Stedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
 
== Skiednis ==
Neffens de tradysjonele teory is it Stedsk ûntstien yn 'e jierren nei [[1498]], doe't hartoch [[Albrecht fan Saksen]] yn [[Fryslân]] de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út [[Hollân]] wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it [[Hollânsk]], dat him troch de ynfloed fan it [[Frysk]] meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. Dizze teory giet dus út fan in troch it Frysk beynfloede fuortsetting fan it [[16e ieuiuw|sechstjinde-ieuskeiuwske]] Hollânsk.
[[File:Nordholland Harlingen 2004 003a.jpg|right|thumb|250px|De [[haven]] fan [[Harns (stêd)|Harns]].]]
 
Nei de machtsoername troch Albrecht fan Saksen waard it Frysk as bestjoerstaal ferfongen troch it Hollânsk. In oare teory oer it ûntstean fan it Stedsk borduerret dêrop fuort en hâldt út dat de boargerij yn 'e Fryske stêden doe besocht de nije taal oer te nimmen, fanwegen de hegere status dy't dy hie, mar dêrby it Hollânsk ferbastere ta it Stedsk. Neffens dizze teory soe it Stedsk dus gjin ferfryske taal fan Hollanners, mar in ferhollânske taal fan Friezen wêze. De wichtichste oanhinger fan dat idee wie de [[taalkundige]] [[Gesinus Gerhardus Kloeke|G.G. Kloeke]], dy't syn teory oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] omskreau as ''Hollands in Friese mond'', mei oare wurden: it breklik sprutsen Hollânsk fan Friezen. No foel it mei dy breklikens wol wat ta, want safolle ferskilt it Stedsk net fan 'e dialekten dy't foarhinne yn noardlik [[Hollân]] sprutsen waarden. Der is noch in oare fariant fan dizze teory. De [[frisist]] [[Godard Gosses]], in tiidgenoat fan Kloeke, besocht en toan oan dat it Stedfrysk eins in soarte fan Frysk wie. Hy woe hawwe dat ynwenners fan 'e Fryske stêden nea opholden wiene mei Frysk te praten, en dat de Hollânske wurdskat fan it Stedsk ûntstien wie troch massale ûntliening.
 
Undersikers as [[Reitze Jonkman]] en [[Arjen Versloot]] geane der hjoed de dei lykwols fan út dat it Stedsk benammen troch keaplju yn Fryslân yntrodusearre is. Yn dy tiid, ear't der in [[Nederlânske standerttaal]] ûntstie, gou it Hollânsk nammentlik as ''[[lingua franca]]'' foar de hannel tusken de ûnderskate Nederlânske gewesten. Troch eigen ûntjouwings en lettere ynfloeden fan it Frysk en it [[Nederlânsk|Standertnederlânsk]] soene de Stedske dialekten har neffens Jonkman en Versloot ta har tsjintwurdige foarmen ûntjûn hawwe.
Rigel 35:
[[Taalkundige]] [[Pieter Duijff]], oan 'e oare kant, sleat him yn [[2002]] noch oan by de tradysjonele "amtnersteory". It liek him de iennichste útlis foar it feit dat it Stedsk net yn 'e stêden [[Warkum]], [[Drylts]], [[Sleat (stêd)|Sleat]] en [[Hylpen]] en likemin yn 'e gruttere doarpen sprutsen waard, wat yndie logysk wêze soe as de taal troch keaplju yn Fryslân brocht wie, want yn alle gruttere plakken waard hannel dreaun. Allinnich de wichtichste plakken wiene lykwols bestjoersstintra, en inkeld dêr soe him dus in útlânske amtnerij fêstige hawwe.<ref>Duijff, Pieter, ''Fries en Stadsfries'', s. 29.</ref> As dat sa is, bliuwt fansels wol de fraach wêrom't it lytse [[Starum]] dan in Stedsk dialekt hat. Der wurdt trouwens wolris tocht dat it [[Starumersk]] minder âld is as de oare Stedske dialekten út 'e stêden; fan 'e doarpsdialekten fan [[Kollum]] en [[it Hearrenfean (plak)|it Hearrenfean]] is dat mei wissichheid bekend.
 
