Lichfield: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 32 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q207371
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
'''City of Lichfield''' is in stêd (''city'') yn it distrikt [[Lichfield (distrikt)|Lichfield]], yn it [[Ingelân|Ingelske]] greefskip [[Staffordshire]]. One of eight civil parishes with city status in England, Lichfield is situated roughly 25 km benoarden [[Birmingham]].
 
Lichfield hat in ferneamde [[MidsieuwenMidsiuwen|midsieuskemidsiuwske]] katedraal. Lichfield wie it berteplak fan [[Samuel Johnson]], de skriuwer fan it earste gesachhawwende Ingelsk wurdboek (''Dictionary of the English Language''). De skreaune skiednis fan de stêd begjint yn [[669]] doe't [[Chad fan Mercia|St Chad]] it Diosee fan Lichfield stifte. De delsetting groeide út ta it tsjerklik sintrum fan it [[Keninkryk Mercia]]. Yn 2009 waard de [[Skat fan Staffordshire]] 5,9 km súdwestlik fan Lichfield fûn, de grutste [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] goud- en sulverfynst ea.
 
De ûntjouwing fan de stêd gie troch yn de [[12e ieuiuw]] ûnder [[Roger de Clinton|Biskop Clinton]] dy't de katedraal en de bebouwing dêr omhinne fersterke, en dy't ek ferantwurdlik wie foar it ljedderfoarmige strjitpatroan fan de stêd dat bewarre bleaun is. Lichfield syn belang krige de hichte yn de [[18e ieuiuw]] doe't it him ûntjoech ta in bloeiende stêd yn it [[postkoets]]netwurk. It wie in perioade fan grutte yntellektuele aktiviteit foar de stêd, dêr't in protte ferneamde lju wennen sa as [[Samuel Johnson]] (hy neamde Lichfield "a city of philosophers"), [[David Garrick]], [[Erasmus Darwin]] en [[Anna Seward]]. Yn Lichfield stiet ek it stânbyld fan [[Edward John Smith|Edward Smith]], kaptein fan de [[Titanic|RMS Titanic]].
 
Tsjintwurdich is de stêd noch fan belang as in tsjerklik sintrum, waans yndustriële en kommersjele ûntjouwing beheind bleaun is. It âlde stedssintrum is frijwat goed bewarre bleaun en hat goed 230 gebouwen op de monumintelist, mei moaie [[Georgiaanske arsjitektuer]]. Alde kultuerele tradysjes wurde yn eare holden.