Skotsk-Gaelysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanf
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
| ISO 639-3 = gla
}}
It '''Skotsk-Gaelysk''' (Skotsk-Gaelysk: ''Gàidhlig''; [[Ingelsk]]: ''Scottish Gaelic'') is in [[Keltyske talen|Keltyske]] [[taal]] dy't lânseigen is yn it [[Grut-Brittanje|Britske]] lânsdiel [[Skotlân]]. Nei ieuweniuwen fan tebekgong is it taalgebiet no beheind ta de noardwestlike [[Skotske Heechlannen]] en de [[Hebriden]]. It Skotsk-Gaelysk hat gjin offisjele status, mar genietet sawol yn Skotlân as yn in diel fan [[Kanada]] erkenning as in [[minderheidstaal]]. Neffens gegevens út [[2011]] wie it Skotsk-Gaelysk doe de [[memmetaal]] foar 57.400 [[Skotten]] en 350 [[Kanada|Kanadezen]]. It Skotsk-Gaelysk moat net betize wurde mei it [[Skotsk]], dat in hiele oare taal is.
 
==Etymology==
Rigel 27:
 
==Skiednis==
Tradysjoneel waard tocht dat it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân brocht wie troch de [[Gaelen]] dy't yn 'e [[sechsde ieuiuw]] massaal fan Ierlân nei Skotlân ferfearen, en dêr in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk [[Dalriada]]. Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin [[argeology]]sk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. Argeolooch [[Ewan Campbell]] hâldt it der sadwaande op dat mei [[skipfeart]] en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske [[kultuer]] oan wjerssiden fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]] ûnderstipe waard.
 
Oarspronklik moat der yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] in [[dialektkontinuum]] west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk, wêrby't it Manksk dan ek wer oansleat by it Skotsk-Gaelysk fan 'e Hebriden. Hoewol't de dialekten oan wjerskanten fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]], it smelste part fan 'e [[Ierske See]], no útstoarn binne, toane gegevens fan 'e midden fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] oan dat dy dialekten doe noch suver naadleas yninoar oergiene. Pas nei de [[tolfde ieuiuw]] ûntjoech it Skotsk-Gaelysk him ta in selsstannige taal dy't net mear ûnderling fersteanber wie mei it Iersk of it Manksk. Troch de politike uny tusken Dalriada en it keninkryk fan 'e [[Pikten]], dy't yn [[843]] sletten waard, koe it Skotsk-Gaelysk him úteinlik ûntjaan ta de nasjonale taal fan Skotlân, wêrby't it it [[Piktysk]] yn it easten en noardeasten en it nau oan it [[Welsk]] besibbe [[Kumbrysk]] yn it súdwesten ferkrong.
[[File:Gaelic1400Loch.png|right|thumb|200px|De taalsitewaasje yn [[Skotlân]] omtrint [[1400]]. <br>{{Color box|#0000FF}} Skotsk-Gaelysk<br> {{Color box|#ff0}} [[Skotsk]]]]
 
Sels waard it Skotsk-Gaelysk fan 'e [[trettjinde ieuiuw]] ôf stadichoan wer tebekkrongen troch it [[Skotsk]], dat yn dy snuorje fanút syn kearnkrite yn it súdeasten fan Skotlân syn taalgebiet begûn út te wreidzjen. Oant likernôch [[1495]] wie it yn Skotlân wenst om it Skotsk-Gaelysk ''Scottis'' ("Skotsk") te neamen, wylst it Skotsk fan ''Inglis'' of ''Ynglis'' ("Ingelsk") hiet. Mar omtrint dy tiid waarden de rollen omdraaid: it Skotsk kaam doe ''Scottis'' te hjitten, wylst it Skotsk-Gaelysk fan ''Erse'' ("Iersk") neamd waard. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk").
 