Yn elts gefal moat it Stedsk fierhinne yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] (mei mooglik noch in diel fan 'e [[santjinde ieuiuw]] derby) ûntstien wêze. Om't der gjin skreaune boarnen út dy tiid oerlevere binne, is lykwols dreech te sizzen hoe't it Stedsk út 'e begjintiid der krekt útsjoen hat. Ek is ûndúdlik hokker Hollânske dialekten oft krekt oan it Stedsk te'n grûnslach lein hawwe. Guon taalkundigen tinke op grûn fan taalferliking sels oan in [[Brabânsk]]e ynfloed. It âldste oerlevere Stedsk is in tekst yn it [[Ljouwertersk]], dy't datearret út [[1768]]. De skriuwer, [[Anne Jeltema]], beskriuwt dêryn hoe't it doedestiden om en ta gie mei it keapjen en fersoargjen fan [[slachtfee]]. Hjirûnder in fragmint:
<blockquote>''De andere daagsavens zude het Beest slagt wudde, en ik hat bedongen, dat de Boer 't teugen die tied zude opbringe laate. Ik gong dan de avens (want zien, ik wilder niet om flouwe) metten halve bok na bed toe, en sliep de morgens wat langer as ik anders wend waar; ten minsten, eer wij op kwammen, wudder schrikkelijk oppe deur klopt, en dat waar just de Keerel mette Koe. Ik kennet jou niet half zegge, hoe blied dat ik waar. 'k Hadde uit voorzorg en Dikkop klaar zet, dar wij ris helder van proefden. Wij bonnen de Koe anne leuning van mien stoepe vast, en dat ston (ken ikje zegge) vooren Keuning. Ik gong fluitende en zingende na mien Wief toe, die nog op bed lag, om hoor dat nijs te bringen, en vroeg hoor met ien, of ze het Beest niet ris zien zude? Zij begon te zugten, en zei: Op die wieze gaat de heele week weer na Sinjeur!''<ref>Feitsma, A., en Bosma, R., ''Frysk út de 18de IeuIuw'', yn: ''Estrikken XXII'', Grins, 1961, s. 77.</ref></blockquote>
[[File:Lânkaart lokaasje Stedsk yn Hollânsk taalgebiet.PNG|right|thumb|250px|De lokaasje fan 'e Stedske dialekten (read) yn it gruttere [[Hollânsk]]e dialektgebiet (ljochtgriis).]]
 
Oant djip yn 'e [[achttjinde ieuiuw]] waard it Stedsk beskôge as in foarm fan it Nederlânsk dy't moai binnen de folle bredere sprektaalnoarm fan dy tiid lei. It Stedsk wie fansels wol in dúdlik regionaal kleure fariant fan 'e Nederlânske standerttaal, mar waard net beskôge as in ôfwikend dialekt. Sadwaande hie it Stedsk, as "it Nederlânsk" (sa't dat yn Fryslân sprutsen waard) ieuwenlangiuwenlang in folle hegere maatskiplike status as it Frysk, dat nei [[1500]] in sprektaaltsje op it plattelân wurden wie. Pas nei [[1800]], doe't men regionale wurdfoarmen út 'e standerttaal begûn te wjudzjen en dêrnjonken it [[ûnderwiis]] en de ferkearsferbinings ferbettere waarden, begûn men it Stedsk as in dialekt te beskôgjen, en dialekten, sa fûn men doedestiden, wiene breklike taalfarianten dy't útroege wurde moasten. It Stedsk wist lykwols oant de ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] noch syn relatyf hege status as taal fan 'e stedske boargerij en de Fryske [[adel]] te behâlden. Sûnt hat it Frysk krekt wer in hegere status krigen, wylst it Stedsk ta de taal fan it sljochtwei stedsfolk wurden is en de hegere klassen oergien binne op it Nederlânsk.
 
==Wurdboeken==
Rigel 46:
 
==Sprekkers==
De Stedske dialekten wurde hjoed de dei yn Fryslân sprutsen troch in oansjenlik diel fan 'e befolking. As de gegevens dy't yn 'e ''[[Bosatlas fan Fryslân]]'' ([[2009]]) per gemeente jûn wurde oangeande ynwenners en har memmetalen,<ref>''Bosatlas fan Fryslân'', s. 228-289.</ref> omrekkene wurde nei de hiele provinsje, komt men út op 39.728 Stedsksprekkers yn Fryslân, dus ôfrûne omtrint 40.000 lju. Dat komt del op sa'n 6,3% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje. Mei noch likernôch 5.000 Stedsktaligen om utens komt it totaal oantal sprekkers dan op likernôch 45.000 út. Fierwei it grutste Stedske dialekt is it [[Ljouwertersk]], mei rom 19.000 sprekkers. It Feanstersk, fan [[it Hearrenfean (plak)|it Hearrenfean]], liket yn 'e rin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] útstoarn te wêzen.
 
== Taaleigenskippen ==
=== Grammatika ===
De [[grammatika]] fan it Stedsk krûpt bytiden dy fan it Frysk ticht oan. It is min nei te gean ynhoefier't it dêrby giet om ûntliening oan it Frysk, en ynhoefier't de Stedske ferskynsels yn 'e sechstjinde ieuiuw foarkamen yn 'e Hollânske dialekten, wêrfan't guon, lykas it [[Lânwestfrysk|Westfrysk]], it [[Wetterlânsk]] en it [[Saansk]], doe noch dúdlike spoaren fan in Frysk [[substraat]] beholden hiene. De opfallende ôfwêzichheid fan in [[foarheaksel]] op ôfslutende [[mulwurd]]en is sa'n ferskynsel:
{| class="wikitable"
|-
Rigel 100:
 
=== Wurdskat ===
Hoewol't it Stedsk op hast alle oare terreinen mear op it Frysk liket as op it Nederlânsk, is de [[wurdskat]] fan it Stedsk yn hege mjitte fan Nederlânsk (of alteast [[Hollânsk]]) komôf. Sadwaande kin in Nederlânsksprekker mei wat goede wil it Stedsk wol neikomme, wylst er fan it Frysk nei alle gedachten net folle ferstean sil. De ûnderskate Stedske dialekten ferskille ûnderling, mar se hawwe in grut part fan 'e [[wurdskat]] gemien. Hoewol't it liket as soe dy fierhinne út Nederlânske en Fryske wurden bestean, wize wurden as ''seun'' ("soan"), ''teugen'' ("tsjin"), ''sundach'' ("snein") en ''kurt'' ("koart") derop dat der njonken dy beide talen noch in trêde boarne bestien hat, nammentlik de sechtsjinde-ieuskeiuwske Hollânske dialekten, dy't foar 't neist fierwei it grutste part fan 'e wurdskat fan it Stedsk levere hawwe.
 
Nettsjinsteande it Hollânske karakter fan 'e Stedske wurdskat komme der ek wurden yn foar dy't dúdlik fan Frysk komôf binne, lykas ''hammer'' ("hammer"), dêr't it Hollânsk ''hamer'' hat, en tuskenfoarmen, lykas ''joeke'' ("jûkje"), foar it Hollânske ''jeuken''. Teffens binne der typysk Fryske wurden dy't yn it Nederlânsk of Hollânsk hielendal net (of net yn dy foarm) besteane. Dêrby giet it almeast om wurden út 'e húslike sfear, lykas (yn it Starumersk) ''heit'' en ''mem'' ("heit" en "mem"; Ned.: ''vader'' en ''moeder'' of ''pa'' en ''ma''), of om wurden út 'e Frysktalich bleaune [[lânbou]]terminology, lykas ''jaar'' ("jaar"; Ned.: ''uier'') en ''jarre'' ("jarre"; Ned.: ''gier''). Mar ek ferskate útdrukkings, lykas ''met sin doën'' ("mei sin dwaan"; Ned.: ''met opzet doen''), ''gyn ferlet fan hewwe'' ("gjin ferlet fan hawwe"; Ned.: ''geen behoefte aan hebben'') en ''gyn nocht an hewwe'' ("gjin nocht oan hawwe"; Ned.: ''geen zin in hebben'') binne ôfkomstich út it Frysk.
 
Oare ferskillen mei it moderne Nederlânsk binne werom te fieren op 'e steat fan it sechstjinde-ieuskeiuwske Hollânsk. Sa binne Stedske foarmen as ''lêge'' ("lizze"; Ned.: ''leggen'') dêrút fuortkommen, en ek wurden as ''farndel'' ("fearn"; Ned. ''kwart''), dy't ûnderwilens út 'e Nederlânske standerttaal weiwurden binne. Mei it Frysk hat it Stedsk ek ferskate [[lienwurd]]en út it [[Frânsk]] oernommen dy't net yn it Nederlânsk foarkomme. Dy ûntliening is nei alle gedachten wol fia it Nederlânsk ferrûn, mar yn dy taal moatte it moadewurden west hawwe dy't neitiid wer ferdwûn binne. Foarbylden binne ''aveseare'' ("avensearje"; Ned.: ''opschieten''), dat tebekgiet op it Frânske ''avancer'' ("foarútgean"); ''koese'' ("koese"; Ned.: ''slapen''), fan ''coucher'' ("lizze"); en yn it [[Harnzersk]]: ''sjantere'' ("seure"; Ned.: ''zeuren''), fan ''chanter'' ("sjonge").
 
=== Ynfloeden fan it Nederlânsk ===