Isidoarus fan Sevilla: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Libben ==
Isidoarus, berne yn [[Kartagena]], wie de soan fan Severianus en Teodora en libbe yn Spanje yn de [[Iere MidsieuwenMidsiuwen]]. Syn famylje levere ferskate wichtige geastliken lykas syn bruorren Leander en Fulgentius, beide biskop, en syn suster Florentina dy't talrike kleasters stifte. Hy folge syn broer [[Leander fan Sevilla|Leander]] op as [[aartsbiskop]] fan [[Sevilla (stêd)|Sevilla]]. Syn oare broer Fulgentius wie biskop fan [[Écija|Astigi]].
 
Isidoarus wie biskop yn it roerige tiidrek dat folge nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]]. Hy besocht de Goatyske kultuer fan de [[Fisigoaten]], dy't Spanje sûnt it [[Grutte Folkeferfarren]] beset holden, mei de oerlevere Romeinske kultuer en de kristlike lear te kombinearjen. Dêrby roege hy ek de lêste fan it [[arianisme]] út doe't hy de Fisigoatyske kening [[Reccared I]] ta it [[katolisisme]] bekearde. Hy wie prominint oanwêzich op it [[Konsylje fan Sevilla]] yn [[619]] en it [[Konsylje fan Toledo]] yn [[633]]. By dat lêste konsylje stelde hy [[seminaarje]]s yn by alle Spaanske katedralen. [[Gryksk]], [[HebrieuskHebriuwsk]] en de [[Sân frije keunsten|frije keunsten]] as stúdzje stelde hy dêrby ferplicht, wylst [[rjochten]] en [[genêskunde|medisinen]] troch him oanmoedige waarden. Troch dizze inisjativen fan him, is foar in grut part te tankjen dat in soad klassike kennis troch de midsieuwenmidsiuwen hinne yn Spanje behâlden bleaun is.
 
== Ensyclopedist ==
Isidoarus skreau meardere boeken, mar is benammen ferneamd wurden as earste gearstaller fan in [[ensyklopedy]], de tweintichdielige [[Etymologiae]]. Oare skriften fan Isidoarus binne biografyske wurdboeken, synonimenwurdboeken ("De differentiis verborum", "De differentiis rerum", "Synonyma") en [[Kronyk|Kronikenen]] ("Chronicon"). Dêrneist ferskine teologyske, taalkundige en natuerhistoaryske wurken fan syn hân. Syn ensyklopedy wie yn de midsieuwenmidsiuwen tige populêr en waard ûntelbere kearen kopiearre.
 
== Beskermheilige ==
Rigel 44:
[[Kategory:Goatysk wittenskipper]]
[[Kategory:Goatysk skriuwer]]
[[Kategory:MidsieuskMidsiuwsk skriuwer]]
[[Kategory:Tsjerkfaar]]
[[Kategory:Roomsk-katolyk hillige]]