Hear (titel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
 
==Jongere hearlikheden==
De âldste hearlikheden kamen fuort út in [[allodium]] of eigengoed, in gebiet dêr't de hear [[soevereiniteit|soeverein]] wie en dus absolute macht hie. Neigeraden dat him letter it [[feodaal stelsel|feodale stelsel]] ûntjoech, rekken sokke legere eallju har totale ûnôfhinklikheid kwyt en waarden se teminsten ûnderhearrich oan 'e ien hege [[lienhear]], dat yn it gefal fan 'e Nederlannen de keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]] wie, mar yn oare lannen bgl. de kening fan [[Frankryk]] of [[Ingelân]] wêze koe. Tsjin dy tiid koe sa'n lienhear ek nije hearlikheden skeppe troch lapen lân út te jaan oan eallju dy't er begeunstigje woe, yn ruil foar in beskate fergoeding dy't ornaris op [[kriich]]stsjinst berêste. Sokke jongere hearlikheden wiene dus nea folslein selsstannich. Op dy wize ûntstiene oant yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] noch nije hearlikheden.
 
==Rjochten fan hearen==
Rigel 16:
 
==Foarbylden==
Ien fan 'e mar in hantsjefol hearlikheden yn 'e [[Nederlannen]] dy't oant [[1795]] ta (doe't mei de [[Frânske Tiid]] in ein oan it feodaal regear kaam) folslein selsstannich wisten te bliuwen, wie de [[hearlikheid Ravenstein]], yn wat no [[Noard-Brabân]] is. In oare ûntwikkeling makke [[hearlikheid Mechelen|Mechelen]] troch, dat ek selsstannich bleau, mar troch fererving mei de oare Nederlannen yn 'e hannen fan [[Karel V]] kaam en letter fia dy syn soan [[Filips II fan Spanje]] ta de [[Spaanske Nederlannen]] kaam te hearren (mar dêrbinnen oant 1795 wol in eigen bestjoer hold). [[Fryslân]] waard nei it ôfskaffen fan 'e [[Fryske Frijheid]], yn [[1498]], ek in hearlikheid, en bleau dat yn namme oant [[1795]], ek al makke it fan [[1582]] ôf diel út fan 'e [[Republyk fan 'e Feriene Nederlannen]]. [[It Amelân]], ta einbeslút, wie in frijhearlikheid (mei in frijhear of frijfrouwe oan it haad), dy't yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] in hoart ûnder [[Hollân]]sk bewâld stie, mar tsjin 'e [[santjinde ieuiuw]] syn ûnôfhinklikens opeaske en ek ynternasjonaal as in selsstannich steatsje erkend waard, oant it yn [[1795]] by de rest fan Nederlân kaam.
 
{{boarnen|boarnefernijing=