Wangpûde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L we binne derút: by apen komme ek wangpûden foar
Rigel 3:
[[File:Chipmunk with peanut hidden in cheek pouch.jpg|right|150px]]
In '''wangpûde''' of '''wangsek''' is in [[wangholte]] fan in oprekber stik [[hûd]] yn 'e [[wang]]en, dy't foarkomt by beskate [[soarte]]n [[sûchdieren]]. Hoewol't sokke lichemsdielen fral bekend binne fan guon [[kjifdieren]], lykas [[hamsters]], komme se ek foar by û.m. [[apen]], guon [[flearmûzen]] en it [[fûgelbekdier]]. De wangpûden fan [[grûniikhoarntsjes]] kinne like lang as har hiele lichem wêze as se fol sitte.
 
{{wurk}}
Wangpûden hawwe ferskillende funksjes. Yn it foarste plak meitsje se it flugge sammeljen fan iten mooglik, dat dan letter, op in feilich plak, yn alle rêst bepluze wurde kin. Dat it is in [[evolúsjeteory|evolúsjonêre]] adaptaasje om [[predaasje]] tsjin te gean. Dêrnjonken kin yn wangpûden tydlik iten opslein wurde, sadat it meinommen wurde kin nei in oar plak. Fral by apen, dy't yn 'e [[beam]]men gjin lidden frij hawwe om spul mei te tôgjen, is dy funksje fan belang. By beskate soarten hamsters stoppet it wyfke de jongen soms yn 'e wangpûden om se allegear yn ien kear nei in oar of feiliger nêst oer te bringen. Sommige hamsters blaze har wangpûden fol mei lucht as se swimme sille, sadat se min ofte mear as [[swimbân|swimbantsjes]] of in [[rêdingsfest]] wurkje.