Gunnlaugssêge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
| foarm = [[sêge]]
| sjenre =
| skreaun = ein [[13e ieuiuw]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
De '''''Gunnlaugssêge''''', yn it oarspronklike [[Iislânsk]]: '''''Gunnlaugs saga ormstungu''''' (de "Sêge fan Gunnlaugr Slangetonge"), is in [[Aldiislânsk]]e [[sêge]] dy't oan 'e ein fan 'e [[trettjinde ieuiuw]] gearstald is troch in anonime [[skriuwer]], en oerlevere is yn in manuskript dat fan justjes letter datearret. It is in alteast foar in part op wiere foarfallen basearre ferhaal, dat giet oer de striid fan twa jonge [[skald]]en (tradysjonele Iislânske [[dichter]]s) om 'e [[leafde]] fan in jongfaam. It bestiet fierhinne út proaza, mar omfiemet teffens 25 fersen fan skaldyske [[poëzij]] dy't de haadpersoanen yn 'e mûle lein wurdt.
 
De sêge is in ferfolch op ''[[Kormáks saga]]'' en de ''[[Bjarnar saga]]'', mar is mei mear ferfining, treffende emoasje en in dúdliker karakterisearring fan 'e personaazjes fêstlein yn in eleganter taaleigen. De ''Gunnlaugssêge'' waard yn [[1775]] as earste fan 'e Aldiislânske sêgen ôfprinte yn in [[Latyn]]ske oersetting mei wittenskiplik kommentaar. It wurdt beskôge as in masterwurk fan syn sjenre, en foarmet in wichtich ûnderdiel fan sawol de [[Iislânsk]]e as de [[Noarsk]]e [[literatuer|literêre]] skiednis. It wurdt gauris troch begjinnende studinten [[Aldnoarsk]] brûkt om mei de taal yn 'e kunde te kommen (Aldnoarsk en Aldiislânsk wiene ûnderling sûnder muoite fersteanber). De [[Frysk]]e fertaling fan 'e ''Gunnlaugssêge'' ferskynde yn [[1958]], fan 'e hân fan [[oersetter]] [[Gerryt Dykstra]].
Rigel 52:
 
[[Kategory:Sêge]]
[[Kategory:MidsieuskeMidsiuwske literatuer]]
[[Kategory:Yslânske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]