Ferskil tusken ferzjes fan "Sankt Goarshausen"

gjin bewurkingsgearfetting
 
==Skiednis==
Sankt Goarshausen waard yn it jier 1222 foar it earst neamd. It hearde fanôf it ein fan de 13e ieuwiuw by it greefskip Katzenelnbogden en krige fan kening Loadewyk IV yn 1324 stedsrjochten. Greef Willem II fan Katzenelnbogen liet yn 1371 boppe Sankt Goarshausen de boarch Katz (eins: Neu-Katzenelnbogen) bouwe. Dit wie in antwurd op de bou fan de boarch Maus (doesdestiids: boarch Peterseck) troch de karfoarst fan Trier. Doe't it grevenhûs útstoar foel Sankt Goarshausen oan it greefskip Hessen. De stêd makke fan 1583 oant 1806 diel út fan Hessen-Kassel en fersoarge tegearre mei Sankt Goar, as iennichste yn it Hessyske gebiet, it ynjen fan de tol op beide kanten fan de Ryn.
 
Nei de Frânske besetting waard de stêd nei it [[Kongres fan Wenen]] (1815) by it hartochdom Nassau foege. Mei't it hartochdom Nassau yn 1866 troch [[Prusen]] waard anneksearre, waard Sankt Goarshausen de Kreisstadt fan it nij gearstalde Landkreis Sankt Goarshausen.
 
==Religy==
Likernôch 50% fan de befolking is lid fan de protestanske tsjerke, wylst 30% katolyk is. Yn Sankt Goarshausen hat fan de 17e ieuwiuw oant yn de jierren 1930 in lytse joadske mienskip west, dy't nea mear dan 2,4% (1895) fan de befolking útmakke.
 
==Ôfbyldings==
10.424

bewurkings