Ferskil tusken ferzjes fan "Mongoalje"

gjin bewurkingsgearfetting
L (Removing Link GA template (handled by wikidata))
 
== Skiednis ==
Oant en mei de ein fan de [[midsieuwenmidsiuwen]] giet de skiednis fan Mongoalje lykop mei dat fan it hiele steppegebiet fan Euraazje. Dizze skiednis jout it byld fan hieltyd wikseljende machtskonsintraasjes, foarme troch federaasjes fan [[nomaden|nomadestammen]]. Ferskate folken hawwe dêrby belutsen west, û.o. de [[Skyten]], [[Sarmaten]], [[Turken]], [[Mongoalen]] en [[Toengoezen]]. Healwei de [[12e ieuiuw]] wienen de ''Mangchol'', de echte Mongoalen, in lytse stam yn it gebiet fan de Onon en de Keroelen. Besibbe stammen yn Mongoalje wienen de ''Tartaren'', dy't harren namme jûn hawwe oan de letter Turksk-Mongoalyske hearskers fan Ruslân.
 
[[Jengis Kaan]] slagge dêryn, troch al dizze folken oan him te ûnderwurpen, de grûnslach te lizzen foar de Mongoalske wrâldmacht. Foar syn dea ferdielde hy syn ryk ûnder syn fjouwer soannen. In pakesizzer fan Jengis Kaan, [[Batoe]] stifte it Russyske Mongoalenryk fan de [[Gouden Horde]]. Yn [[1258]] waard it Kalifaat fan Bagdad troch [[Hoelagoe]] ferneatige en yn [[1279]] wie in [[Soeng-Dynasty|Soengryk]] yn Súd-Sina alhiel troch [[Koebilai-Kaan]] ferovere. Hy festige him as earste keizer fan de [[Juan-Dynasty]] Tsjin de ein fan de [[13e ieuiuw]] wie dat Mongoalenryk útinoar fallen yn in tal selsstannige steaten. Yn [[1368]] waard de lêste Juan-keizer út Sina ferdreaun troch de Ming. De Mongoalen yn Perzje en Ruslân stapten oer op it [[islam]]ityske leauwen.
 
Yn de súdwestlike parten fan it Mongoalenryk bleaunen de Mongoalske tradysjes it langst bewarre. Lettere feroverers as [[Timoer Lenk]] en [[Baboer]] soenen harren noch op dizze tradysjes beroppe. De [[Mantsjoe-dynasty]] wreide de Sineeske hearskippij oer Mongoalje út. Yn de [[17e ieuiuw]] wei sprake fan in ''Binnen-Mongaalje'' en in ''Bûten-Mongoalje'', hokker ûnderskied te krijen hie mei de gebieten súdlik en noardlik fan de [[Goby-woastyn]]. It suden kaam foarfêst yn Sineeske hannen, it noarden hâlde foar in grut part har politike en kulturele selsstannigens. Bûten-Mongoalje ferklearre har yn [[1911]] by de fal fan de Mantsjoe-Dynasty selsstannich.
 
Yn [[1919]] besette Sineeske troepen it lân. In koart skoft hearske de [[Witten (Ruslân|Witte]] generaal [[Roman von Ungern-Sterbern]], oan waans bewâld it [[Reade leger]] in ein makke soe. In Mongoalske regearing waard oansteld dy't troch de [[Sowjet-Uny]] kontrolearre waard.
10.424

bewurkings