Asega: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q893108
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
In '''Asega''' ("rjochtsizzer") wie yn de iere en hege [[midsieuwenmidsiuwen]] by de [[Friezen]] de offisjele rjochtsadviseur fan it gerjocht dat ûnder foarsitterskip stie fan de [[skout|skelta]] as fertsjintwurdiger fan de [[greve]]. De Asega hie as taak it finen fan oplossings en it meitsjen fan in rjochtsoardiel yn eartiidske skelen. De asega mei yn gjin gefal beskôge wurde as in soarte fan [[rjochter]].
 
Doe't yn de rin fan de [[12e ieuiuw]] it greeflik gesach ôf begûn te takeljen waarden asega en skelta yn ien persoan feriene: de [[grytman]].
 
==Sêge oer it ûntstean fan it Fryske rjocht==
Yn de [[sêge]] [[Fan dae koningen Kaerl ende Redbad]], spilen de asega's in wichtige rol. Neffens it ferhaal frege [[kening (titel)|kening]] [[Karel de Grutte]] nei syn oerwinning op kening [[Redbad]] de tolve foarsprekkers (asega's) fan de [[Friezen]] nei harren rjocht. Doe't dy nei lang oerlis oan Karel meidielden dat sy it rjocht net fine koenen, sette Karel harren op see yn in skip sûnder roer. Neidat sy in skoftlang stjoerleas op see omdobbere hienen, ferskynde der, nei in gebed, in trettjinde persoan oan board. DitDat wie [[Jezus Kristus]] mei in gouden bile. Mei syn bile stjoerde hy it skip oan lân, liet in boarne (de [[Hillige Geast]]) ûntspringe en ferkundige it rjocht oan de Asega's.
 
==Boarne==