Teodoarik II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st.
No edit summary
Rigel 4:
 
=== Trou bûnsmaat fan de Romeinen===
YnOars tsjinstelling taas syn heit respektearre Teodoarik II ynearsten it [[foederaty]]-ferdrach mei de Romeinen. As trouwe bûnsmaat gong er yn [[454]] op strafekspedysje nei [[Spanje]]. Dêr makke syn leger in ein oan plonderingen fan benden [[Bagaudae]] dy't lân en stêd terrorisearren.
 
Teodoarik II stipe de [[Galje|Galyske]] senator Avitus, in goede freon fan syn heit, doe't dizzedy him yn [[455]] troch it leger ta keizer beneame liet. Foar Avitus kaam er yn [[456]] op 'e nij yn aksje yn Spanje. Diskear hâlde hy in strafekspedysje tsjin de [[Sueven]]. Ticht by de stêd [[Slach oan de Urbicus|Astorga]] helle hy in grutte oerwinning op de Sueven.
 
=== Unfreon mei de Romeinen ===
Neidat Keizer Avitus yn [[456]] ôfsetten waard troch de oerbefelhawwer fan it [[Romeinske leger]], de Germaan [[Risimer]], begûn Teodoarik stadichoan it Romeinsk gesach tsjin te wurkjen. Nei de ekspedysjes yn Spanje hie er dêr al koloanjes mei soldaten efter litten, saneamd om de rustrêst sabeare te hanthavenjen, mar yn it echt wie it in besettingsmacht. De nije keizer [[Majorianus]] pikte dat net en twong Teodoarik II yn [[460]] om op 'e nij it Romeinsk te erkennen. De krigele Majorianus sette in fjildtocht tsjin de [[Fandalen]] útein dêr't ek de Fisigoaten twongen waarden oan mei te dwaan. Dy fjildtocht ferrûn lykwols jammerdearlik, de Romeinen waarden ferslein en dat soe grutte gefolgen hawwe.
 
Yn [[Itaalje]] kaam it Romeinske leger ûnder generaal Risimer yn opstân en sette keizer Majorianus oan de kant. [[Libius Severus]], in strieman fan Risimer waard ta nije keizer beneamd. It Romeinske leger yn [[Galje]] ûnder generaal [[Aegidius]] wie hjir poer op tsjin en makke him op om Itaalje binnen te fallen. Dat konflikt paste prima yn Teodoarik syn plannen him fierders te ûntdwaan fan it Romeinske gesach. Yn ruil foar de havenstêd [[Narbonne]] en omjouwingomkriten keas er de side fan Risimer. Dêrmei krigen de Fisigoaten in iepen ferbining mei de [[Middellânske See]]. Tegearre mei de [[Boergonden]] waard generaal Aegidius it paad nei Itaalje ôfsnien.
 
In oar plan fan Teodoarik om it Fisigoatysk gebiet fierder benoarden de [[Loire]] út te wreidzjen, mislearre ek. Yn [[463]] loek er oan it haad fan syn leger op tsjin it Romeinske leger ûnder Aegidius, dy't in eigen [[Gallo-Romeinske ryk]] stifte hie yn Noard-Galje. By [[Slach by Orleans|Orleans]] liede Teodoarik in swiere nederlaach en joech as gefolch dêrfan fierdere pogingen op. Yn [[466]] stoar Teodoarik II en waard opfolge troch syn broer [[Eurik]].
 
== Boarnen ==