Borough: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
In '''''borough''''' (útspr. ['bɔɹə], "borre", of ['bɔɹo:], "borroo") is in foarm fan bestjoerlike yndieling yn ferskate [[Ingelsk]]talige [[lân|lannen]]. De term komt fan it [[Oergermaansk]]e *''burg'', dat "fêsting" betsjut. Yn oare [[Germaanske talen]] komt men ôfstammelingen fan dat wurd tsjin as "boarch" ([[Frysk]]), ''burcht'' ([[Nederlânsk]]), ''burgh'' ([[Skotsk]]), ''Burg'' ([[Dútsk]]), ''buerg'' ([[Lúksemboarchsk]]) en ''borg'' (de [[Noardgermaanske talen|Skandinavyske talen]]). Yn it Ingelsk bestiet fierders ek de ferkoarte foarm ''brough'' (bgl. yn 'e plaknamme [[Broughton]]).
 
Yn 'e [[Iere MidsieuwenMidsiuwen]] stifte kening [[Alfred de Grutte]] yn [[Ingelân]] tal fan ''burhs'', fersterke plakken, om 'e ynfallen fan 'e [[Wytsingen]] tsjin te gean. Yn 'e lettere [[MidsieuwenMidsiuwen]] kamen dêrút de ''boroughs'' fuort, Ingelske delsettings dy't selsbestjoerend wiene (dus net ûnder it bewâld fan in [[ealman]] foelen), en dy't dêrom fertsjintwurdigers nei it Ingelske [[parlemint]] stjoere mochten. Tsjintwurdich kinne ''boroughs'' yn Ingelsktalige lannen faak (mar net altyd) lykslein wurde mei [[Nederlân]]ske [[dielgemeente]]n (bgl. de ''boroughs'' fan [[New York-Stêd]], [[Londen]] en [[Montreal]]). Sokke ''boroughs'' hawwe mar beheinde bestjoerlike macht, dy't ôfstien is troch de [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] dêr't se ta hearre. Yn [[Alaska]], lykwols is ''borough'' de beneaming foar de [[county (Feriene Steaten)|countys]] fan 'e steat.
 
''Boroughs'' komme foar yn 'e [[Feriene Steaten]] (yn ferskate betsjuttings; sjoch [[borough (Feriene Steaten)|''borough'' (Feriene Steaten)]]); yn [[Ingelân]], [[Noard-Ierlân]] dn de [[Kanada|Kanadeeske]] [[provinsjes fan Kanada|provinsje]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]] (en earder ek yn [[Ontario]]). Yn [[Australaazje]] kamen se foarhinne ek foar yn [[Nij-Seelân]], mar no net mear. [[Austraalje (lân)|Austraalje]] omfiemet noch ien inkele ''borough'' ([[Queenscliffe Borough]]).