Evangeelje fan Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
 
== Oarsprong ==
Men is fan tinken dat it ''Evangeelje fan Mattéus'' syn oarsprong hie yn 'e joadsk-kristlike mienskip yn it [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[Syrje]], oan 'e ein fan 'e earste ieuiuw. It meastepart fan 'e moderne [[bibelwittenskip]] en de [[historiografy]] datearret it sa tusken [[70]]-[[80]] n.Kr., al wolle guon hawwe dat it noch earder skreaun wie, tusken [[50]] en [[60]] n.Kr.
 
Yn 'e tekst sels wurdt de [[skriuwer]] net neamd. De tradysje dy't wol dat it de [[apostel]] [[Mattéus]] wie, in ferfijd [[tollener]] (belestingynder) foar de Romeinske besetter dy't in dissipel fan Jezus waard, is begûn mei de kristlike [[biskop]] [[Papias fan Hiëropolis]] (±[[100]]-[[140]]). Dyselde skreau, yn in passaazje mei in stikmannich útspraken dy't foar mearderlei útlis fetber binne: ''"Mattéus sammele de wurden ''[''logia'': oerleverings fan of oer Jezus]'' yn 'e HebrieuskeHebriuwske taal ''[''Hebraïdi dialektōi''; miskien ek wol "HebrieuskeHebriuwske styl"]'' en in elk ynterpretearre ''[''hērmēneusen''; of "fertaalde"]'' harren nei bêste kinnen."'' Dit liket te betsjutten dat it ''Evangeelje fan Mattéus'' yn it [[HebrieuskHebriuwsk]] skreaun waard en dêrnei oerset nei it [[Gryksk]], mar [[taalkunde|taalkundich]] ûndersyk fan 'e Grykske tekst fan ''Mattéus'' slút dat frijwol út. Hoe dan ek, op grûn fan dit twifelige sitaat waard it evangeelje neitiid oan Mattéus taskreaun en om 'e ein fan 'e twadde ieuiuw hinne wie dy oertsjûging sa algemien wurden dat nimmen him noch yn 'e kiif stelde, en yn dy tiid ûntstie ek de titel "it Evangeelje fan Mattéus".
 
Hjoed de dei wurdt lykwols frij algemien oannommen dat net de apostel Mattéus, mar in anonym skriuwer de wiere auteur fan it evangeelje wie. In wichtich argumint is dêrby dat ''Mattéus'' oantoanber fierhinne basearre is op it ''Evangeelje fan Markus'', en it liket net botte wierskynlik dat immen dy't sels tsjûge fan 'e oangeande foarfallen wie, him sasear op in oar ferlitte soe. Men beskôget de anonime skriuwer as in heechoplate joad, dy't in yngeande kennis hie fan 'e details fan 'e joadske wet en oerskrank op 'e grins stie tusken tradysjonele joadske noarmen en wearden en harren nije, kristlike wjergaders. Yn syn fermidden stie de apostel Mattéus nei alle gedachten yn heech oansjen, mei't men leaut dat dyselde ek tige talein wie op 'e [[Torah]] en sels wol sjoen wurdt as in [[fariseeër]] of skriftlearde dy't ien fan Jezus syn folgelingen waard.
Rigel 42:
De útdrukkingsfoarm en de ynhâld wize derop dat it ''Evangeelje fan Mattéus'' skreaun waard foar de joadse kristenen yn [[Palestina]], mei as doel om oan te toanen dat Jezus yndie de foarseine [[ferlosser]] wie, dejinge is dêr't [[Mozes]] en de [[profeet|profeten]] oer sprieken, en dat yn him de âlde ûnthjitten ferfolle waarden. ''Mattéus'' stiet dan ek bol fan 'e oanhellings en ferwizings nei profesijen út it [[Alde Testamint]] wêryn't de ûnthjittene [[Kristus]] foarsein en foarôfbylde waard. Om persiis te wêzen binne der 65 âldtestamintyske ferwizings, wêrûnder 43 sitaten, folle mear as yn hokker fan 'e oare evangeeljes ek.
 
Der binne kritisy dy't guon passaazjes yn it boek [[antysemitisme|antysemitysk]] fine en miene dat dy de wize foarme hat wêrop't in protte kristenen yn it ferline, benammen yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]], de joaden seagen (en noch wol sjogge). It meastepart fan dy passaazjes besteane út sitaten fan Jezus as dy de leden of lieders fan 'e beide grutte joadske religieuze rjochtings út dy tiid (de [[farizeeër]]s en de [[sadduseeër]]s), mar fral de farizeeërs, it leksum lêst en harren beskuldiget fan skynhilligens en in misbegryp fan 'e joadske leare.
 
== Fryske oersetting ==
De earste Fryske oersettings út ''Mattéus'' betroffen fragmintaryske passaazjes yn [[Aldfrysk]]e rjochtsteksten út 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] (benammentlik ''Mattéus'' 6:9-13, it ''[[Us Heit (gebed)|Us Heit]]''). De earste fertaling fan in hiel haadstik (''Mattéus'' 6) ferskynde yn [[1802]], yn [[Everwinus Wassenbergh]] syn ''Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I'' (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it [[Hylpersk]] besibbe en letter útstoarne [[Molkwardersk|Molkwarder]] [[dialekt]]). De earste Fryske oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' as gehiel ferskynde yn [[1858]] fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-ieuskeiuwske [[Fryslân|Fryske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Joast Hiddes Halbertsma]], ûnder de titel ''It Ewangeelje fen Matthewes''. Dêrby gie it om in oplaach 250 eksimplaren; pas yn [[1884]] folge der in (postume) folksútjefte. Yn [[1911]] en [[1912]] waard der as in soarte fan [[fúljeton]] in nije oersetting fan ''Mattéus'' fan 'e hân fan [[Gerben Postma]] en [[Pieter de Clercq]] útjûn yn it blêd ''[[Yn ús eigen tael]]''.
 
It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn [[1933]], yn in fertaling fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], deselden dy't yn yn [[1943]] ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting, wat in útjefte wie fan it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' yn opdracht fan it [[Kristlik Frysk Selskip]]. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]], mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch [[frisikus]] M.J. de Haan. Lykwols kaam der yn [[1994]] in nije evangeeljefertaling út fan [[Wybren Jan Buma]] e.o., ûnder de titel ''De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske''.