Dy beneaming kaam fuort út it gebrûk fan it saneamde [[Klassyk Gaelysk]] troch frijwol de hiele geletterde Skotsk-Gaelysktalige [[klasse (maatskippij)|klasse]]. It Klassyk Gaelysk wie nammentlik in tige behâldende [[literatuer|literêre]] taalfoarm, dy't ek yn Ierlân yn gebrûk wie. Der wie doedestiden dus amper ferskil tusken it skreaune Skotsk-Gaelysk en it skreaune Iersk. Pas doe't it Klassyk Gaelysk yn ûnbrûk rekke&nbsp;– en dat wie iroanysk genôch yn deselde tiid dat men dermei úteinsette om it Skotsk-Gaelysk foar "Iersk" te fersliten&nbsp;– begûn it skreaune Skotsk-Gaelysk eigen literêre foarmen te ûntwikkeljen.
[[File:Gaelic1400nich.png|left|thumb|200px| De taalsitewaasje yn [[Skotlân]] omtrint [[1500]]. <br>{{Color box|#0000FF}} Skotsk-Gaelysk<br> {{Color box|#ff0}} [[Skotsk]]<br> {{Color box|#F87217}} [[Norn]]]]
 
Nei't it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân as hoftaal ôfdien hie, waard it as bestjoerstaal noch lang yn eare holden yn 'e [[Hearlikheid fan de Eilannen]], dy't de [[Hebriden]] omfieme. Boppedat wie it de tradysjonele taal fan 'e Heechlânske [[Skotske klans|klans]], dy't in rike [[bard]]yske tradysje hiene, sadat de Skotsk-Gaelyske literatuer lange tiid fral troch [[mûnlinge oerlevering]] bestie. De definitive nederlaach fan 'e klans yn 'e [[Jakobityske Opstân fan 1745]] en de ferfolging dêr't hja neitiid ûnder te lijen hiene, foarme dan ek in grutte klap foar it Skotsk-Gaelysk. Yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] folge in nije klap troch de saneamde [[Heechlânske Frijmakkings]] (''Highland Clearances''), wêrby't tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun waarden dy't harren famyljes faak al ieuwenlangiuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep. It grutste part fan 'e ûnteigene en fan har lân ferdreaune klanleden hie gjin oare kar as om te [[emigraasje|emigrearjen]], om yn in nij lân op 'e nij te begjinnen.
 
In oare tsjinramp wie de Taalwet foar Skotlân, fan [[1872]], dy't it Skotsk-Gaelysk straal negearre, en derta late dat it generaasjes Skotsk-Gaelysktaligen ferbean waard om harren memmetaal op skoalle te praten. Dy ferfolging gie sa lang troch dat der yn [[2015]] noch lju yn libben wiene dy't har noch skoan tebinnenbringen koene hoe't se as bern in wan bruien fan master krigen hiene om't se wat yn it Skotsk-Gaelysk seine. Pas yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] begûn de hâlding foar minderheidstalen as it Skotsk-Gaelysk oer te feroarjen, mar tsjin dy tiid wie de taal al oan 'e râne fan 'e ôfgrûn brocht. De earste skoalle dêr't ientalich ûnderwiis yn it Skotsk-Gaelysk jûn waard, wie de ''Sgoil Ghàidhlig Ghlaschu'' ("Skotsk-Gaelyske Skoallen fan Glasgow"), dy't yn [[2006]] yn 'e [[Glasgow|Glasweechske]] wyk Woodside iepene waard.
 
==Taalstatus==
Rigel 51:
Neffens gegevens fan 'e Britske folkstelling fan [[2011]] wiene der doe rom 57.000 (om persiis te wêzen 57.375) [[memmetaal]]sprekkers fan it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân. Dat kaam del op 1,1% fan 'e totale Skotske befolking. Nochris likernôch 30.000 oare lju sprieken it Skotsk-Gaelysk as [[twadde taal]], wêrmei't it totale sprekkerstal yn Skotlân op justjes mear as 87.000 minsken útkaam (om persiis te wêzen: 87.056). Mei't dat oantal neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2001]] noch op 93.282 lei, wie de taal yn tsien jier tiid 6.226 sprekkers efterútbuorke. Dy tebekgong is it gefolch fan it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes, dy't fierwei de measte Skotsk-Gaelysksprekkers omfiemje; it tal sprekkers fan ûnder de tweintich jier wie yn deselde perioade krekt tanommen.
 
