Marike fan Nijmegen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. = 978-9 08 95 40 829
}}
'''''Marike fan Nijmegen''''', yn it oarspronklike [[Midnederlânsk]] '''''Mariken van Nieumeghen''''' (folút: ''Die waerachtige ende seer wonderlycke historie van Mariken van Nieumeghen die meer dan seven jaren met den Duvel woonde ende verkeerde''), is in [[merakelspul]] út it begjin fan 'e sechstjinde ieuiuw wêrfan't de [[skriuwer]] ûnbekend is. It ferskynde foar it earst om [[1518]] hinne by de [[Antwerpen|Antwerpske]] [[útjouwer]] [[Willem Vorsterman]] en hat as ([[religy|religieus]]) boadskip dat hoe slim oft men ek sûndiget, men kin troch tuskenkomst fan 'e [[Faam Marije]] altiten ferjeffenis krije, salang't men jins sûnden mar opbychtet. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard útjûn yn [[2009]].
 
==Eftergrûn==
Fan 'e ierste printinge fan ''Mariken van Nieumeghen'' (fan útjouwer Willem Vorsterman) is mar ien eksimplaar bewarre bleaun, dat yn it besit is fan 'e [[Beieren|Beierske]] Steatsbibleteek te [[München]]. It ferhaal waard al gaueftich frij populêr en der binne dan ek withoefolle werprintingen bekend. De oarsprong fan it ferhaal moat neffens saakkundige Dirk Coigneau yn [[Syrje]] socht wurde, mei't er bewiis sjocht foar kleare en mannichfâldige parallellen tusken in sechsde-ieuskeiuwske [[novelle]] oer de fjirde-ieuskeiuwske [[Assyrjers|Assyryske]] [[hillige]] [[Abraham de Grutte fan Kashkar]].<ref>''Nijmeegse Mariken is van Syrische Oorsprong'' www.gelderlander.nl).</ref>
 
==Ynhâld==
Rigel 37:
Oant yn it djipst fan har siel ferwûne, giet Marike wer op hûs oan. Alhiel wanhopich bidt se om help en op dat stuit kin it har neat skele wêr't dy help weikomt. De duvel heart dat en ferskynt har yn it stal fan in Moenen, dy't har ûnthjit om har alle talen en sân frije keunsten te learen, mar net swarte magy. As betingsten stelt Moenen dat Marike har namme feroarje moat (hy hat yn it ferline spul hân mei in Marije) en dat se gjin krús mear slaan mei. Marike stimt ta en tegearre reizgje se oer [[Den Bos]] nei [[Antwerpen]] ta. Dêr libje Moenen en Marike in sûndich bestean.
 
Earst nei sân jier komt Marike wer ris yn Nimwegen, dêr't se op 'e merk in [[weinspul]] (in soarte fan [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] [[toanielstik]]) sjocht dat har slim oangrypt. Hja kriget berou en docht in berop op [[God]] Syn barmhertigens. As reäksje dêrop tilt de lulke Moenen har oant heech yn 'e loft op en lit har dan falle. Lykwols, Marike oerlibbet de fal, om't har omke Gysbert tusken de taskôgers stiet en foar har bidt. De âld preester wit de duvel te ferdriuwen mei it útstprekken fan in [[Bibel]]passaazje.
 
Marike siket ferjeffenis foar har sûnden en giet dêrom tegearre mei har omke nei in hege geastlike yn Nimwegen. Dy doar lykwols yn sa'n gefoelige saak as dizze gjin útspraak te dwaan en stjoert har troch nei de aartsbiskop yn [[Keulen]]. Uteinlik moat Marike sels alhielendal nei de [[paus]] yn [[Rome]] ta, wylst Moenen har en har omke ûnderweis om 'e nocht besiket dea te dwaan. De paus jout har as straf trije izerne ringen om har hals en earms te dragen, dy't har pas fan 'e lea falle sille as har sûnden har ferjûn binne. Marike lûkt har dêrop werom yn in kleaster te [[Maastricht]], dêr't nei jierren fan boetedwaning de [[aartsingel]] [[Gabriël (ingel)|Gabriël]] har ferlost fan har ringen. Marike libbet dêrnei noch twa jier en stjert freedsum om [[1500]] hinne. Nei har dea wurde de trije ringen boppe har grêf hongen.
Rigel 56:
}}
 
[[Kategory:MidsieuskeMidsiuwske literatuer]]
[[Kategory:Midnederlânske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]