Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
}}
{{Oar|Robert Bruce, Robert de Bruce of Robert fan Bruce, de kening fan Skotlân|Robert Bruce (betsjuttingsside)}}
'''Robert I''', ek wol bekend as '''Robert de Bruce''', mei as alternative stavering Robert the Bruce ([[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Roibert a Briuis''; modern [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Raibeart Bruis''; [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]]: ''Robert de Brus''; [[Skotsk]]: ''Robert Brus''; [[Kastiel fan Turnberry]], [[11 july]] [[1274]] – [[Dumbarton (Skotlân)|Dumbarton]], [[7 juny]] [[1329]]) wie [[kening]] fan [[Skotlân]] fan [[1306]] oant syn dea yn [[1329]]. Hy wie fan [[Normandje|Normandysk]]-[[Skotten|Skotsk]]e [[adel]] en waard beskôge as ien fan 'e kundichste legeroersten fan syn generaasje. Robert klom ûnder de [[Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen]] tsjin 'e [[Ingelân|Ingelsen]] op ta lieder fan 'e Skotten, en wist úteinlik de selsstannigens fan syn heitelân mei trijehûndert jier te ferlingjen. Hy wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e nasjonale helden fan Skotlân.
 
==Libben==
Rigel 74:
Hoewol't Robert, krektlyk as syn hiele famylje, totaal leaude yn syn eigen rjocht op it Skotske keningskip, waard er yn dy ambysje dwerseide troch twa dingen. Yn it foarste plak hiene syn eigen dieden by in protte Skotten wantrouwen opwekke, mei't er noris foar Skotlân fochten hie, en dan wer miene saak mei de Ingelsen makke hie. Boppedat hied er yn [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch]], in earsten rivaal. Comyn hie folle risluter as Robert west yn syn stipe foar de Skotske saak, en hy wie besibbe oan withoefolle machtige Skotske eallju, wêrûnder de [[greve]]n fan [[Buchan]], [[Mar (Skotlân)|Mar]], [[Ross (Skotlân)|Ross]], [[Fife (Skotlân)|Fife]], [[Angus (Skotlân)|Angus]], [[Dunbar (Skotlân)|Dunbar]] en [[Strathearn]], de [[hear (aadlike titel)|hearen]] fan [[Kilbride (Skotlân)|Kilbride]], [[Kirkintilloch]], [[Lenzie]], [[Bedrule]] en [[Scraesburgh]] en de ''[[sheriff]]s'' fan [[Banff (Skotlân)|Banff]], [[Dingwall]], [[Wigtown]] en [[Aberdeen]]. Dêropta stamme er oan syn heite kant ôf fan kening [[Donald III fan Skotlân|Donald III]] en oan syn memmekant fan kening [[David I fan Skotlân|David I]], en wied er in omkesizzer fan [[Jan fan Skotlân|Jan fan Balliol]]. Dêrmei hied er nei alle gedachten in bettere oanspraak op 'e Skotske troan as Robert.
 
Neffens it histoaryske [[14e ieuiuw|fjirtjinde-ieuskeiuwske]] [[epos]] ''Brus'', fan [[John Barbour]], dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan Comyn yn 'e simmer fan [[1305]] in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freon [[Ralf fan Monthermer, 1e baron Monthermer|Ralf fan Montermer]], dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolve [[peinje]]s en in pear [[spoar (hynsteriden)|spoaren]] ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.
[[File:Death_of_Comyn.jpg|left|thumb|270px|De dea fan [[Jan III Comyn, hear fan Badenoch|Jan Comyn]] yn 'e ''[[Greyfriars Kirk (Dumfries)|Greyfriars Kirk]]'' te [[Dumfries]].]]
 
Rigel 117:
 
===Ferstjerren===
Underwilens wie Robert yn 'e minnichte rekke troch in sykte dêr't er teminsten sûnt [[1327]] al oan litte. Neffens guon kontemporêne, mar útlânske boarnen (de [[Kronyk fan Lanercost]] en de ''[[Scalacronica]]'') soed er mei [[lepra]] oanhelle rekke wêze, mar dat liket ûnwierskynlik, mei't gjin inkele Skotske boarne dy sykte neamt en der ek gjin inkeld bewiis is dat de kening by syn neiste famylje, freonen, hôvelingen of bûtenlânske [[diplomaat|diplomaten]] weiholden waard (wat doedestiden de iennichste wize wie dat besmetting mei lepra foarkomd wurde koe). Boppedat betsjut de [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] ûnkunde op it mêd fan krupsjes, dat eltse [[hûd]]sykte wol foar lepra holden wurde koe. Moderne [[skiedkundige|histoarisy]] binne sadwaande fan betinken dat it folle wierskynliker is dat Robert litte oan [[tuberkuloaze]], [[syfilis]], in [[senuw]]sykte of in rige [[oerhaal|oerhalen]].
 
