Sirksena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De Sirksena's wienen ynearsten ien fan de protte [[haadling]]slagen yn [[East-Fryslân]]. Likegoed as yn de Grinslanner [[ Ommelannen]] en [[Westerlauwersk Fryslân]] kende East-Fryslân yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]] gjin [[lânhear]] mei genôch gesach. It ûntbrekken fan in effektyf bewâld yn dizze omkriten stiet ek bekend as de [[Fryske frijheid]]. Sûnder inkele foarm fan sintraal gesach koe bestjoer allinnich mar op beheind lokaal nivo plak fine. Dêrby hienen yn earste ynstânsje alle frije [[Agrariër|boeren]] part yn it bestjoer, mar yn de rin fan de tiid wisten de rikere lagen in hieltyd grutter oandiel te ferkrijen Geslachten dy't yn in hiel doarp it foar it sizzen hienen, waarden letter oantsjutte as [[haadling]]. Oars as de tradisjonele [[feodalisme|feodale]] hear tanket de haadling syn posysje dus net troch in beneaming fan hegerop, mar oan syn eigen lokale machtsbasis.
 
Foar sommige haadlingen hâlde de hoarizon net op by de grinzen fan it doarp. Troch [[houlik]] en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis berikt wurde. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht [[Tom Brok]]. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dizze famylje stikken op it ferset fan [[Fokko Ukena]], in oare haadling dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân beskikte en stipe koe op steun yn de Ommelannen. Ukena op syn beurt rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder leiding fan [[Ulrich I|Ulrich Sirksena]]. Sirksena waard ferfolgens troch de stêd [[Hamburch]] it bestjoer fan de stêd [[Emden]] jûn, in stêd dy't oant dan, [[1439]] feitlik in Hamburchs protektoraat wie. De famylje Sirksena soe Emden oant 1595 behearske.