Strân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. oars net
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Steilküste bei Ahrenshoop.jpg|thumb|[[Meklenburch-Foarpommeren|Pomerania Beach]] ''(Darss)'']]
[[Ofbyld:Strand zeeuwsvlaanderen.JPG|thumb|''Strân yn SieuskSiuwsk-Flaanderen (Nieuwvliet)'']]
[[Ofbyld:Strand Katwijk.jpg|thumb|''In strân wurdt faak brûkt as rekreaasjegebiet'']]
[[Ofbyld:Playas Accesibles.svg|thumb|''In symboal fioar in strân dat begeanber is foar rôlstuollen'']]
In '''strân''' is in stripe lân mei in bytsje of gjin [[fegetaasje]] by in wetter (in [[see]], [[oseaan]] of in [[mar (wetter)|mar]]) lâns. In strân rint nei de see ta ôf en giet oer yn de seeboaiem.
 
Meastentiids bestiet in strân út benammen [[sân]] ('sânstrân'), soms út benammen keizels ('keizelstrân') of skulpen ('skulpestrân'). Guon strannen besteane út fulkanysk sân en binne swart fan kleur. In strân is in bytsje of net begroeid, hoewol't op rêstige strannen, lykas op it eilân [[Skiermûntseach]] en by [[Nieuwvliet]] yn [[SieuskSiuwsk-Flaanderen]] der lokaal wol wat [[halofyl|sâltplanten]] groeie, en wat [[helmgers]]. Soms wurde ek mooglike oanwêzige [[Dún|dunen]] ta it strân rekkene. In kuststripe dy't út fêster materiaal bestiet, lykas rotsen, of dy't begroeid is, wurdt faak [[ouwer]] neamd.
 
In strân by in see of oseaan lâns, rint (diels) ûnder wetter as it [[floed]] is. Meastal bliuwt in grut stik strân droech, mar by útsûnderlike omstannichheden ([[springfloed]] ), oanlannige [[Wyn (meteorology)|wyn]]) kin it heule strân ûnderstrûpe. De boppegrins fan it strân (dêr't de begroeiïng begjint) jout dus ek oan hoe fier it wetter komme kin.
 
Op in strân oan in see of oseaan fynt men oer it generaal [[seewier]], [[skulp]]en en [[skiiffkwallen|kwallen]]. Ek spiele in soad oare dingen oan, lykas wrekhout, ôffal, dingen dy't fan skippen ôffallen binne. [[Strânjutter]]s sykje om weardefolle dingen dy't op it strân te finen binne. Earder ( [[MidsieuwenMidsiuwen]]) bestie it [[strânrjocht]]: it rjocht fan de lânhear of de lokale befolking op alles wat op it strân oanspielde. Tsjintwurdich bliuwt yn de measte westerske lannen dat wat oanspielt fan de rjochthawwende (meast de eigener).
 
In strân wurdt faak brûkt as [[rekreaasje]]gebiet, benammen by't simmer. Der kin dan sinnebaaid, yn de see swommen, sânkastielen boud wurde en folle mear. [[Sylweinride]] en [[strânfollybal]] binne typyske strânsporten. Hjerstmis wurdt it strân brûkt om út te waaien.