Mar wat syn oandwaning ek west hawwe mei, tsjin mids [[1329]] lei Robert yn it stjerren. Neffens Barbour rôp er doe de geastlikheid en adel fan Skotlân by him foar in lêste gearkomste, wêryn't er rynske jeften oan ferskate [[kleaster]]s die, dat dêr nei syn ferstjerren foar syn [[siel]] bidden wurde soe, en teffens om blyk te jaan fan syn berou oer in ûnferfolle eed om op [[krústocht]] te gean. Syn lêste winsk wie dat nei syn dea syn [[hert]] út syn lichem snien wurde soe en dat dat meinommen wurde soe nei de [[Bertetsjerke]] yn [[Jeruzalim]] foar't it wer thúsbrocht wurde soe yn Skotlân. Net lang nei dy gearkomste, op [[7 juny]] [[1329]], ferstoar Robert de Bruce yn 'e âlderdom fan 54 jier yn syn slot Cardross, deunby [[Dumbarton]]. Hy waard opfolge troch syn doe fiifjierrige soan [[David II fan Skotlân|David II]], foar wa't syn freon [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], as regint fungearje soe.
Rigel 126:
It lichem fan Robert de Bruce waard nei syn dea [[balseming|balseme]], en syn [[boarstbonke]] waard midstwa seage sadat syn [[hert]] út syn [[boarstholte]] helle wurde koe. Neitiid waard it lichem yn 'e [[Abdij fan Dunfermline]] njonken syn earste frou byset ûnder it heechalter. Troch lettere ferbouwings en reorganisaasjes fan 'e [[abdij]] gie it plak fan it keninklike grêf lykwols ferlern. Mar doe't fiifhûndert jier letter in nij [[koar (arsjitektuer)|koar]] oan it gebou fêstboud wurde moast, ûntdieken wurklju op [[17 febrewaris]] [[1818]] in ûnbekende grêftombe, mei dêryn de restanten fan in [[iik|ikehouten]]e [[deakiste]] mei in stoflik omskot dat hielendal beklaaid wie mei twa lagen fan 5 mm tsjûk [[lead (metaal)|lead]]. Boppe de holle wie dat lead bewurke yn 'e foarm fan in kroan. Men kaam ta de konklúzje dat it grêf fan Robert de Bruce weromfûn wie.
 
Nei't de ferbouwing fan 'e abdij foltôge wie, waard it stoflik omskot op [[5 novimber]] [[1819]] fierder ûndersocht [[anatoom|anatomen]] fan 'e [[Universiteit fan Edinburch]]. Dêrby seach men dat de boarstbonke fan it [[skelet]] yn 'e lingterjochting trochseage wie, wat bewiisde dat it yndie om Robert de Bruce gie. Fierders waard û.m. fêststeld dat Robert by syn dea 1.80 m lang west hie, en nei't men oannimme mocht as jongeman noch langer, wat útsûnderlik wie foar immen út 'e [[fjirtjinde ieuiuw]]. Fuort neitiid waard it [[skelet]] fan 'e kening boppe-op in nije leadene deakiste lein om koarte tiid besichtige te wurden troch in grutte skare nijsgjirrigen dy't by de abdij gearklofte wie. Nei't it skynt waarden der doe ferskate lytsere lichemsdielen ([[tosk]]en en [[finger]]bonkjes) ûntfrjemde, nei't men oannimme mei om 'e dieven ta [[relikwy]] te tsjinjen. Dyselde deis noch waard it stoflik omskot yn 'e leadene deakiste lein, wêrnei't dêr in grutte hoemannichte raande [[pik (stof)|pik]] by yn getten waard (om 'e [[bonke]]n te preservearjen), foar't de kiste fersegele waard. Dêrnei waard de kening werbegroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline, dêr't er noch altyd leit.
[[File:Robert_the_Bruce,_Edinburgh_Castle.jpg|left|thumb|200px|It stânbyld fan Robert de Bruce oan 'e muorre fan it Kastiel fan [[Edinburch]].]]