Amelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
| ISO 639-3 =
}}
It '''Amelânsk''' (Amelânsk: ''Amelands'') is in [[Hollânsk-Fryske mingdialekten|Hollânsk-Frysk mingdialekt]] dat sprutsen wurdt op it ta de provinsje [[Fryslân]] hearrende [[Waadeilân]] [[it Amelân]]. It ûntstie yn 'e perioade fan 'e [[sechstjinde ieuiuw|sechstjinde]] oant de [[achttjinde ieuiuw]] út in ferminging fan [[Hollânsk]]e [[dialekt]]foarmen mei it [[Frysk]] dat oarspronklik op it [[eilân]] sprutsen waard, en is fral nau besibbe oan it [[Midslânsk]] fan it buoreilân [[Skylge]]. Hoewol't it Amelânsk troch it tanimmende [[toerisme|massatoerisme]] op it Amelân yn beskate mjitte ûnder druk stiet fan it [[Standertnederlânsk]], is it oan 'e oare kant it iennichste dialekt fan 'e Waadeilannen dat him oant no ta goed wit te hanthavenjen en sels noch troch it meastepart fan 'e eilânjongerein sprutsen wurdt.
 
== Skiednis ==
Op [[it Amelân]] waard, krekt as op 'e buoreilannen [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] en [[Skylge]], fan oarsprong [[Frysk]] sprutsen, mar dat is no net mear it gefal. Wêrom't no krekt op it Amelân, dat in frij eilân wie, de taal ferhollânske is en op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge net, wylst dat fan 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] oant [[1942]] by [[Hollân]] hearde en teminsten likefolle kontakten mei it Hollânske fêstelân hie as it Amelân, is net alhiel dúdlik. It is lykwols skoan mooglik dat it te krijen hat mei de wat aparte [[skiednis fan it Amelân]].
[[File:Lânkaart lokaasje Amelânsk.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan it Amelânske dialekt yn 'e provinsje [[Fryslân]].]]
 
It eilân waard yn 'e [[achtste ieuiuw]] foar it earst neamd, as ''insula qua dicitur Ambla'' ("it eilân dat it Amelân neamd wurdt"). De ierst bekende bewenners wiene [[Friezen]], sa't ûntsjinstriidber fêstlein is yn in [[Aldfrysk]] dokumint út [[1494]], wêryn't de eilanners harsels frijstelden fan it [[Frysk lânrjocht]]. Under de [[Frysk-Hollânske Oarloggen]] fan 'e [[fjirtjinde ieuiuw|fjirtjinde]] en [[fyftjinde ieuiuw]] wie it Amelân fan [[1398]] oant [[1430]] yn Hollânske hannen, wêrnei't de [[haadling]] [[Ritske Jelmera]], dy't troch de Hollanners as steedhâlder oansteld wie, alle macht nei himsels taloek en it wist op te rêden dat men dêr yn Hollân mei ynstimde. Jelmera wie de stamheit fan it slachte Van Cammingha, dat noch oant [[1681]] op it eilân foar master opslaan soe.
 
Under it regear fan Ritske Jelmera en syn opfolgers ûntjoech it Amelân him ta in selsstannich minysteatsje, sa't der yn dy tiid yn [[Jeropa]] withoefolle wiene, dat al liket soks no miskien apart, doe wie it neat gjin nijs. De ûnôfhinklikens fan it eilân waard erkend troch Jeropeeske grutmachten as [[Ingelân]] en [[Spanje]], en sa slagge it de [[Amelanners]] om troch it fieren fan in neutraliteitspolityk bûten ferskate grutte oarloggen te bliuwen, dêr't it buoreilân Skylge ferskillende kearen swier troch troffen waard. Hoewol't men de saneamde frijhear fan it Amelân hearrigens ferskuldige wie, genoat de eilânbefolking fierders in grutte mjitte fan frijheid, dy't mear noch as op it Fryske fêstelân in maatskiplike ôfkear fan rang en status oprôp.
 
Deselde sitewaasje waard hanthavene doe't de Van Cammingha's yn [[1681]] yn 'e manlike line útstoaren en it eilân oergie yn 'e hannen fan it aadlike slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn [[1704]] kocht steedhâlder [[Jehan Willem Friso]] it Amelân oan foar in bedrach fan 170.000 gûne, wêrnei't it oant de [[Frânske Tiid]] priveebesit bleau fan wat letter it [[Nederlân]]ske [[Hûs fan Oranje-Nassau|Keninklik Hûs]] wurde soe. As oerbliuwsel út dy tiid draacht de kening noch altyd de (no liddige) titel fan "frijhear fan it Amelân". Neffens jonker [[Montanus de Haan Hettema]], dy't yn [[1855]] ûndersyk die nei de testaminten fan 'e Van Cammingha's, wie ûnder it bewâld fan dat laach op it eilân it [[Hollânsk]] der de bestjoerstaal, wat betsjut dat it Frysk op it Amelân hast in ieuiuw earder de status fan bestjoerstaal ferlear (nammentlik yn [[1398]]) as op it Fryske fêstelân (om [[1500]] hinne). Dat soe dan wer bydroegen hawwe kinne oan in hegere maatskiplike status fan it Hollânsk en in legerenien fan it Frysk.
[[File:Ameland_klederdracht.jpg|right|thumb|200px|[[Amelân]]ske klaaiïng mei [[earizer]].]]
 