De ierste sifers op dit mêd datearje út [[1755]], doe't der noch krapoan 290.000 Skotsk-Gaelysktaligen yn Skotlân wiene, dy't dêr 22,9% fan 'e befolking útmakken. Yn [[1800]] wiene der hast 298.000 sprekkers, mar tsjin dy tiid makken dy noch mar 18,5% fan 'e befolking út, mei't tsjin dy tiid de befolking al flugger groeide as it sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk. Tsjin [[1901]] wie it sprekkerstal omleech gien oant omtrint 230.000, en yn [[1951]] wiene der noch mar goed 95.000 memmetaalsprekkers. Fral yn 'e earste helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] rekke it mei it Skotsk-Gaelysk dus raar yn it neigean, wylst de twadde helte fan 'e ieuiuw in stadige efterútgong sjen lit, nei 89.000 yn [[1971]] (wêrûnder trouwens noch 477 minsken dy't gjin wurd Ingelsk sprieken), fia 83.000 yn [[1981]] en 66.000 yn [[1991]] nei 59.000 yn [[2001]].
[[File:Scots_Gaelic_speakers_in_the_2011_census.png|left|thumb|220px|De fersprieding fan Skotsk-Gaelysktaligen yn [[Skotlân]] neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2011]].]]
 
Rigel 106:
It hjoeddeiske Skotsk-Gaelysk kin suver better omskreaun wurde as [[Heechlânsk-Gaelysk]], mei't alle [[Leechlânsk-Gaelysk]]e [[dialekt]]en no útstoarn binne. Histoaryske boarnen wize út dat de dialekten fan eastlik en súdlik Skotlân in stik behâldender wiene yn harren taalûntjouwing as de dialekten fan 'e Heechlannen en de Hebriden. Ek hjoed de dei noch hawwe de eastlikste dialekten de meast argayske eleminten; sa hawwe yn it dialekt fan eastlik [[Sutherland]] de plofkanken [b], [d] en [ɡ] harren oarspronklike útspraak beholden.
 
It lêste Leechlânske dialekt dat útstoar wie dat fan 'e lânstreek [[Gallowegen]], yn it súdwesten fan Skotlân. Dat [[Galloweechsk]] hold it út oant de [[achttjinde ieuiuw]], doe't it úteinlik de striid mei it [[Skotsk]] ferlear. Neffens in referinsje yn it boek ''The Carrick Covenanters'', fan [[James Crichton]], soe it doarp [[Barr (Skotlân)|Barr]], yn 'e krite [[Carrick (Skotlân)|Carrick]], it lêste plak yn it leechlân west hawwe dêr't noch Skotsk-Gaelysk sprutsen waard, al wurdt dêrby net fermeld wannear't dat wie.
 
Der is gjin bewiis dat der in linguïstyske grins bestie tusken it leechlân en de Heechlannen, dus de oantsjuttings fan Heechlânsk-Gaelysk en Leechlânsk-Gaelysk binne mear [[geografy]]sk as [[taalkunde|taalkundich]]. Ek it Skotsk-Gaelysk dat hjoed de dei noch sprutsen wurde, fariëarret net sa'n protte dat der fan aparte dialektgroepen sprutsen wurde kin, mooglik mei útsûndering fan 'e dialekten fan [[Arran (eilân)|Arran]] en [[Kintyre]], dy't wat mear ôfwike fan 'e rest.
 
Dochs besteane der wol regionale ferskillen, bygelyks oangeande de "smelle" r, dy't op it eilân [[Lewis (eilân)|Lewis]] hielendal net as in r útsprutsen wurdt, mar ynstee as de [ð] (de [[stimhawwende th]] fan it Ingelske ''this''). Oer it dialekt fan Lewis wurdt trouwens faak sein dat it in unyk [[Noardgermaanske talen|Skandinavysk]] [[aksint (taalkunde)|aksint]] hat (en dat strykt mei it feit dat har yn 'e MidsieuwenMidsiuwen in soad [[Noarwegen|Noarske]] [[Wytsingen]] op it eilân nei wenjen set hawwe). Fierders hat it Skotsk-Gaelysk sa't dat sprutsen wurdt op it [[Kanada|Kanadeeske]] [[Kaap Bretoneilân]] en yn guon oare dielen fan [[Nij-Skotlân]] him troch de jierren hinne fanwegen brekme oan kontakt mei it Skotsk-Gaelysktalige diel fan Skotlân ta in dialekt op himsels ûntjûn, dat [[Kanadeesk-Gaelysk]] neamd wurdt.
 
==Keppelings om utens==