Daasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
De Daasjers, dy’t yn it noarden fan de legere [[Donau]] libben yn it lân fan de [[Karpaten]] en [[Transsylvaanje]] , binne it earste bekende folk dy’t libben yn it lân dat no Roemeenje is. Se wurde foar it earst neamd yn skriuwsels fan [[Herodotus]] en [[Thucydides]]. Letter waarden de Daasjers neamd yn Romeinske dokuminten, en ek ûnder de namme ''Geta'' yn [[Grikelân|Grykske]] skriuwsels. De histoarikus [[Strabo]] seit dat de oarspronklike namme fan de Daasjers “daoi” wie, dat werom te fiere is op it Frygyske wurd “daos”, dat “wolf” betsjut. Dizze oanname komt ek werom op de findels fan de Daasjers, de [[Daasjeske Drako]], dêr’t in wolf op ôfbyld stiet. Op de Romeinske kaart [[Tabula Peutingeriana]] wurde de Daasjers oanhelle as ''Dagae'' en ''Gaete''.
 
Folle letter, yn de lette [[MidsieuwenMidsiuwen]], brûkte de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] ferskate kearen de term Dacia foar [[Skandinaavje]] of [[Jutlân]], en guon keninklike famyljes fan it noarden fan [[Jeropa]] waarden oantsjutten as ‘fan Dacia’. Omdat de term net in soad brûkt waard en ek wer gau ferdwûn is der meastentiids gjin betizing mei de oarspronklike term.
 
== Skiednis ==
Rigel 13:
[[Burebista]], dy’t regearre fan [[82 f. Kr.]] oant [[44 f. Kr.]], feriene de Daasjers yn ien ryk. Hy makke sels de [[Boii]] en oare [[Kelten|Keltyske stammen]] fan [[Bohemen]] en [[Moraavje]] skatplichtich. In driigjende kriich tusken it ryk fan Burebista en it [[Romeinske Ryk]] waard foarkommen trochdat yn 44 foar Kristus sawol [[Julius Caesar]] as Burebista slachtoffer waarden fan moardoanslaggen. Dêrnei fûl it ryk fan Burebista útinoar.
 
De Daasjers foarmen oan de ein fan de [[1e ieuiuw]] nei Kristus op ‘e nij in machtich ryk ûnder harren kening [[Decebalus]]. De Romeinske keizer [[Trajanus]] fûn dat dit ryk in bedrieging foarme foar de feiligens fan de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau en begûn dêrom yn [[101]] nei Kristus in kriich tsjin de Daasjers. Nei fûl ferset waarden dizze yn [[106]] nei Kristus definityf ferslein. De haadstêd fan de Daasjers, [[Sarmizegetusa]], waard folslein platbaarnd, en likernôch 150.000 finzenen waarden as slaven fuortfiert. De Romeinen makken in provinsje fan it gebiet, [[Romeinsk Daasje]]. Romeinske autoriteiten organisearren in grutte kolonisaasje fan it gebiet mei immigranten út [[Itaalje]] en de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau, wêrtroch de romanisearring fan it gebiet befoardere waard.
 
Om syn oerwinning op de Daasjers te fiere liet keizer Trajanus yn [[Rome (stêd)|Rome]] in oerwinningspylder bouwe, dy’t no noch hieltyd oerein stiet.