Aldfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]
● [[Germaanske talen|Germaansk]]
● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]
● [[Noardwestgermaanske talen|Noardwestgermaansk]]
● [[Fryske talen|Frysk]]
● Aldfrysk
| dialekten =
| tiidrek = ±[[7e ieuiuw]] – [[1550]] (oerlevere [[1150]]-[[1550]])
| ûntstien út = [[Noardwestgermaansk]] ([[Proto-Frysk]])
| ûntjûn ta = ● [[Midfrysk]]
● [[Eastfrysk|Mideastfrysk]]
● [[Noardfrysk|Midnoardfrysk]]
Rigel 13:
| ISO 639-3 = ofs

It '''Aldfrysk''' wie de [[Westgermaanske talen|Westgermaanske taal]] dy't yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] oan 'e [[Noardsee]]kust fan [[Noardwest-Jeropa]] sprutsen waard troch de [[Friezen]]. It wie dêrmei de foarrinder fan 'e moderne [[Fryske talen]]. It Aldfrysk ûntjoech him rûchwei om 'e [[sânde ieuiuw]] hinne út it [[Proto-Frysk]]e [[dialekt]] fan it [[Noardwestgermaansk]]. It wie in behâldende [[taal]], dy't pas tsjin [[1550]] sadanich feroare wie, dat fan [[Midfrysk]] sprutsen wurde kin. Om't de ierste Aldfryske tekst út 'e [[tolfde ieuiuw]] datearret, wurdt it Aldfryske tiidrek ek wol omskreaun as duorjend fan [[1150]] oant [[1550]]. Dizze taal is benammen oerlevere yn 'e foarm fan [[oarkunde]]n en [[wet]]steksten. Wol besteane der âldere ynskripsjes dy't skreaun binne yn [[Anglofryske runen]], mar dy binne mar minmachtich, en boppedat faak foar mearderlei útlis fetber.

== Taalgebiet==
It Frysk waard yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] yn in folle grutter gebiet sprutsen as dat hjoed de dei it gefal is. Doedestiden koe ta it Fryske taalgebiet hast it hiele kustgebiet fan [[SieuskSiuwsk-Flaanderen]] oant it [[lân Wûrsten]] oare kant de [[Wezer]]mûning rekkene wurde, mei dêropta de [[Waadeilannen]] fan [[West-Fryslân]] oant en mei [[Wangereach]], it isolearre [[eilân]] [[Hilgelân]], yn 'e [[Dútske Bocht]], de kust fan [[Noard-Fryslân]], it [[skiereilân]] [[Eiderstedt]] ynbegrepen, en alle [[Noardfryske Eilannen]].<ref>Hutterer, Claus Jürgen, ''Die Germanischen Sprachen'', s. 236.</ref> Oan 'e begjin fan 'e Aldfryske perioade sil it Frysk nei alle gedachten ek bûten dat gebiet yn gebrûk west hawwe as in hannelstaal en mooglik as ''[[lingua franca]]''.
[[File:Lânkaart terreinferlies Frysk Magna Frisia.PNG|thumb|right|350px|It terreinferlies fan it [[Frysk]] yn [[Nederlân]] en [[Dútslân]] troch de ieuweniuwen hinne]]

Geandewei it Aldfryske tiidrek waard it Fryske taalgebiet lykwols stadichoan lytser. Tsjin 'e ein fan dy perioade waard it Frysk bewesten it [[Fly]] inkeld noch sprutsen op [[Teksel]], yn [[Noard-Hollân]] boppe it [[IJ (wetter)|IJ]] (mar net yn [[Kennemerlân]]), yn [[Súd-Hollân]] yn 'e omkriten fan [[De Kaach]], en yn [[Seelân]] yn [[Sieriksee]] en omkriten. Fierders hearden doe ek [[Fryslân]] en [[Noard-Fryslân]] noch altyd ta it Fryske taalgebiet, mar wie dat yn 'e [[Grinzer Ommelannen]] en [[East-Fryslân]] al flink begûn ôf te broazeljen. Tsjin [[1600]] wie de tsjintwurdige provinsje [[Grinslân]] alhiel ûntfryske rekke, wylst yn East-Fryslân inkeld noch it noardlike [[Harlingerlân]], de measte [[Waadeilannen]], it [[lân Wûrsten]] en it [[Sealterlân]] oan it Frysk fêstholden. Underwilens hiene har doe ek it [[Eastfrysk]] en it [[Noardfrysk]] losmakke fan it [[Westerlauwersk Frysk]] en wiene dy beide talen begûn oan in eigen ûntwikkeling.

