Pastoar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Confirmation blessing.jpg|thumb|''In pastoar oan it wurk'']]
In '''pastoar''' is de harder fan in [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomske]] of [[Anglikaanske Tsjerke|anglikaanske]] parochy. Hy docht earetsjinsten út namme fan de [[biskop]], betsjinnet de [[sakreminten]] en ferkundiget it leauwe. Yn de [[MidsieuwenMidsiuwen]] hong syn beneaming yn feite ôf fan de [[tsjerkehear]] of [[patroan]]; troch [[ynkorporaasje]] koe it amt formeel op kapittel of [[kleaster]] oergean. De pastoar libbe fan grûnbesit, de selsbewurke of ferpachte pastorijpleats en wie oansteld foar it libben. Faak hie hy help fan ien of mear [[fikaris]]sen. It peil wie wakker ûngelyk. Allegearre binne se yn [[1580]] ûntslein troch de Steaten.
 
De [[sekulieren]] hâlden nei de [[reformaasje]] fêst oan de titel Pastoar, al wienen der gjin parochys mear. De apostolysk fikaris beneamde en ûntsloech. Leke-ynfloed is ward. De [[regulieren]] (misjonaris of sosius) waarden oanwiisd troch harren oarderoersten ûnder goedkarring fan de apostolysk fikaris en faaks oantsjutten as 'fajer'. Nei [[1853]] hiet elkenien dy't yn de parochy wurke Pastoar of kapelaan;. De biskop beneamt sûnttiid regulieren op foardracht fan de oarderoersten.
 
{{boarnen|boarnefernijing=