Beda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Neffens eigen sizzen kaam Beda sân jier âld al te wenjen by de [[Benediktinen]] yn it [[kleaster]] fan [[Wearmouth]]. Hy brocht dêr it grutste part fan syn libben troch. Doe't er 19 jier âld wie, waard er [[diaken]] en alve jier letter waard er ta [[pryster]] wijd.
 
In grut part fan syn libben spandearre er oan stúdzje, skiedskriuwerij en bibelûnderrjocht. Hy helle in soad kennis út de bibel en de skriften fan de [[tsjerkelieders]]. Beda beskikte oer in soad kennis fan de [[Latynsk]]e taal en koe him der goed yn uterje. Fierders koe er in bytsje [[Gryksk]] en [[HebrieuskHebriuwsk]]. Hy wurdt beskôge as in learde mei in soad kanten, dy't him op it mêd fan de [[tsjerkeskiednis]] tige ferstsjinstlik makke hat.
 
== Wurken ==
Rigel 12:
Syn bekendste wurk is ''[[Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum]]'' (''Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk''), dêr't Beda de (tsjerke)skiednis fan it [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] folk yn beskriuwt fan de tiid fan [[Julius Caesar|Caesar]] oantenmei it jier [[731]]. Dat wurk is fan grut belang foar ús kennis oer it politike en deistige libben út syn tiid. Ek foar ús Fryske skiednis foarmet it in boarne. Troch him witte wy dat [[Aldgillis]] in kening wie en net ûnderhearrich oan it [[Frankyske ryk]]. Foar Fryslân is Beda ek fan belang troch syn skriuwen yn de ''Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum'' as er yn diel 1,15 skriuwt oer de Angelsaksyske ynvaazje en [[Hengist en Horsa]]. Yn 2013 ferskynde in [[Frysk]]e oersetting fan in tal fragminten út ''Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum'' fan de hân fan [[Klaas Bruinsma (literêr oersetter)|Klaas Bruinsma]].
 
Fierders hat hy twa hânboeken opsteld foar de tiidrekkening yn de Tsjerke: it ''Liber de temporibus'' en ''De temporum ratione''. Dizze wurken oer [[kronology]] hie grut gesach yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]]. Fan grut skiedkundich belang is syn wurk oer de peaskesyklus, oan de hân hjirfan koene alle takomstige Juliaanske datums fan [[Peaskesnein]] fêstlein wurde. Beda skreau ek in natuerwittenskiplik wurk: ''De natura rerum'' (''Oer de natoer fan de dingen''). Wat opfalt yn dit boek is dat Beda skreau dat de ierde rûn wie as 'in spylbal' en net as 'in skyld'. Fierders skreau er foar syn learlingen ferhannelings oer de [[spraaklear]]. Oar skiedkundich wurk binne biografyen fan de [[abt]]en fan de kleasters fan Wearmouth en Jarrow, en oer it libben van Sint [[Cuthbert]] fan [[Lindisfarne]].
 
Syn lêste wurk, dat pas foltôge waard op syn stjerbêd, wie in oersetting yn it [[Aldingelsk|Angelsaksysk]] fan it [[Jehannes (evangeelje)|Evangeelje nei Jehannes]].
Rigel 29:
[[Kategory:Bibeloersetter]]
[[Kategory:Hagiograaf]]
[[Kategory:MidsieuskMidsiuwsk skriuwer]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Tsjerkehistoarikus]]