Yndustry: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
==Skiednis==
De yndustry ûntjoech him yn 'e [[18e ieuiuw|achttjinde]] en [[njoggentjinde ieuiuw]] ûnder de [[Yndustriële Revolúsje]] yn [[Jeropa]] en [[Noard-Amearika]] ta de wichtichste sektor fan 'e ekonomy. Dêrby ûntwikkelen eardere [[feodaal stelsel|feodale]] en [[hannel]]sekonomyen har ta yndustrialisearre maatskippijen. Oan 'e grûnslach fan 'e Yndustriële Revolúsje leine ferskate fluch opinoar folgjende [[technology]]ske feroarings, lykas de yntroduksje fan [[stienkoal]] as foarm fan [[enerzjy]] en de grutskalige produksje fan [[stiel]] as grûnstof foar oare produkten.
 
De yndustrialisaasje stelde ferskate Jeropeeske lannen (fral [[Grut-Brittanje]] en [[Frankryk]], mar yn minder mjitte ek [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Dútslân]] en [[Itaalje]]) by steat om grutte [[kolonialisme|koloniale]] riken op te setten, wêrby't yn 'e [[koloanje]]s goedkeap [[grûnstof]]fen wûn wurde koene, wat de yndustrialisaasje yn it memmelân noch wer in nije ympuls joech. In protte [[ûntwikkelingslân|ûntwikkelingslannen]] (faak de eardere koloanjes) makken pas yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] (of sels oan it begjin fan 'e [[ienentweintichste ieuiuw]]) in eigen yndustriële revolúsje troch. Wylst yn Westerske lannen de yndustrysektor no yn 'e regel krompen is ta in lytser part fan 'e ekonomy yn it foardiel fan 'e [[tsjinstesektor]], makket yn lannen as [[Sina]] en [[Yndia]] de yndustry noch in tige grut part fan 'e ekonomy út.
 
==Yndieling==