Múnster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 21:
}}
[[Ofbyld:Lage der kreisfreien Stadt Münster in Deutschland.png|thumb|left|Lizzing Munster yn Dútslân]]
'''Múnster''' ([[Dútsk]]: ''Münster'') is in [[stedsdistrikt]] (''kreisfreie Stadt'') en in [[regeardistrikt]] (''Regierungsbezirk '') yn it noardlik part fan [[Noard-Rynlân-Westfalen]] yn [[Dútslân]]. De stêd is ek de haadstêd fan it regeardistrikt. De [[Universiteit fan MunsterMúnster]] is ien fan de âldste universiteiten fan Dútslân.
 
Yn it sintrum stiet it [[Hûs fan de Nederlannen]].
 
== Skiednis ==
De namme Múnster komt fan it [[Latyn]]ske ''monasterium'' ('kleaster') en referearret oan de oprjochting fan it [[Prinsbisdom Múnster|bisdom Múnster]] troch [[Karel de Grutte]] yn [[793]]. De earste biskop wie [[Liudger]]. Yn de [[Midsiuwen]] wie MünsterMúnster in bloeiende [[Hânzestêd]].
 
Yn [[1127]], [[1197]] en [[1383]] hie Múnster te lijen fan grutte [[stedsbrân]]en.
Rigel 32:
Yn [[1382]] wurdt Múnster rekke troch de [[Pest|pest]] mei tûzenen deaden fan gefolgen. Yn [[1383]] baarnt in grut part fan de stêd op yn de slimste brân sûnt [[1197]]. Noch alle jierren wurdt yn Múnster de ''Grosse Prozession'' hâlden ta oantins fan dizze twa needlotsjierren<ref>{{aut|[[Jan Buisman|J. Buisman]]}}, [http://books.google.nl/books?id=gJQNUQGWHekC&pg=PA289&dq=Buisman+Munster+noodlotsjaren ''Pest en brand in Münster'' - 1382/3]</ref>.
 
Yn [[1534]] ferjoegen de wer[[anabaptisme|dopersken]] de doetiidske [[biskop]] [[Frâns fan Waldeck]]. Doe't sy de macht yn hannen krige hiene, waard der grute dat Múnster it [[Nije Jeruzalem]] wie. De nije lieder fan de stêd, [[Jan Matthijs]], woe allinnich hawwe dat [[Doop|doopte]] [[Werberte (kristendom)|werbernen]] harren yn Múnster festigen; wa't dat net wiene waarden ferdreaun. De biskop organisearre in nij leger mei stipe fan sawol [[Protestantisme|protestanten]] as [[Roomsk-katolike Tsjerke|katoliken]] en belegere de stêd. Wilens radikalisearre de beweging yn Múnster. [[Jan fan Leien]] waard de oanfierder en stelde gemienskip fan goederen en [[polygamy]] yn. In jier letter ([[1535]]) foel de stêd. Jan fan Leien waard terjochtsteld. Oan de [[Sint-Lambertustsjerke (Münster)|Lambertustsjerke]] hinget noch altyd de koai wêrdêr't syn lyk yn útstald waard.
 
De [[Frede fan Múnster]] en [[Frede fan Osnabrück|Osnabrück]] yn [[1648]] makke fan Múnster in ûnôfhinklik bisdom: it gebiet bleau dêrtroch roomsk-katolyk. In oar wichtich ûnderdiel fan de Frede fan Múnster wie it beëinjen fan de [[Tachtichjierrige Oarloch]] en de erkenning fan de ûnôfhinklikens fan Nederlân troch Spanje. Yn [[1672]] foel MunsterMúnster laat fan biskop [[Christoph Bernhard von Galen|Bernhard von Galen]] de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] yn. Yn [[Grins (stêd)|Grins]] wurdt noch alle jierren de oerwinning op de biskop fan Múnster ("Bommen Bearend") betocht, mei it [[Grinzer Untset]].
 
Yn [[1802]] waard Múnster ferôvere troch de [[Prusen]] en ta haadstêd fan [[Westfalen (provinsje)|Westfalen]] makke. Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard Múnster foar it grutste part ferwoastge troch [[Alliëarden|alliëarde]] bombardeminten, mar nei de kriich waard MünsterMúnster op 'en nij yn âlde styl boud.
 
Múnster hat tegearre mei [[Osnabrück]] in eigen fleanfjild: [[Lofthaven Múnster-Osnabrück]].