Underwilens spilen de Amelanners fan 'e [[sechstjinde ieuiuw]] ôf in wichtige rol yn 'e hannel op en it frachtferfier oer de [[Sudersee]], wat derta late dat se in protte kontakten hiene mei fral [[Amsterdam]], mar dêrnjonken ek mei oare Hollânske Suderseestêden. Fan 'e [[achttjinde ieuiuw]] ôf meunsteren fierders in protte Amelanners oan op 'e Amsterdamske [[keapfardij]]float dy't op 'e [[Nederlânsk East-Ynje|East]] fear. Teffens wurken party Amelânske froulju yn har jonkheid in stikmannich jierren yn Amsterdam as tsjinstfammen, foar't se weromkearden nei it eilân om in gesin te stiftsjen. Ek dizze inige bân mei Amsterdam sil perfoarst ynfloed hân hawwe op it taalklimaat op it eilân.
 
Hoewol't de boarnen oer de ûntfrysking fan it Amelân tige krap binne, liket it derop dat it in proses fan in pear ieuweniuwen west hat, wêrby't it westlike diel fan it eilân (dêr't de measte seefarders wei kamen) al yn 'e sechstjinde ieuiuw (grutdiels) oergie op it Hollânsk, wylst it easten noch in oardel oant twa ieuweniuwen oan it Frysk fêsthold en pas yn 'e achttjinde ieuiuw fan taal feroare. It lit him tinke dat der yn sa'n lange perioade tiid genôch wie foar de oarspronklik grif njonken inoar besteande talen om har mei-inoar te fermingen. Pas yn [[1801]], doe't it eilân al net mear Frysktalich wie, ferlear it foargoed syn ûnôfhinklikheid en kaam it by Fryslân te hearren. Om't de Fryske identiteit, sels yn dy tiid al, sterk op it sprekken fan 'e Fryske taal stipe, hawwe de Amelanners har nea Friezen field, en har sels sterk tsjin Fryslân en it Frysk ôfset.
 
Fanwegen de fragmintaryske oerlevering is oer it iere Amelânsk frijwol neat bekend. De âldste boarne is it ''Zeemanssprookje'' fan [[Jan Hendrik Heymans]], yn 'e [[Fryske Folksalmenak]] fan [[1842]]. Hoewol't der ûnder [[taalkundige]]n al langere tiid belangstelling foar it Amelânsk bestie, is der oant de twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] mar in bytsje ûndersyk nei dien. Yn 'e santiger jierren pakte de [[Fryske Akademy]], dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn [[Fryslân]], de saak op. De earste konkrete plannen foar in [[wurdboek]] fan it Amelânsk datearje fan [[1974]]. Fan [[1977]] ôf waard der tsien jier lang hurd bodde om dy plannen te ferwêzentlikjen, wêrby't it measte wurk ferset waard troch [[Anton Oud]]. As resultaat fan al dat labeurjen kaam yn [[1987]] einlings it mânske ''Woa'deboek fan ut Amelands'' út.
 
De ûntjouwing fan in formele [[stavering]], dy't oan 'e gearstalling fan it wurdboek te'n grûnslach lei, hat derta laat dat it dialekt sûnt mear as skriuwtaal brûkt wurdt. Sa is der in Amelânsktalige [[kollumn|kollem]] yn 'e pleatslike [[krante]]. Ek wurdt it dialekt brûkt troch eilanner [[popmuzyk|popmuzikanten]], lykas de band ''Gang is Alles'', en troch de [[Hollum]]er [[toaniel]]feriening ''Nut en Genoegen'', dy't geregeldwei in Amelânsktalich stik op 'e planken bringt en dêrmei yn it ferline ek ien kear yn 't jier ôfreizge nei [[Amsterdam]], om dêre foar de Amelânske mienskip om utens te spyljen. Sûnt de jierren 2000 wurdt der wurke oan in op 'e nij besjoene ferzje fan it Amelânske wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske yndeks oan taheakke wurde sil, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin.