Gerben Colmjon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
No edit summary
Rigel 13:
| taal = [[Frysk]], [[Nederlânsk]]
| sjenre = [[poëzij]], [[literatuer|lit.]] [[koart ferhaal|koarte ferhalen]], <br>[[non-fiksje]], oersettings
| perioade = 2e helte [[19e ieuiuw]]
| streaming =
| tema's =
Rigel 27:
Colmjon wie de soan fan Pieter Colmjon en Pietje Edzerda. Yn [[1855]] troude er mei Marijke Groothelm, dy't foàr him stoar. Fan hûs út wied er [[boarstelmakker]] en boekferkeaper, mar yn syn frije tiid brocht er himsels troch iverige stúdzje [[skiednis]], de klassike talen ([[Latyn]] en [[Gryksk]]) en ferskate moderne talen by. Dizze autodidakt wist in baan oan 'e [[Provinsjale Bibleteek]] te bemachtigjen, en yn [[1868]] waard er troch de [[Steaten fan Fryslân]] beneamd te argivaris en bibliotekaris fan Fryslân. Yn [[1877]] folge in beneaming ta ryksargivaris yn Fryslân mei it ferlof om it amt fan provinsjaal bibliotekaris derby te hâlden.
 
Fan amtswegen sette er útein mei de fiifdielige ''Systematische Catalogus van de Provinciale Bibliotheek van Friesland'', mei in alfabetysk register, dat nei syn dea, yn [[1887]], foltôge waard troch syn opfolger Berns. Boppedat stalde er it ''Register fan Oarkunden, Dy't yn it [[Sjarterboek]] fan Fryslân Untbrekke, Oant it Jier 1400'' gear (publ. [[1883]]). Njonken syn wurk wied er in fjurrich strider foar it [[Frysk]]. Yn [[1849]] waard er lid fan it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]], dêr't er fan [[1862]] ôf in fearnsieufearnsiuw siktaris fan wie. Hy wie de [[útjouwer]] fan 'e werprintingen fan ''[[Rimen en Teltsjes]]'' fan 'e [[bruorren Halbertsma]] ([[1871]] en [[1881]]), siet yn 'e Staveringskommisje 1876 (en wurke as sadanich mei oan 'e gearstalling fan 'e earste offisjele stavering fan it Frysk, de saneamde "[[Selskipsstavering]]" fan [[1879]]), en skreau [[gedicht]]en en [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] yn alderlei [[tydskrift]]en, somtiids ûnder de [[skûlnamme]]n "Eelke" en "G. P.". Ek wie fan syn hân in ''Beknopte Friesche Spraakkunst'' ([[1863]]) en in oersetting fan it ''[[Evangeelje fan Lukas]]'' nei it Frysk ([[1879]]).
 
===Wurk/Utjeften===