De Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 33 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q476033
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
== Namme ==
[[Ofbyld:Benelux satellite image.PNG|300px|thumb|It westen fan de Benelúks geografysk]]
[[Ofbyld:Political map of the Low Countries (1350)-NL.svg|thumb|300px|De Lege Lannen yn de 14e ieuiuw.]]
De namme 'de Lege Lannen' is tige tapaslik omdat it gebiet in leechlizzende flakte is, dy't ûntstien is as [[rivierdelta|delta]] fan in tal grutte rivieren, de [[Ryn]], de [[Maas]], de [[Isel]] en de [[Skelde]]. Dochs is dizze namme, likegoed as de namme '''Nederlân''', histoarysk besjoen op oare grûnen ta stân kommen. <ref> Filips de Goede, hartoch fan Boergonje (1396-1467), brocht it grutste part fan it grûngebiet fan de hjoeddeiske Benelúks gear mei parten fan it noarden fan Frankryk ûnder syn bewâld. Syn besittings waarden fanút syn eigen eachpunt oantsjutten, en omdat er meastentiids yn Flaanderen of Brabân tahâlde: ''les pays de par deça'', 'de lannen fan herwerts oer'. Dat hold yn 'dizze lannen hjir, fuortendaliks om ús hinne' en dat yn tsjinstelling wie mei ''les pays de par delà'', 'de lannen fan dêrwerts oer, de lannen dêr', nammentlik it eigentlike Boergonje, sjoch: [http://dutchrevolt.leidenuniv.nl/Nederlands/verhaal/verhaal01.htm]. <br>In lettere opfolger fan him [[keizer Karel V]] hantearre in lyksoartige twadieling, mar kearde as [[Habsburger]] it perspektyf om en tsjutte de Nederlânske gewesten fan him oan as ''les pays d'em bas'' (oftewol ''les Pays-Bas''). </ref>
 
Rigel 9:
Yn de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] makken de lettere Lege Lannen te suden fan de Ryn part út fan it Romeinske Ryk en wie ferdield oer de Romeinske provinsjes [[Gallia Belgica]] en [[Germania Inferior]]. Noardlik fan de Ryn lei [[Germaanje|Germania]], dat mar koarte tiid ûnder Romeinsk bewâld stien hat. Nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]] waarden de Lege Lannen in part fan it [[Frankyske Ryk|Frankyske]] of [[Karolingen|Karolingyske]] ryk, en letter it [[Hillige Roomske Ryk]].
 
Under de [[MidsieuwenMidsiuwen]] waarden de hartoggen fan [[Hartochdom Brabân|Brabân]] en [[Hartochdom Gelre|Gelre]], en de greven fan [[Hollân]] en [[Flaanderen]] hearskers oer de lytsere gebieten fan de Lege Lannen. Troch feroverjen en fral troch houlikspolityk fûn skealfergrutting plak. Sadwaande kaam Hollân ûnder ynfloed fan de greven fan [[Henegouwen]] te stean, en beide tegearre ûnder ynfloed fan it [[Beieren|Beierske]] [[Wittelsbach|Hûs Wittelsbach]].
 
Yn de [[15e ieuiuw]] kaam in grut tal dielgebieten yn mienskiplike hannen fan de hartoggen fan [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]] en begjint de skiednis fan de Lege Lannen as ienheid.
 
Mei de dea yn [[1482]] fan [[Maria fan Boergonje (hartoginne)|Maria fan Boergonje]], dy't troud wie mei [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan fan Eastenryk]], gongen de gebieten oer fan de ynfloedssfear fan it Frânske [[Hûs Valois]] nei dy fan it [[Habsburg|Hûs Habsburg]]. De gebieten bleauwen formeel skieden, mar foarmen tegearre in [[personele uny]]. It bestjoer waard troch [[lânfâd]]en waarnomd.
Rigel 34:
Nei it útinoar fallen yn [[1830]] hawwe der yn Noard en Súd ferskate persoanen en organisaasjes west dy't de ienheid fan de Nederlannen werstelle woenen. De gebietsdielen dy't by dizze ienheid hearre moasten fariearje tusken in folsleine feriening fan de trije steaten, of allinnich op taalkundige grûnen tusken Nederlân en Belgje.
 
Foarbylden fan stribjen nei feriening fan de Lege Lannen yn de 20e ieuiuw binne it [[Algemeen-Nederlands Verbond]] en [[Zannekin]] en it [[Vlaams Nationaal Verbond|VNV]] fan [[Staf de Clercq]] en it [[Verdinaso]] fan [[Joris Van Severen]]. Dizze organisaasje woenen de steatkundige of tanimmende kulturele ferdieldheid opheffe. Op it stuit (2009) besteane fan dizze organisaasjes noch mar allinnich it "Algemeen Nederlands Verbond" en "Zannekin", dy't benammen op kultureel mêd aktyf binne.
 
Yn sekere sin wurde dizze sjoen as tariedingen foar de tastânkommen fan de [[Benelúks]]. Letter rekke dizze lykwols troch de fierdere ûntwikkeling fan de [[Jeropeeske Uny]] oerskade.