Piloat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 8:
Yn 'e boargerloftfeart wurde lytse [[privee-fleantúch]]jes troch ien piloat bestjoerd, mar grutte [[ferkearsfleantúch|ferkearsfleantúgen]] hawwe der twa, in [[gesachfierder]] (of ''captain'') en in [[ko-piloat]] of earste ofsier (''first officer'' of ''co-pilot''). Op lange ôfstannen (''long haul'') komt it wol foar dat der ek noch in trêde en soms in fjirde piloat meigeane, dy't dan oantsjut wurde as twadde ofsier (''second officer'' of ''co-co'') en trêde ofsier (''third officer''). Ek as de ko-piloat noch yn oplieding is en de gesachfierder achte wurdt him de kneepkes fan it fak by te bringen, wurdt in trêde piloat oan 'e bemanning tafoege om derop ta te sjen dat der neat mis giet wylst de gesachfierder him mei it ûnderwizen fan 'e ko-piloat dwaande hâldt.
 
Foarhinne hiene ferkearsfleantugen standert in bemanning fan fjouwer of fiif man yn 'e [[cockpit]], mei't der dan ek noch in [[navigator]], in [[boardwurktúchkundige]] en soms in [[markonist]]/radiotelegrafist meigie, hoewol't de funksjes fan dy lêste ek wol ferfolle waarden troch de navigator. Tsjintwurdich binne de funksjes fan markonist en navigator oernommen troch de [[kompjûter|boardkompjûter]], al fljocht der yn guon âldere tastellen noch wol in boardwurktúchkundige mei, dy't lykwols yn resintere fleanmasines ek ferfongen is troch automatisearre systemen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=