Fulda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
Fulda ûntstie yn [[744]] by it fanwege [[Bonifatius]] troch [[Sturmius]] stichte [[benediktinen|benediktiner]] kleaster. De bysetting fan de ûnder [[Dokkum]] deadiene [[biskop]] yn de [[abdij fan Fulda]] makke fan de stêd in wichtich [[beafeart]]plak. Yn dy snuorje waard ek de [[romaanske arsjitektuer|romaanske]] [[Sint-Michaëltsjerke (Fulda)|Michaelstsjerke]] (818-822) set, ien fan de âldste tsjerken yn Dútslân. Bonifatius' [[Relikwy|reliken]] wurde bewarre yn de [[krypt]] ûnder de dom, dy't letter boud is.
 
Fulda rekke swier skansearre ûnder de [[Tritichjierrige Oarloch]], mar yn de [[18e ieuiuw]] belibbe de stêd in nije bloeitiid, dy't de stêd fan no har barokke foarkommen joech. De [[Dom fan Fulda|dom]] (1704-1712) datearret út dat tiidrek, lykas ek it stedspaleis en de [[oranjery]]. Yn dy tiid hie Fulda ek in universiteit, dy't oant 1805 bestien hat. It [[prinsbisdom Fulda]] waard yn [[1803]] sekularisearre ta [[foarstendom Fulda|foarstendom]] en oan [[Willem I fan de Nederlannen|Willem Frederik fan Oranje-Nassau]] (de lettere kening Willem I) tawiisd, mar waard him al yn [[1806]] wer ôfnaam. Yn [[1866]] waard it anneksearre troch [[Prusen]].
 
Under Fulda rint in east-west korridor fan leechlân tusken de [[Hohe Rhön]] en it [[Knüllberchtme]]: de Fulda Gap ('gat van Fulda'). [[Napoleon]] erkende it strategysk belang fan de korridôr al, mar yn de [[Kâlde Kriich]] waard it belang aktueel om reden fan it tichtby lizzende [[Izeren Gerdyn]]. Troch de korridor koe it [[Warsjaupakt]] nei Frankfurt optsjen, of koe de [[NAFO]] nei de súdlike [[East-Dútslân|East-Dútske]] yndustrykriten. Dat beide, de NAFO en it Warsjaupakt hienen dêr sterke legerienheden.