Kamp Westerbork: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 5:
 
== Foarskiednis ==
Oan de foarjûn fan de [[Twadde Wrâldkriich]] flechten mear en mear [[Dútslân|Dútse]] joaden foar de naziterreur de grins mei Nederlân oer. It doetiidske Nederlânske regear woe skeel mei Dútslân foarkomme en sleat op [[15 desimber]] [[1938]] de grins (inkelde wiken nei de [[Kristallnacht]]), en bestimpele de flechtlingen as net winslike frjemdlingen. Sy moasten yn ien grut [[flechtelingflechtling]]enkampekamp ûnderbrocht wurde. Yn febrewaris [[1939]] beleat it regear ta de bou.
 
Earst soe it kamp by [[Elspeet]] boud wurde, mar [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Keningin Wilhelmina]] fûn de lizzing op tolve kilometer fan [[Paleis It Loo|It Loo]] te tichteby en ek de [[ANWB]] wie tsjin de lokaasje, want de fakânsjeminsken moasten de hiele [[Feluwe]] ta harren foldwaan hawwe kinne. Dêrom waard úteinlik keazen foar it Amerveld op de [[Drinte|Drintse]] heide ûnder [[Hooghalen]], tsien kilometer benoarden it doarp [[Westerbork (doarp)|Westerbork]]. Yn augustus [[1939]] waarden de earste barakken dêr boud troch arbeiders yn de [[wurkferskaffing]]. De offisjele namme waard ''Centraal Vluchtelingenkamp Westerbork''.
Rigel 12:
 
== Twadde Wrâldkriich ==
Yn de besetting makken de nazinazy's tankber gebrûk fan de al besteande kampsruktuer. Westerbork kaam op [[1 july]] [[1942]] ûnder DútsDútsk bestjoer. Fan oktober 1942 oant april 1945 wie [[Albert Konrad Gemmeker]] kommandant fan it kamp. As ''Polizeiliches Durchgangslager Westerbork'' waard it in trochgongskamp foar [[joaden]], [[sigeuners]], [[homoseksueel|homoseksuelen]] en [[FersetsbewegingNederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|fersetsminsken]], dy't per trein ôffierd waarden. Yn't earstoan barde de dat fia stasjon Hooghalen, mar nei in skoft waard in spoar oanlein dat it kamp ferbûn mei it spoar tusken [[Beilen]] en [[Assen]].
[[Image:Modell Westerbork.jpg|thumb|250px|''Makette fan it kamp''.]]
 
Rigel 18:
Yn totaal waarden fan [[1942]] oant [[1944]] goed 107.000 finzenen út Westerbork wei mei de trein deportearre. Mar 5.000 fan harren kamen libben werom.
 
Guon fan de slachtoffers waarden letter bekend. [[Etty Hillesum]] hat yn Westerbork fêst sitten foar't hja deportearre waard, en [[Anne Frank]] en har famylje waarden op ien fan de lêste transporttreinen fan Kamp Westerbork nei [[Auschwitz]] set. Ek it [[sigeuners|Sinti]]-famke [[Settela Steinbach]] is fia Westerbork deportearrege. De sjoernalist, foar it Algemeen Handelsblad, [[Philip Mechanicus]] waard op 7 novimber 1942 nei Westerbork ôffierd en op 8 maart 1944 op transport steld nei [[Bergen-Belsen]]; op 9 oktober 1944 waard er mei in straftransport fan 120 man nei Auschwitz-Birkenau brocht, dêr't er 3 dagen letter deasketten waard.
 
De lêste trein ferliet Westerbork op [[13 septimber]] [[1944]].<ref>Nationaal Verzetsmuseum in Overloon</ref> Op [[12 april]] [[1945]] waard it kamp troch [[Kanada|Kanadeeske]] soldaten befrijd. Der wienen doe noch sa'n 900 finzenen oer. It kamp kaam doe ûnder Nederlânsk kommando en de bewenners moasten dêr noch wiken bliuwe eardat sy nei hûs mochten.
Rigel 25:
Nei de oarloch hat de Nederlânske oerheid it kamp inkelde jierren brûkt foar it sûnder proses fêsthâlden fan [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB'ers]] en [[kollaboraasje|kollaborateur]]s.
 
Dêrnei hat it noch in skoft tsjinne as militêr kampemint, en yn [[1951]] waard Kamp Westerbork ynrjochte as wenoarde foar demobilisearre [[Keninklik Nederlânsk-Ynjysk Leger|KNILKNYL]] militêren fan [[Súd-Molukken|Súd-Molukse]] komôf. It krige doe de namme ''Schattenberg'', nei in hichte yn de omkriten. De earste [[Molukkers]] kamen op [[22 maart]] 1951; se wienen in dei earder yn [[Rotterdam]] oankaam mei de ''[[Kota Inten]]''. Yn [[1970]] ferlieten de lêste húshâldings Schattenberg. It kamp waard dêrnei ôfbrutsen.
 
== Neitins ==