== Skiednis ==
De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske [[Psalmen|psalm]]oersetting út 'e ein fan 'e [[tolfde ieuiuw]], mar yn [[2015]] waard yn in fierders [[Latyn]]sktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden ''Lesa mi, helpe mi'' ("Ferlos my, help my") en herte ande lenden god ("Hert en nieren God"), dy't datearret út 'e perioade [[1100]]-[[1125]].<ref>Boers, Erwin, ''Oudste Fries op perkament'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 23 juny 2015.</ref> Alle oare oerlevere teksten, benammentlik [[rjochtshânskrift]]en, binne fan 'e [[trettjinde ieuiuw]] of letter. De measten datearje út 'e [[14e ieuiuw|fjirtjinde]] en [[fyftjinde ieuiuw]], want tusken [[1300]] en [[1500]] belibbe it Frysk as skriuwtaal in grutte bloeitiid. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn [[Fryslân]], en wie sa wichtich dat al om [[1485]] hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de saneamde ''[[Freeska Landriucht|Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht]]''. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de [[boekdrukkeunst]] amper 35 jier earder útfûn wie.

Om [[1500]] hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e ferovering fan Westerlauwersk Fryslân troch [[Albrecht fan Saksen]], dy't de rjochten oer dat gebiet yn [[1498]] yn 'e hannen krigen hie. Dy loek neitiid in grut tal útlânske amtners oan en ferfong it Frysk as bestjoerstaal troch it [[Hollânsk]]. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan sawat de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om [[1550]] hinne lein wurdt, falt gear mei dy tebekfal fan skriuw- ta sprektaal. Dêrnei sprekt men fan [[Midfrysk]], in taalfoarm dy't pas om [[1820]] hinne stadichoan yn it moderne [[Nijfrysk]] oergean soe. Taalkundich sjoen is it grutste ferskil tusken it Aldfrysk en it Midfrysk it feit dat it Aldfrysk noch in [[namfal]]lesysteem hie, wylst dat by de oergong nei it Midfrysk weiwurden of alteast yn ûnbrûk rekke wie.
Rigel 62:

== Ferliking mei oare Westgermaanske talen ==
Oer it algemien komt it Aldfrysk sterk oerien mei it [[Aldingelsk]] (of Angelsaksysk). Sa dielt it bygelyks yn 'e [[palatalisaasje]] fan [[felêr]]e [[konsonant]]en, dy't krektlyk yn it Aldingelsk foarkomt. Dus wylst de [[Súdwestgermaanske talen]] [[Aldsaksysk]] en [[Aldnederlânsk]] it felêre bylûd oan 'e ein fan ''dag'' beholden, krige it Aldfrysk dêrfoar ''dei'', en it Aldingelsk ''dæġ'' (útspr.: [dæj]). [[Assibilaasje]] is in oar [[ingveonisme]], in [[taalkunde|taalkundige]] fernijing dy't wol yn 'e [[Noardwestgermaanske talen]] foarkamen, mar net yn 'e [[Heechdútske talen]], en mar sporadysk yn 'e [[Nederfrankyske talen]]. Dêrtroch waard de begjinklank fan "tsjerke" yn it Aldfrysk ''tziurke'' en yn it Aldingelsk ''ċiriċe'' (útspr. [ʧiriʧe]), wylst it yn it Aldsaksysk en it Aldnederlânsk (dat beide Nederfrankyske talen binne) ''kirika'' bleau. Fierders behold it Aldfrysk fan alle kontinintale Westgermaanske talen it langst de [[stimhawwende th]] (fan it Ingelske ''this'') en [[stimleaze th]] (fan it Ingelske ''thin''), oant de [[trettjinde ieuiuw|trettjinde]] of mooglik de [[fjirtjinde ieuiuw]] ta, wylst dy klank doe yn it Aldsaksysk en it Aldnederlânsk al lang ferskood wie ta in [d], in feroaring dy't al yn 'e [[njoggende ieuiuw]] yn it [[Aldheechdútsk]] úteinset wie.

Yn 'e tabel hjirûnder wurde ferskillende Aldfryske wurden mei oersettings fan oare [[Westgermaanske talen]] ferlike:<ref>Sjölin, Bo, "Das Altfriesische", s. 15-18.</ref>