizze hypotetyske taalfamyljes is de saneamde [[Nostratyske talen|Nostratyske taalfamylje]], dy't yn [[1903]] foarsteld waard troch de [[Denemark|Deenske]] taalkundige [[Holger Pedersen]]. Behalven de Yndo-Jeropeeske talen soene dêrta ek hearre moatte: de [[Afro-Aziatyske talen]] ([[Arabysk]], [[HebrieuskHebriuwsk]], ensfh.); de [[Dravidyske talen]] ([[Tamyl (taal)|Tamyl]], [[Telûgû (taal)|Telûgû]], ensfh.); de [[Oeralyske talen]] talen ([[Finsk]], [[Hongaarsk]], ensfh.); de [[Altayske talen]] ([[Turksk]], [[Mongoalsk]], ensfh.); en de [[Súdkaukazyske talen]] ([[Georgysk]], ensfh.).
 
De Nostratyske teory is lykwols tige kontroversjeel, krekt as de soartgelikense [[Jeraziatyske talen|Jeraziatyske teory]] fan [[Joseph Greenberg]] en de [[Pontyske talen|Proto-Pontyske]] fan [[John Colarusso]]. Dat wol net sizze dat dy teoryen net op wierheid berêste kinne. Krektoarsom, gjin taal ûntstiet út it neat, dus ek [[Proto-Yndo-Jeropeesk]] net. Dy oertaal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen fan ôfstamje, moat sels ek wer earne fan ôfstamme wêze. It probleem is allinne dat men dêrfoar safier werom yn 'e tiid moat, dat der gewoan gjin brûkbere bewizen te finen binne – itsij taalkundige, itsij argeologyske – om in teory te ûnderstypjen.