Múnster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
→‎Skiednis: [[]] oars
Rigel 32:
Yn [[1382]] wurdt Münster rekke troch de [[Pest|pest]] mei tûzenen deaden fan gefolgen. Yn [[1383]] baarnt in grut part fan de stêd op yn de slimste brân sûnt [[1197]]. Noch alle jierren wurdt yn Munster de ''Grosse Prozession'' hâlden ta oantins fan dizze twa needlotsjierren<ref>{{aut|[[Jan Buisman|J. Buisman]]}}, [http://books.google.nl/books?id=gJQNUQGWHekC&pg=PA289&dq=Buisman+Munster+noodlotsjaren ''Pest en brand in Münster'' - 1382/3]</ref>.
 
Yn [[1534]] ferjoegen de wer[[anabaptisme|dopersken]] de doetiidske [[biskop]] [[FransFrâns fan Waldeck]]. Doe't sy de macht yn hannen krige hiene, waard der grute dat Munster it [[Nije Jeruzalem]] wie. De nije lieder fan de stêd, [[Jan Matthijs]], woe allinnich hawwe dat [[Doop (sakramint)|doopte]] [[Werberte (kristendom)|werbernen]] harren yn Munster festigen; wa't dat net wiene waarden ferdreaun. De biskop organisearre in nij leger mei stipe fan sawol [[Protestantisme|protestanten]] as [[Roomsk-katolike Tsjerke|katoliken]] en belegere de stêd. Wilens radikalisearre de beweging yn Munster. [[Jan fan Leien]] waard de oanfierder en stelde gemienskip fan goederen en [[polygamy]] yn. In jier letter ([[1535]]) foel de stêd. Jan fan Leien waard terjochtsteld. Oan de [[Sint-Lambertustsjerke (Münster)|Lambertustsjerke]] hinget noch altyd de koai wêr't syn lyk yn útstald waard.
 
De [[Frede fan Münster]] en [[Frede fan Osnabrück|Osnabrück]] yn [[1648]] makke fan Munster in ûnôfhinklik bisdom: it gebiet bleau dêrtroch roomsk-katolyk. In oar wichtich ûndddderdiel fan de Frede fan Munster wie it beëinjen fan de [[Tachtichjierrige Oarloch]] en de erkenning fan de ûnôfhinklikens fan Nederlân troch Spanje. Yn [[1672]] foel Munster laat fan biskop [[Christoph Bernhard von Galen|Bernhard von Galen]] de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] yn. Yn [[Grins (stêd)|Grins]] wurdt noch alle jierren de oerwinning op de biskop fan Münster ("Bommen Bearend") betocht, mei it [[Grinzer Untset]].
 
Yn [[1802]] waard Münster ferêvere troch de [[Prusen]] en ta haadstêd fan [[Westfalen (provinsje)|Westfalen]] makke. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard Munster foar it grutste part ferwoastge troch [[Alliëarden|alliëarde]] bombardeminten, mar nei de kriich waard Münster op'en nij yn âlde styl boud.