Feanterij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sjoch ek
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Peat artisanal exploitation2.jpg|thumb|Feangrûn gaadlik om turf fan te stekken]]
[[Ofbyld:Gieterse methode.jpg|thumb|Ferfeantsjen neffens de Giterske metoade]]
'''Feanterij''' is it weiheljen fan in [[fean]]laach, wêrby der boulân, greide of wetter oerbliuwt. It dylgjen fan [[fean]] wie oantreklik omdat it as brânstof brûkt wurde kin. Yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]] waard út sâltich fean (moer) ek [[sâlt]] wûn oant it om wettersteatkundige reden ferbean waard.
 
Foar it winnen fan dy brânstof, [[Turf (brânstof)|turf]], binne yn Fryslân en dêrbûten grutte stikken feangebiet ferfeante. It oanwêzige heechfean en leechfean is op grutte skaal ôfgroeven of fuortbaggele. As de boppeste laach fan heechfean, neamd [[bolster]], fermingd wurdt mei it sân ûnder it ôfgroeven feanpakket, ûntstiet [[dalgrûn]]. As leechfean ôfgroeven wurdt, ûntsteane der, troch de hege wetterstân, puollen en marren.
Sûnt de [[18e ieuiuw]] binne in soad [[Gitersken]] en minsken út Drintske doarpen nei Fryslân kommen as turfgraver
 
== Leechfean ==
De [[Grutte Feanterij]] wie in perioade fan leechfeanterij, fan de [[11e ieuiuw|11e]] oant de [[13e ieuiuw]], yn wat ek wol de [[Hollânsk-Utertse Leechflakte]] neamd wurdt. Yn dat tiidrek is dêr it lânskip foar it grutste part foarme en oant tsjintwurdich net folle feroare.
 
Mei de útfining fan de [[Bûgel|baggelbûgel]] yn de [[16e ieuiuw]] waard it ''slachturven'' mûglik, it weibaggeljen fan it fean ûnder de wetterspegel. It neidiel fan dit bedriuw, benammen as soks op grutte skaal barde, wie dat hjirtroch grutte marren ûntstean koene. De smelle stripen fean tusken de gatten wienen net sterk genôch tusken sokke djippe gatten dat by stoarmen koenen hja weislein wurden. En hoe grutter it wetteroerflak, hoe heger de weagen, dat as it ienkear ferkeard gong waarden de [[petgat]]ten hieltiten grutter.
 
== Heechfean ==
Bekende Nederlânske heechfeanterijen binne yn it súdeasten fan [[Grinslân]] en it easten fan [[Drinte]]. Hjir lei eartiids it Nederlânske part fan it grutste [[sompe]]gebiet fan Noardwest-Europa; it [[Boertanger Fean]]. Foar de feanterij binne dêr in soad kanalen groeven en grutte [[feankoloanje]]s stifte. It fean waard droegedrûge en brûkt as brânstof; turf. De [[feanmoas]]turf út de heechfeangebieten is mear as leechfeanturf geskikt as brânstof. It hat in relatyf hege ferbaarningswearde, der komme net folle ruotdieltsjes frij by it ferbaarnen en oars as by de swevellucht dy't by it ferbaarnen fan leechfean frijkomt stjonkt it ek net folle. Boppedat sitte der net folle stammen en stobben yn. De feankoloanjes waarden, neist mei lokale arbeiders, befolke troch in soad minsken út it westen fan Nederlân, wat noch blykt út plaknammen lykas [[Nij-Amsterdam (Drinte)|Nij-Amsterdam]] en [[Hollânskefjild]]. Yn Drinte leit it gebiet dat yn Nederlân it lêst ferfeante waard: It [[Bargerfean]], noardeast fan [[Schoonebeek]]. Hjir waard foar it lêst fean ôfgroeven yn [[1992]]. Dat barde net mear foar brânstof, dit fean wie bedoeld as grûnstof foar [[Túnturf|turfstruisel]] dat brûkt waard as grûnferbetterder, it meitsjen fan [[Norit]], en in [[pigmint]]: ''Drintsk Swart''. It Bargerfean is net hielendal ferfeante, dat der is noch libben Heechfean.
 
==Sjoch ek==