Lech Wałęsa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 68:
Sûnt [[1995]] hat Wałęsa benammen aktyf west mei it jaan fan taspraken en lêzings by ferskate [[universiteit]]en en oare organisaasjes yn binnen- en bûtenlân. Yn [[1996]] rjochte er it [[Lech Wałęsa Ynstitút]] op, in [[tinktank]] dy't de [[demokrasy]] yn Poalen en de rest fan 'e wrâld ûnderstypje moast. Yn [[1997]] holp er by de oprjochting fan in nije politike partij, [[Kristen-Demokrasy fan de 3e Poalske Republyk]]. By de Poalske presidintsferkiezings fan [[2000]] stelde Wałęsa him op 'e nij ferkiesber, mar helle er mar in pynlike 1% fan 'e stimmen. Dy flater makke er yn [[2005]] net nochris; doe rôp er syn oanhingers op om te stimmen op [[Donald Tusk]].
 
Yn [[2006]] sei Wałęsa syn lidmaatskip fan Solidariteit op, om't er him net fine koe yn 'e stipe dy't it liederskip fan it fakbûn jûn hie oan 'e rjochtse [[Wet en Rjocht (partij)|Wet en Rjocht]]-partij en de opkomst fan 'e [[twilling]]bruorren [[Lech Kaczyński|Lech]] en [[Jarosław Kaczyński]]. Wałęsa liket teloarsteld te wêzen yn it [[kapitalisme]], mei't er yn [[2011]] syn stipe foar de ''[[Occupy Wall Street]]''-beweging útspriek, en teffens in artikel skreau wêryn't er oppenearre dat it [[kommunisme]] de iennichste libbensfetbere, sij it tydlike, oplossing is foar earme [[Afrika]]anske lannen yn 'e [[ienentweintichste ieuiuw]].
 
===Priveelibben===