Lida Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8:
Dykstra makke har debút as berneboekeskriuwster mei ''Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid''. Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Se skriuwt yn it [[Frysk]] en yn it [[Nederlânsk]] en set sels har boeken fan de iene yn ‘e oare taal oer. Foar ien fan har ferhalen krige se yn [[1999]] de [[Rely Jorritsmapriis]]. Har ''Wolken fan wol'' is yn septimber 2001 ûnder de titel 'Wachten op Apollo' yn it Nederlâns ferskynd. It waard bekroand mei in ‘Vlag en Wimpel’. Ek har bydrage oan de sammelbondel ''Listen fan goaden en bisten'' hat in klassyk tema, yn dit gefal it ferhaal fan Psyche. Hjerst 2003 ferskynde as aksjeboek ''Mûske myn famke''. It is basearre op in gedicht fan [[Gysbert Japicx]]. Der binne oersettingen fan yn it [[Ingelsk]], Nederlâns en [[Afrikaansk]]. In [[Welpeprint]] wie der foar har boeken ''Snotaapkes'', ''Wolken fan wol'' en ''Lederwyntsje, bern mei krêften'' yn 2000, 2001 en 2006.
Yn 2004 krige se foar dat boek de [[Simke Kloostermanpriis]], yn [[2007]] wûn se dy priis nochris, no mei ''Lederwyntsje, bern mei krêften''.<br>
Yn [[2009]] wûn hja foar de twadde kear de Rely Jorritsmapriis mei ''De Lytse ik,'' en nochrisdêrnei yn 2011 foar it ferhaal ''De jonge dy’t Koraal neamd waard,'' yn 2013 foar ''De dûnsflier fan de duvel'' en yn 2014 foar ''Flinteraikes.''
 
Maart 2012 waard bekend makke dat Dykstra it Aksjeboek foar de bern fan dat jier skriuwe soe, ''Knipperke''. DatDe dochtyllustraasjes sewiene tegearre mei yllustratrisefan Natascha Stenvert út it [[Drinte|Drintske]] Zeijen. ItYn aksjeboek foar de [[Berneboeketiid]] wurdt yn opdracht fan [[Tresoar]] útjûn troch de Afûk. Dêrneist2012 ferskynde der heal augustus 2012ek it boek ''De nije seemearmin'', mei histoaryske ferhalen foar folwoeksenen.
 
== Bibliografy ==