Haadling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Soms waard yn tiden fan oarloch in ''haadling'' as oarlochslieder beneamd. By de Germanen hiet sa'n oarlochslieder [[hartoch]].
 
== MidsieuwenMidsiuwen ==
Yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]], doe't by de measte folken de funksje fan haadling oernommen waard troch [[eallju]], bleau by de Friezen de funksje fan haadling bestean. Sy wienen foaral persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Doe it greeflik gesach yn [[Fryslân]] ophâlde en in nij tiidrek fan [[Fryske frijheid]] begûn, krige dizze haadlingen in protte macht. Yn doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlik en juridysk foech. As teken fan harren macht, mar ek as ferdigening yn de [[Skieringers en Fetkeapers|partijstriid]], bouden sy [[stins|stinzen]], fersterke stiennen huzen.
 
== Fryslân ==
De [[15e ieuiuw]] lit yn Westerlauwersk Fryslân in grutte ekspânsje sjen fan de macht fan de haadlingen. De boarnen út dy tiid jouwe net altyd in helder byld, mar konstatearre wurde kin is dat it meastepart fan de steden, doarpen en kleasters har ûnder beskerming fan haadlingen stelt hawwen. Yn de twadde helte fan dizze ieuiuw wienen suver alle plakken behearske troch haadlingen of ûndersaten fan haadlingen.
 
De tanimmende macht fan de haadlingen late lykwols net ta in fersterking fan rjocht en oarde yn Westerlauwersk Fryslân, mar wol ta in skaalfergrutting fan de ûnderlinge konflikten tusken haadlingen. Trochdat guons fan har grutte talen ûndersaten mobilisearre koenen om mei te dwaan oan kriichstochten, wylst sy fakentiden ek noch steande legerkes fan hierlingen op nei hâlden, waarden hieltyd gruttere parten fan de maatskippij by gefjochten belutsen. Dat alles kaam de geregelde foargong fan de rjochtspraak net ten goede hokke troch dizze ûntwikkeling fierder ûntregele en ferknûkelje waard.
Rigel 16:
De haadlingen hearskippij oer de steden wie minder absolut as oer de doarpen, mar de trije machtichste haadlingenlaachen fan Fryslân, de [[Siaerda]]s, [[Harinxma]]s en [[Juwinga]]s hienen op in bepaald stuit de folsleine sizzenskip oer respektivelik [[Frjentsjer]], [[Snits]] en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]. Oars as yn [[Eastfryslân]] koe gjin fan de haadlingen de oerhân krije. In lânshaadling hat der yn Westerlauwersk Fryslân neat west.
 
Mei de komst fan [[Saksentiid|Saksyske hartoggen]] yn [[1498]] kaam der stadichoan in ein oan de selsstannich macht fan de haadlingen. De Saksen, en nei harren de Boergondyske Keizers hawwe mei privileezjes de measte haadlingen oan it lânsbewâld bûn. Yn guon gefallen krige in haadling in aadlike titel, de oare privilegearde haadlingen neamden har ''hearskip'' of ''jonker''. Troch de 16e en 17e ieuiuw hienen dizze hearskippen noch in grutte ynfloed op it bestjoer fan Fryslân, mei't hja faak de, hast erflike, funksje fan [[grytman]] hienen. Earst yn de [[Bataafske Republyk]] kaam der in ein oan dizze bestjoerlike macht.
 
{{boarnen|boarnefernijing=