Kenneth I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanf
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
| opfolger2 = [[Donald I fan Skotlân|Donald I]]
}}
'''Kenneth I''' ([[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskMidsiuwsk]] [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Cináed mac Ailpín''; modern [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Coinneach mac Ailpein''; [[Ingelsk|anglisearre]] foarm: ''Kenneth MacAlpin''; [[Iona]], [[810]] – Cinnbelachoir, [[13 febrewaris|13 febrewaris]] [[858]]) wie yn 'e midden fan 'e [[njoggende ieuiuw]] kening oer de [[Pikten]]. Neffens de [[leginde]] soe hy de keninkriken fan 'e [[Gaelen]] en de Pikten yn [[843]] mei geweld gearfoege hawwe om dêrnei de earste kening fan it feriene [[Skotlân]] te wurden. Sadwaande waard him letter de postume bynamme ''an Ferbasach'', "de Feroverder", taparte. De wiere tadracht wie nei alle gedachten hiel oars, mar it stiet net yn 'e kiif dat Kenneth mei syn dieden de grûnslach lei foar it lettere Skotske keninkryk.
 
==Komôf==
Rigel 29:
 
==Regear==
Neffens de (folle letter gearstalde) [[Kronyk fan 'e Keningen fan Alba]] waard Kenneth kroane ta kening fan Dalriada twa jier foàr't er kening fan 'e Pikten waard, dus yn [[841]]. Dat wurdt lykwols net troch in protte histoarisy foar wier oannommen, mei't der nei Kenneth syn dea in proses fan [[myte]]foarming oangeande syn persoan op gong kaam. Dêrby begûnen [[auteur]]s lykas [[Giraldus Cambrensis]] en [[George Buchanan (skriuwer)|George Buchanan]] op in stuit eleminten te betinken of sels stikken fan folslein oare ferhalen oer te nimmen en oan 'e skiednis fan Kenneth MacAlpin ta te foegjen. Pas oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] begûn de Skotske skiedkundige [[William Forbes Skene]] datoangeande regaad te meitsjen, en waard alle ûnûnderboude opskik oan kant reage sadat de keale en seldsume feiten oer Kenneth bleatlein waarden.
 
Doe kaam oan it ljocht dat, oars as dat de leginden oer Kenneth hawwe woene, hy it keninkryk fan 'e Pikten net fan bûtenôf ferovere hie, mar dat er ynstee in rjochtlike troanopfolger wie. Men tinkt no dat de opfolging by de Pikten [[matrilineêr|troch de mem]] rûn, eat dat al troch de MidsieuskeMidsiuwske skiedskriuwer [[Beda]] beweard waard, en dat ek de iennichste manear is om 'e keningslisten fan 'e Pikten, sa't dy jûn wurde yn 'e [[Piktyske Kronyk]], begryplik te meitsjen. Nei alle gedachten moat de mem fan Kenneth dus in Piktyske prinsesse west hawwe, fia wa't er de Piktyske troan urf. Under de Piktyske kenings binne sûnt men ta dizze konklúzje kommen is, oare Gaelen identifisearre, lykas [[Konstantyn fan de Pikten|Konstantyn]] en [[Óegus II fan de Pikten|Óengus II]], en ek [[Angelen]] lykas [[Talorgan I fan de Pikten|Talorgan I]], en [[Brytoanen]] lykas [[Bridei III fan de Pikten|Bridei III]].
 
Sadwaande kin Kenneth syn troansbestiging pleatst wurde yn it ramt fan 'e ûndergong fan 'e foargeande Piktyske dynasty, dy't [[Fortriû]], it lân fan 'e Pikten, twa oant fjouwer generaasjes lang dominearre hie. Doe't kening [[Eóganan mac Óegusa|Uen]] (Skotsk-Gaelysk: Eóganan mac Óegusa), dy syn broer Bran, de skimige [[Áed mac Boanta]] "en hast wol ûntelbere oaren" yn [[839]] omkamen by in fjildslach tsjin 'e [[Wytsingen]], rekken de Pikten yn ien klap suver harren hiele hegerein kwyt. Fan gefolgen waard neitiid, alteast neffens de keningslisten fan 'e Piktyske Kronyk, troch fjouwer pretendinten om 'e troan fan Fortriû striden, wêrfan't Kenneth úteinlik as oerwinner út 'e bus kaam.
Rigel 37:
Hoewol't syn regear ornaris fanôf [[843]] datearre wurdt, fersloech Kenneth nei alle gedachten pas yn [[848]] syn lêste rivaal. En ek al wurdt er tradysjoneel beskôge as de earste kening fan Skotlân, ek dat is eins in misfetting. Feitliks neamde er himsels nea kening fan Skotlân, en der wiene noch fjouwer Piktyske kenings (of alteast monargen dy't har "kening fan 'e Pikten" neamden) nei him, oant syn pakesizzer [[Donald II fan Skotlân|Donald II]] himsels yn [[889]] as earste "kening fan Skotlân" neamde. Oer it regear fan Kenneth is eins mar in hiel lyts bytsje bekend. Hy liet yn [[849]] it stoflik omskot fan 'e [[Ierlân|Ierske]] [[sindeling]] [[Kolumba]], dy't it [[kristendom]] yn Skotlân yntrodusearre hie, oerbringe fan it eilân [[Iona]] nei it [[Relikwarium fan Monymusk]], te [[Dunkeld]]. Fierders foel er neffens de Kronyk fan 'e Keningen fan Alba seis kear it troch [[Angelsaksen]] bewenne súdeasten fan it tsjintwurdige Skotlân binnen, dêr't er [[Melrose (Skotlân)|Melrose]] ferovere en [[Dunbar]] platbaarnd hawwe soe. Ek soene yn syn tiid de Wytsingen djip yn it lân fan 'e Pikten trochkrongen wêze mei harren plondertochten.
 
Under it regear fan Kenneth setten har ek almar mear [[Noaren (folk)|Noarske]] kolonisten nei wenjen yn 'e rânegebieten fan Skotlân, lykas op 'e [[Orkney-eilannen|Orkney]]- en [[Sjetlâneilannen]], de [[Hebriden]] en it eilân [[Man (eilân)|Man]], mar ek yn [[Caithness]], [[Ross (Skotlân)|Ross]] en [[Sutherland]], yn it noarden fan it Skotske fêstelân. Oare fêstigingsgebieten foar fral [[Denemark|Deenske]] kolonisten wiene [[Kumbria]] en noardeastlik [[Ingelân]]. Dêrtroch waarden de ferbinings mei [[Ierlân]] dreger makke, en dy mei [[Ingelân]] en it [[Jeropa|Jeropeeske fêstelân]] suver trochsnien. Fan gefolgen waarden de ûnderlinge bannen tusken de Pikten en Gaelen oanhelle en fuortsterke, in oanhâldend proses dat in heale ieuiuw letter ta it wiere ûntstean fan in feriene Skotlân liede soe. Sadwaande kin men dus stelle dat Kenneth wol deeglik de grûnslach foar it lettere Skotske keninkryk lein hat.
 
==Dea en neiteam==